De term "A-Team", yn 'e sin fan it earste en bêste team, is in bynamme dy't troch de kommando's fan it Amerikaanske Leger brûkt wurdt foar wat formeel Operasjoneel Detasjemint Alpha (ODA) hjit. De term rekke ûnder de Fjetnamoarloch yn it Amerikaanske militêrjargon ynboargere.
De pilotôfleveringMexican Slayride waard op 30 jannewaris1983 útstjoerd, fuort nei de Superbowl, it kampioenskip fan it Amerikaansk fuotbal, en hie mei dêrom tige hege sjochsifers. Yn it fjirde seizoen rekke it lykwols mei de sjochsifers yn it neigean, en yn it fyfde seizoen boaze dat noch fierder oan, nettsjinsteande de feroarings dy't oan 'e searje oanbrocht waarden. Sadwaande loek NBC úteinlik yn maart1987 de stekker derút. Alle fiif seizoenen fan The A-Team waarden yn 2007 troch Universal Pictures Home Entertainment op dvd útbrocht.
Alle ôfleverings fan The A-Team stiene fierhinne op harsels, útsein ien of twa twadielige ôfleverings per seizoen. De ôfleverings waarden fierhinne makke nei in fêst stramyn, en befetten ek faak weromkearende eleminten, lykas de fleaneangst fan B.A. en in útwrydsk hichtepunt as it team syn tsjinstanners ferslacht troch wapens en pânserfiertugen te meitsjen fan âlde rommel en húsrêding.
Dat de sjochsifers yn it fjirde seizoen dramatysk omleech tommelen, wie neffens de Amerikaanske tillefyzjekritikus Gold Burt te witen oan it feit dat yn prinsipe al fjouwer seizoenen lang hieltyd itselde ferhaaltsje opdist waard. Yn reäksje dêrop waarden yn it lêste seizoen fan 'e searje ferskate feroarings trochfierd. Sa wie it A-Team oant dy tiid hieltyd beselskippe troch in froulike helpster, yn seizoen 1 en 2 troch sjoernaliste Amy Allen (Melinda Culea) en yn seizoen 3 en 4 troch in oare sjoernaliste, Tawnia Baker (Marla Heasley). Yn seizoen 5 soe ek sa'n soarte personaazje opfierd wurde, Tia, in weesbern út 'e Fjetnamoarloch dat no, as folwoeksen frou, yn 'e Feriene Steaten wennet, spile troch Tia Carrere. Dy rol waard lykwols skrast.
Ynstee waard it A-Team einlings en te'n lêsten finzennommen troch de militêre plysje. Generaal Hunt Stockwell (Robert Vaughn), in mysterieuze spesjaal agint fan 'e CIA, stelt harren foar om ferskate tige gefaarlike misjes foar him út te fieren, wêrnei't hy derfoar soargje sil dat se folsleine amnesty krije. Dêrfoar moatte se earst wol op 'e nij útbrekke út it tichthûs en om dat te bewurkmasterjen, lit er harren sabeare terjochtstelle troch in fjoerpeloton. Syn hantlanger Frankie Santana (Eddie Velez) jout him neitiid by it team as ekspêr op it mêd fan springstof en oare spesjale effekten. De misjes dy't it team dêrnei ta in goede ein bringe moast, ferskilden frijwat fan dy út 'e eardere seizoenen, en hiene mear te krijen mei spionaazje as mei it yninoar slaan fan drugsdealers of ynklauwerige grutgrûnbesitters. Sa moasten se û.m. in diktator ûnder fuotten helje, in wittenskipper út 'e DDR rêde en geheime Amerikaanske regearingsynformaasje weromstelle fan 'e Sovjet-Uny.
De feroarings yn it fyfde seizoen foelen lykwols net yn 'e smaak by de fans, dat de sjochsifers giene fierder omleech. Sadwaande kamen fan it lêste seizoen yn 'e Feriene Steaten mar trettjin ôfleverings op 'e tillefyzje, foar't de searje stopsetten waard. By útstjoerings yn oare lannen en territoaria waard it fyfde seizoen faak hielendal fuortlitten. Yn 'e alderlêste ôflevering, The Grey Team, beprate de leden fan it team wat se dwaan sille as se einlings amnesty krije, en de ymplikaasje is dat se fierhinne itselde dwaan sille dat se altyd al dien hawwe.
The A-Team is troch oanhâldende werhellings noch altyd prominint yn 'e Westerskepopkultuer. Guon fan 'e wichtichste eleminten fan 'e searje binne datoangeande it suver cartooneskegeweld, wêrby't mar komselden immen earnstich ferwûne rekket, it fermogen fan 'e haadpersoanen om wapens en fiertugen te meitsjen út âlde rommel en wat reserve-ûnderdielen, en de opfallende titelmuzyk. De fêste útspraak fan Hannibal Smith "I love it when a plan comes together" (frij fertaald: "Geweldich as in plan slagget") is ek noch altyd rûnom bekend. Itselde jildt foar it swarteChevrolet G20-buske mei de diagonale reade streek op 'e sydkant, dy't it fêste ferfiermiddel fan it team wie.
The A-Team makke de karriêre as akteurs fan Mr. T en Dwight Schultz. De searje waard trije kear nominearre foar in Emmy Award. De earste kear wie yn 1983, foar de pilotôflevering, yn 'e kategory treflike lûdsmixing foar in searje. De twadde kear wie yn 1984, foar de ôfleveringWhen You Comin' Back, Range Rider?, op 'e nij yn 'e kategory treflike lûdsmixing foar in searje. En de trêde kear wie yn 1987, foar de ôflevering Firing Line, foar treflike lûdsmontaazje foar in searje.
Yn 2010 waard op basis fan 'e searje fierders in film makke, dy't ek The A-Team hiet. Dêryn komme deselde personaazjes foar, hoewol fansels (nei tritich jier) spile troch oare akteurs, mar fierders hat de film net folle mei de searje te krijen. De film krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy en prestearre teloarstellend yn 'e bioskopen, sadat it neat waard mei in ferfolchfilm.