De Fox Broadcasting Company is ferneamd nei de filmstudio20th Century Fox, dêr't de stjoerder oarspronklik in 'susterbân' mei ûnderhold om't se deselde memme-ûndernimming hiene. (20th Century Fox waard yn 2019 oankocht troch The Walt Disney Company, mar is noch altyd de grutste leveransier fan programma's dy't troch de Fox Broadcasting Company útstjoerd wurde.) Yndirekt is de Fox Broadcasting Company sadwaande ferneamd nei filmprodusintWilliam Fox, dy't yn 1915 de filmstudio Fox Film oprjochte, ien fan 'e rjochtsfoargongers fan 20th Century Fox.
Yn 'e earste helte fan 'e 2000-er jierren begûn Fox foar it earst ABC en NBC op it mêd fan sjochsifers te ferslaan, earst oangeande beskate leeftydsgroepen, mar letter ek oangeande it totale sjoggerspublyk. Dêrmei besette it netwurk fan 2002 ôf it twadde plak efter CBS. Yn 2005 wie Fox sels it bêst besjoene Amerikaanske tillefyzjenetwurk foar de leeftydskategory 18 oant 49 jier, wat benammen te tankjen wie oan 'e ûnbidige populariteit fan 'e talintejachtAmerican Idol. En yn maaie2008 stribbe Fox CBS foarby as it bêst besjoene Amerikaanske tillefyzjenetwurk foar alle leeftydsgroepen, in prestaasje dy't taskreaun waard oan 'e tillefyzjeregistraasje fan 'e Super Bowl yn kombinaasje mei it súkses yn it foargeande seizoen fan American Idol en de sikehûssearjeHouse. Yn it seizoen 2012-2013 sakke Fox lykwols werom, en dy tebekgong sette troch yn it seizoen 2013-2014, doe't alle trije grutte tillefyzjenetwurken Fox foar it earst sûnt 2001 foarbygiene op it mêd fan sjochsifers. Yn it seizoen 2015-2016 bettere de sitewaasje foar Fox lykwols op, doe't it netwurk ABC ynhelle en it trêde plak besette.
Fox stjoert út fia de eter mei 'eigen' tillefyzjestasjons yn Chicago, Houston, Los Angeles, New York en Washington, D.C. (It oarspronklike stasjon yn Dallas is yn 1995 ferkocht.) Dêrmei kin likernôch 20% fan it Amerikaanske sjoggerspublyk berikt wurde. Dêrnjonken operearret Fox fia selsstannige lokale tillefyzjestasjons wêrmei't formele ôfspraken sletten binne yn 'e foarm fan in kontrakt. Sokke stasjons hjitte yn it Amerikaanske tillefyzjejargonaffiliates ("affiliëarden"). Sadwaande hat Fox in frijwol folslein nasjonaal berik yn 'e Feriene Steaten, en fia affiliates dy't útstjoere deunby de noard- of súdgrins kin de stjoerder ek yn grutte dielen fan súdlik Kanada en noardlik Meksiko ûntfongen wurde.
Op 'e tillefyzjestjoerders fan syn affiliates stjoert de Fox Broadcasting Company út op primetime, yn 'e iere jûn: twa oeren op moandei oant en mei sneon en trije oeren op snein. De rest fan 'e stjoertiid wurdt folle troch de affiliates sels. Dat is minder stjoertiid as de Grutte Trije fan harren affiliates brûke; ABC, CBS en NBC stjoere dêr nammentlik fan moandei oant en mei sneon trije oeren en op snein fjouwer oeren út. In oar ferskil fan Fox mei de Grutte Trije is dat Fox fia syn affiliates gjin nasjonaal nijsprogramma of lanlike aktualiteiterubryk útstjoerd, wylst de Grutte Trije dat wol dogge.