It streekte grûniikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 22-29 sm, mei in sturtlingte fan 19-26 sm en in gewicht fan ½-1 kg. De pels bestiet út koarte, boarstelige hierren, dy't oer it grutste part fan har liif bêzje-eftich oant dûnkerbrún binne. De bealch is lykwols witich en suver keal. In smelle streek sniewyt hier rint oer fangen, en dat is wêr't streekte grûniikhoarntsjes har namme oan tankje. It hier fan 'e sturt is folle langer as dat op 'e romp, sij it net sa lang as by beamiikhoarntsjes. Likegoed kin fan in plomsturt sprutsen wurde. De earen binne lyts en de snút is smel en spits. Oan 'e poaten sitte lange, rjochte klauwen. Streekte grûniikhoarntsjes lykje sterk op Kaapske grûniikhoarntsjes en berchgrûniikhoarntsjes, mar behalven dat se yn in hiel oar diel fan Afrika foarkomme, kinne se fan dy soarten ek ûnderskaat wurde trochdat de wyfkes fan it streekte grûniikhoarntsje trije pear oeren hat ynstee fan twa pear.
Hâlden en dragen
Streekte grûniikhoarntsjes binne herbivoaren dy't allinnich oerdeis yn 't spier binne. Se bringe suver har hiele libben yn hoalen ûnder de grûn troch, al binne se der neat te skruten foar om yn strewellen te klimmen om in itensboarne te berikken. Se frette alderhanne sieden, nuten en woartels, wêrûnder ek dy fan lânbougewaaksen as kassaves, jams, swiete jirpels, pinda's en katoen. Soms folje se har dieet oan mei ynsekten en fûgelaaien. Se foerazjearje yn in wengebiet dat, yn it drûge terrein dat karakteristyk foar streekte grûniikhoarntsjes is, sa'n 12 ha beslacht, al oerlaapje de sokke wengebieten inoar gauris. Hoewol't se har territoarium ôfsette mei geurflaggen, lykje se it net tsjin ynkringers te ferdigenjen.
De nacht bringe streekte grûniikhoarntsjes troch yn har hoale, dy't se sels grave mei har grutte klauwen. Soms slane se dêr ek itensfoarrieden yn op, al wurde dy faker op in ôfstân fan 'e hoale weibrocht op in sideplak, lykas ûnder guon stiennen of deade blêden. It streekte grûniikhoarntsje libbet solitêr of soms yn pearkes, en begroetet soartgenoaten troch inoar mei de noazen tsjininoar oan te besnuffeljen. Hy beweecht him fuort op in huppende wize, wêrby't er geregeldwei hohâldt om syn om-en-by yn 'e rekken te hâlden. Syn sturt hâldt er nei efteren ta as er beweecht en omheech as er stilhâldt, en as er kjel wurdt, makket er him grou sa't katten dat ek dogge. Yn 'e peartiid sit it mantsje it wyfke nei, en in smeet bestiet yn 'e regel út 2-6 jongen. Yn finzenskip kinne streekte grûniikhoarntsjes seis jier wurde. Har natuerlike fijannen binne de serval, jakhalzen en ferskate rôffûgel- en slangesoarten.