Yn it Let-Pleistoseen en Ier-Holoseen wiene eksimplaren fan 'e populaasje yn Ruslân teminsten 10% grutter as eksimplaren fan lykfol hokker hjoeddeistige populaasje. Dêrom waard de eardere Russyske populaasje oarspronklik beskreaun as in selsstannige soarte, Lepus tanaiticus, mar it tinken is no dat it gjin aparte soarte wie, mar ynstee in prehistoaryskmorfotype fan 'e gewoane sniehazze.
Uterlike skaaimerken
De sniehazze is krekt wat lytser as de gewoane hazze. It bist hat trochinoar in kop-romplingte fan 45–60 sm, mei in sturtlingte fan 4–8 sm en in gewicht fan 2,5–4,2 kg. De wyfkes binne justjes swierder as de mantsjes. De útstykjende earen mjitte 7–10 sm yn lingte. Simmerdeis is de pels by alle populaasjes brún (noris wat ljochter útskaaiend, dan wer wat dûnkerder). By 't winterferhierje de measte populaasjes, wêrby't it brún ferfongen wurdt troch in wite of fierhinne wite pels. De sturt bliuwt it hiele jier rûn wyt, wêrmei't de sniehazze him ûnderskiedt fan 'e gewoane hazze, dy't in sturt hat mei swarthier oan 'e boppekant en wyt hier oan 'e ûnderkant.
De Ierske hazze (Lepus timidus hibernicus), de westlikste ûndersoarte, hâldt it hiele jier rûn in brune pels. Dêr komt ek in goudbrune fariant foar, benammen op it lytse eilantsje Rathlin. De yntrodusearre sniehazzen op 'e Fêreu-eilannen wurdt winterdeis net wyt mar griis, wat nei alle gedachten feroarsake wurdt troch in genetyskemutaasje yn 'e frij behindige populaasje.
De sniehazze is benammentlik in nachtdier. It foerazjeargebiet en it plak dêr't er oerdeis rêst hâldt, kinne wol 1–2 km útinoar lizze. Oer it algemien leit it rêstplak berchop en it foerazjeargebiet berchôf. It rêstplak is ferskûle tusken rotsen en/of strewelleguod. Yn feangrûn grave se simpele hoalen fan 1–2 m lang. By 't winter meitsje sniehazzen in ûndjippe dobbe yn 'e snie om har yn del te jaan. De grutte fan it wengebiet ferskilt ôfhinklik fan it terrein en de jiertiid, en kin sadwaande útinoar rinne fan 15–100 ha. As der rom fretten foarhâns is, foerazjearje sniehazzen soms deun byinoar. Dêrby kinne se grutte groepen foarmje fan soms wol 70 eksimplaren, hoewol't se it meastepart fan it jier in solitêr bestean liede.
Yn 'e peartiid, dy't rint fan febrewaris oant en mei juny, binne sniehazzen behalven nachts faak ek oerdeis of alteast yn it skimertsjuster aktyf. By de rammen bestiet op foerazjearplakken in hierargy dy't basearre is op grutte en lichemsgewicht. Gefjochten om dominânsje te bepalen tusken twa bisten fan gelikense grutte fine plak tusken rammen ûnderling en tusken rammen en moerhazzen, mar net tusken moerhazzen ûnderling. De draachtiid duorret by de sniehazze 47–54 dagen, wêrnei't de moerhazze 1–7, mar meastal 2–4 jongen smyt. Der binne fan april oant septimber 1–3, mar almeast 2 smeten. De jongen wurde nei 4 wikenôfwûn, al duorret dat by de lêste smeet fan it jier faak wat langer. Sniehazzen binne yn har twadde jier geslachtsryp en hawwe in libbensspanne fan trochinoar 12 jier.
Fretten
Wat sniehazzen frette, ferskilt fan krite ta krite, ôfhinklik fan wat der beskikber is. Yn Skandinaavje, bygelyks, dêr't harren wengebiet in grut diel fan it jier beskûl giet ûnder in tsjûk pak snie, ite sniehazzen in protte twigen en beamskoars. Yn Ierlân, dêr't se (ek) yn it leechlân rûnom foarkomme, bestiet harren fretten foar 90% út gers. Dat is in heger persintaazje as by de Ierske populaasje fan 'e wylde knyn (Oryctolagus cuniculus), in besibbe soarte dy't bekendstiet as gersiter.
Relaasje mei oare soarten
Oare hazzesoarten
De poalhazze (Lepus arcticus), dy't yn Grienlân en noardlike dielen fan Kanada foarkomt, waard foarhinne beskôge as in ûndersoarte fan 'e sniehazze. Tsjintwurdich is lykwols dúdlik dat it om in selsstannige, sij it nau besibbe, soarte giet. Guon saakkundigen binne fan betinken dat de Ierske hazze (Lepus timidus hibernicus), de westlikste ûndersoarte fan 'e sniehazze, ek as in aparte soarte erkend wurde moat. Anno 2019 besteane der 15 erkende ûndersoarten fan 'e sniehazze.
Yn 'e súdlike dielen fan Noarwegen, Sweden en Finlân bekonkurrearje de sniehazze en de gewoane hazze inoar foar habitat. Mei't de gewoane hazze in slachje grutter is, ferdriuwt dy oer it algemien de sniehazze. Yn winterske omstannichheden is de better oanpaste sniehazze lykwols dúdlik yn it foardiel. Soms fine der krusings plak tusken de beide hazzesoarten.
De sniehazze hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er oer syn hiele ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Dat wol net sizze dat de sniehazze yn beskate regio's net swierrichheden ûnderfynt.
Yn 'e Alpen hat dit skrutene bist bygelyks te lijen ûnder it tanommen toerisme yn ferbân mei de wintersport. Ut in ûndersyk út 2019 die bliken dat sniehazzen yn gebieten mei in protte wintersport harren hâlden en dragen feroarje op in wize dy't mear enerzjy opbrûkt, mei as gefolch dat se ferlet hawwe fan mear iten as se oars hawwe soene yn in tiid dat fretten krap is.
Yn Skotlân kaam yn 2016 oan it ljocht dat sniehazzen yn 'e Skotske Heechlannen rûtinemjittich ôfsketten waarden troch dielnimmers oan betelle "jachtrûnliedings" en ek troch jachtopsjenners dy't har inkeld bekroadzje om 'e foar de jacht wichtige Skotske sniehin (Lagopus lagopus scotica). Under dy lju hearsket ntl. it net op bewizen stuolke leauwe dat sniehazzen sykten op sniehinnen oerbringe kinne. It ôfsjitten waard fierhinne stilholden, mar natoerbeskermers fan 'e organisaasje OneKind krigen boppe wetter dat it elts jier om tsientûzenen ôfsketten sniehazzen gie. Nei oanlieding fan 'e maatskiplike opskuor dy't dat nijs feroarsake, lei it Skotsk Parlemint by in stimming op 17 maaie2020 it near op it ûnfergund ôfsjitten fan sniehazzen.
Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van,Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770, s. 81–83.