Sansibar (Swahily: Unguja) is in eilân foar de kust fan East-Afrika, dat diel útmakket fan Tanzania. Mei de deunby lizzende eilannen Pemba en Mafia en ferskate lytsere eilantsjes foarmet Sansibar de arsjipel fan 'e Sansibareilannen, dy't fan âlds ek wol bekend stiet as de Speserij-eilannen (al wurdt dy term faker brûkt foar de Molukken). It grutste part fan 'e eilannegroep foarmet steatkundich in autonomerepublyk binnen Tanzania, dy't ek Sansibar hjit. It eilân Sansibar is it grutste en tichtst befolke eilân fan 'e Sansibareilannen. De wichtichste stêd, en teffens it bestjoerlike en ekonomyske sintrum, hjit ek al fan Sansibar, en stiet bekend om syn histoaryske binnenstêd Stone Town.
Geografy
It eilân Sansibar leit foar de eastkust fan Tanzania yn 'e Yndyske Oseaan. It is it grutste eilân fan 'e Sansibareilannen, en mjit sa'n 85 km fan noard nei súd en likernôch 30 km fan east nei west. It hat in licht heuvelich lânskip mei as heechste punt 120 m boppe seenivo, en in oerflak fan 1.464 km². Steatkundich is it eilân Sansibar ferdield yn trije bestjoerlike regio's:
Argeologyske fynsten tsjutte derop dat it eilân Sansibar teminsten al 20.000 jier troch de minske bewenne wurdt. Yn in Aldgrykske tekst dy't datearret fan tusken de earste en de trêde iuw, de Periplus fan de Erytreeske See, wurdt nei it eilân ferwiisd mei de nammen Μενουθιάς, Menuthias. Tsjin dy tiid waard Sansibar nei alle gedachten al bewenne troch etnyskeSwahily. Yn 'e twadde helte fan it earste milennium soarge de tanimmende hannel derfoar dat keaplju út Araabje, Perzje en Ynje nei it eilân ta kamen. It wiene de Perzen dy't de stêd Sansibar stiften by in ynham oan 'e westkust fan it eilân dy't besmoute wie tsjin stoarmen en boppedat te ferdigenjen wie tsjin fijannen. Dêrwei waard hannel dreaun mei de havenstedsjes op it Afrikaanske fêstelân, oan 'e saneamde Swahilykust.
Tsjin 1880 wie it Sultanaat Sansibar binnen de Britske ynfloedssfear lutsen, en yn 1890 waard it in Britsk protektoraat. Dy status behold it oant desimber1963, doe't it wer ûnôfhinklik waard. In moanne letter, yn jannewaris1964, fûn der in bloedige steatsgreep plak, wêrby't de lêste sultan fan Sansibar ôfset waard. Neitiid waard de Folksrepublyk Sansibar en Pemba útroppen, dy't fanwegen syn fierhinne marksistysk aard troch de Westerske grutmachten yn it ramt fan 'e oangeande Kâlde Oarloch mei arguseagen besjoen waard. Under ynternasjonale druk gie it jonge steatsje in fearnsjier letter, yn april1964, tegearre mei de Republyk Tanganjika op it Afrikaanske fêstelân op yn 'e nije Feriene Republyk Tanzania. Binnen dat nije lân krigen de Sansibareilannen in autonome status.
Demografy
Neffens gegevens fan 'e Tanzaniaanske folkstelling fan 2012 hie it eilân Sansibar doe 896.721 ynwenners, dy't foar it meastepart konsintrearre wiene yn 'e stêdSansibar en omkriten. Dy stêd is de grutste delsetting op it eilân en fungearret as haadstêd foar de autonome republyk Sansibar. Oare wichtige plakken op it eilân Sansibar binne: Mbweni, Mangapwani, Chwaka en Nungwi. De befolking fan it eilân bestiet grutdiels út etnyskeSwahily, hoewol't in grut part fan 'e ynwenners ek guon Arabyske foarâlden hat. De measte etnyske Arabieren binne lykwols nei de steatsgreep fan jannewaris1964 it eilân ûntflechte. De bewenners fan it eilân Sansibar sprekke ferskate dialekten fan it Swahily, wêrûnder Sansibareesk (Kiunguja) yn 'e stêd Sansibar en omkriten en Kimakunduchi en Kitumbatu op it plattelân. It Sansibareeske dialekt waard yn 1928 as basis nommen foar de gearstalling fan 'e Swahily-standerttaal.
Agraryske aktiviteiten, yn 'e foarm fan it ferbouwen fan krûdnagels en oare speserijen (wêrûnder nútmuskaat, kaniel en piper), foarmje noch altyd ien fan 'e pylders fan 'e eilânekonomy. Fierders is Sansibar it iennichste fan 'e Sansibareilannen dat in ûntwikkele toeristyske sektor hat, en de ynkomsten dy't dat fersoarget, foarmje de oare pylder fan 'e pleatslike ekonomy. Oare ekonomysk rillevante aktiviteiten binne de fiskerij en it ferbouwen fan seewier.
Trivia
It eilân Sansibar is it iennichste plak op 'e wrâld dêr't de Sansibarfranje-aap (Piliocolobus kirkii) foarkomt.