De namme 'Swahily' komt fan 'e meartalsfoarmsawāḥil (سواحل), fan it Arabyskesāḥil (ساحل), in eigenskipswurd foar "grins" of "kust" (bygelyks yn gearstallings as 'kustbewenners'). Ut ditselde wurd komt ek de namme Sahel fuort. Yn it Swahily wurdt oan 'e namme Swahili it foarheakselKi- tafoege om oan te jaan dat it om in taal giet.
Taalbesibskip
It Swahily heart ta de Niger-Kongoleeske talen (foarhinne de Niger-Kordofaanske talen neamd), ien fan 'e trije grutte taalfamyljes fan Afrika. Dêrbinnen falt it Swahily ûnder de Bantoe-talen, wêrfan't it taalgebiet hast de helte fan it Afrikaanske kontinint beslacht. Oare talen út dy kloft binne û.m. it Kikûjû (Kikuyu) fan Kenia, it Sjona (Shona) fan Simbabwe, it Swazy (Swazi) fan Swazylân en it Sûlû (Zulu) en Kosa (Xhosa) fan Súd-Afrika.
Taalgebiet
It Swahily is lânseigen oan 'e Swahilykust, in stripe lân yn East-Afrika by de kust fan 'e Yndyske Oseaan lâns, dy't rint fan súdlik Somaalje fia Kenia en Tanzania nei noardeastlik Mozambyk. Ek de eilannen foar dy kust, wêrûnder Sansibar, hearre ta it taalgebiet fan it Swahily. Datselde gou foarhinne foar de trije eilannen fan 'e Komoaren en it Frânskeoerseeske gebietsdielMajot, mar it Komoreesk, dat dêr de memmetaal fan hast de hiele befolking is, wurdt tsjintwurdich yn 'e regel as in selsstannige taal los fan it Swahily sjoen. In stik fan 'e noardpunt fan it grutte eilân Madagaskar wurdt noch wol ta it taalgebiet fan it Swahily rekkene.
It Swahily wie oarspronklik de taal fan 'e fiskerslju dy't de Eastafrikaanske kust bewennen fan wat letter Kenia en Tanzania wurde soe. Troch it yngeande kontakt dat dy fiskers hiene mei de bewenners fan 'e eilannen, lykas Sansibar, Pemba en de Komoaren, fersprate de taal him dêr al ier hinne, mooglik al fan 'e twadde iuw n.Kr. ôf. Fan 'e sechsde iuw ôf wreide it taalgebiet him ek út by de saneamde Swahilykust lâns, yn it noarden oant yn it hjoeddeistige Somaalje, en yn it suden oant yn wat no Mozambyk is, en teffens oersee nei noardlik Madagaskar.
De ierst oerlevere dokuminten dy't skreaun binne yn it Swahily binne guon brieven yn it Arabysk-Perzyske alfabet út 'e stêd Kilwa Kisiwany, dy't datearje fan 1711. De orizjinelen binne no op 'e noed fan it Histoarysk Argyf fan Goä, yn Yndia. In oare iere Swahily-tekst, út 1728, is in epysk gedicht yn it Arabysk-Perzyske alfabet, mei as titel Utendi wa Tambuka ("De Histoarje fan Tambuka").
Fan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw ôf krong it Swahily, dat oant dy tiid ta fierhinne op 'e see rjochte west hie, fanwegen de slavehannel fan 'e Arabieren en de kolonisaasje fan Afrika troch de grutmachten fan Jeropa ek troch yn it binnenlân. Nei't Dútslân yn 1886 in koloniaal bewâld fêstige hie oer Tanganjika (it fêstelân fan it hjoeddeistige Tanzania), waard it Swahily as de bestjoerstaal foar de nije koloanje oanwiisd, mei't it der de taal wie mei de grutste fersprieding. Hoewol't de Britten yn Kenia it Ingelsk ta offisjele taal makken, brûkten se dêrnjonken it Swahily as in lingua franca en foar spesifike doelen, lykas it trenen fan ynlânske troepen.
Doe't Dútslân oan 'e ein fan 'e Earste Wrâldoarloch al syn koloniale besittings ûntnadere waard, kaam Tanganjika as mandaatgebiet fan it Folkebûn en letter as trustgebiet fan 'e Feriene Naasjes ek ûnder Britsk bestjoer. De Britten fierden der it Ingelsk yn as offisjele taal, mar moedigen it gebrûk fan it Swahily oan as mienskiplike taal foar it leger ûnderwiis en as algemiene lingua franca. Ek yn Oeganda, dêr't it Swahily fan oarsprong hielendal net sprutsen waard, fierden de Britten it yn 'e koloniale tiid op lyksoartige wize yn. Dêrby waard ûnder auspysjes fan 'e koloniale machthawwers yn juny1928 in konferinsje belein yn Mombasa, wêrby't besletten waard dat it Sansibareeskedialekt (it Kiunguja) de basis wurde soe foar de Swahily-standerttaal.
Taalstatus
It Swahily is de offisjele taal fan Tanzania, njonken it Ingelsk, dat yn dat lân in legere status as it Swahily hat. Yn Kenia en Oeganda hawwe it Swahily en it Ingelsk in gelikense status as offisjele talen. Tanzania en Kenia fierden fuort nei it winnen fan har ûnôfhinklikheid, yn 1961, resp. 1963, it Swahily as offisjele taal yn, mar yn Oeganda gie it oars. Dêr krige it Swahily foar it earste in offisjele status yn 1970, ûnder it regear fan presidint Milton Obote. Neitiid naam Idi Amin de taal oer, mar nei't dy diktator yn 1978 ûnder fuotten helle wie, waard it wer ôfskaft. Yn 1992 waard it lykwols ûnder druk fan 'e tanimmende gearwurking mei Kenia en Tanzania as ferplichte fak op 'e legere skoallen ynfierd, en yn 2005 waard it wer in offisjele taal.
Neffens gegevens út 2007 wiene der doe likernôch 5 miljoen minsken dy't it Swahily as memmetaal sprutsen, benammen yn 'e kustregio's fan Kenia en Tanzania. Yn Tanzania hat likernôch 80% fan 'e befolking it Swahily oanleard as twadde taal, en foar Kenia jilde datoangeande ferlykbere sifers. Yn Oeganda is it gebrûk fan it Swahily as lingua franka beheind ta de noardlike parten fan it lân, mei't de Baganda, dy't fierwei de grutste etnyske groep yn it suden fan Oeganda foarmje, it ornaris net machtich binne. (De reden dêrfoar is dat der yn it noarden in protte lytsere folken libje, dy't foar ûnderlinge kommunikaasje op in mienskiplike taal oanwiisd binne, wylst de Baganda sa'n grutte groep foarmje dat se net folle kommunikaasje mei oare groepen nedich binne.)
Yn 'e Demokratyske Republyk Kongo sprekt likernôch de helte fan 'e befolking it Swahily as twadde taal, en begjint it it Lingala nei de kroan te stekken as wichtichste Afrikaanske taal. Yn Omaan wurdt it Swahily sprutsen troch likernôch 22.000 minsken, wêrby't it foar it meastepart giet om ôfstammelingen fan 'e lju dy't út Sansibar wei dêrhinne repatriëarre binne nei de fal fan it Sansibareeske sultanaat, yn jannewaris1964. Yn totaal wurdt rûsd dat der wrâldwiid mooglik wol 130 oant 150 miljoen twadde-taalsprekkers fan it Swahily binne.
Skrift
Oarspronklik waard it Swahily skreaun yn it Arabysk-Perzyske alfabet, wêrby't lykwols net folle oanpassings trochfierd waarden om oan 'e fonology fan it Swahily rjocht te dwaan. Soms diene har dêrtroch swierrichheden foar op it mêd fan it lêsbegryp. Tsjintwurdich wurdt it Swahily almeast skreaun yn it Latynske alfabet, dat yn 'e njoggentjinde iuw troch Jeropeeskesindelingen yn East-Afrika yntrodusearre waard.
Taaleigenskippen
Lienwurden
Yn it ferline hat it Swahily in tige sterke ynfloed fan it Arabysk ûndergien troch hannel en troch kontakt mei Arabysksprekkers oan 'e Swahilykust, mei as gefolch dat in oansjenlik part fan 'e wurdskat fan Arabyske orizjine is (ferlykber mei de ynfloed fan it Latyn en it Gryksk op Jeropeeske talen). Dêrnjonken hat it Swahily ek ynfloeden ûndergien fan it Dútsk, it Ingelsk, it Hindoestaansk, it Frânsk en it Portegeesk, allegear talen dy't har spoaren as lienwurden neilitten hawwe.
Der binne fiif fokalen yn it Swahily: a, e, i, o en u. De a is de [ɑ] fan it Hollânskebak (dy't dus wat niget nei de o fan "hok"); de e is de [ɛ] fan "lek"; de i is de [i] fan "wyt"; de o is de [ɔ] fan "hok"; en de u sit likernôch healwei tusken de [u] fan "rûch" en de [o] fan "bok". De fokalen wurde yn it Swahily nea redusearre (lykas de e yn "gewoan"), en komme inkeld yn koarte foarm foar. Ek twaklanken besteane net yn it Swahily, en in wurd as chui ("panter") wurdt útsprutsen as [ʧu.i], "tsjû-y", mei twa aparte fokalen.
Fan 'e konsonanten hawwe f, h, k, l, m, n, p, r, s, t, v en z de 'gewoane' útspraak. De b [ɓ], d [ɗ], g [ɠ] (g fan "goed") en j [ʄ] (dj fan "djerre") binne ymplosive klanken, dy't sterk 'ploppend' útsprutsen wurde. De digraven ch [ʧ] en sh [ʃ] steane foar de tsj fan "tsjerke", resp. de sj fan "sjippe". Fierders is de w de [w] fan "skowe" en de y de [j] fan "jas". It Swahily hat ek noch ferskate oare klanken dy't net as aparte letters fan it alfabet rekkene wurde. Dêrûnder binne ng ([ᵑɡ] fan it Ingelskefinger), ng’ ([ŋ] fan "ding"), ny ([ɲ] fan "njirre") en ferskate prenasalisearre konsonanten, lykas mb, nd, mv en nz.
Yn guon dialekten komme fierders noch foar de dh ([ð], de stimhawwende th fan it Ingelske this); de th ([θ], de stimleaze th fan it Ingelske thin); de gh ([ɣ], de g fan "bûge"); en kh ([x], de ch fan "berch"). Beskate dialekten hawwe ek noch fjouwer aspirearre konsonanten, [ʧʰ], [kʰ], [pʰ] en [tʰ] (wêrby't de basislûden folge wurde troch in licht h-ke, lykas yn it bekende GrinslânskeMarthinithoren). Aspiraasje wurdt yn 'e regel yn 'e stavering fan it Swahily net oanjûn, hoewol't guon skriuwers in apostrof nei de oanbelangjende konsonant tafoegje (ch’, k’, p’, t’). Dat kin fan belang wêze om't aspiraasje yn guon dialekten betsjuttingsûnderskiedend is; ferlykje tembo ("palmwyn") en t’embo ("oaljefant").
Kingozi † (foarhinne sprutsen oan 'e Eastafrikaanske kust fan súdlik Somaalje oant Lamu, en histoarysk brûkt foar it skriuwen fan poëzij; faak beskôge as de meast oarspronklike foarm fan it Swahily, en soms noch wol as literêre taal brûkt)
Kitumbatu (sprutsen op it plattelân fan it eilân Sansibar)
Maho foeget it Komoreesk ta as trêde groep, hoewol't dat troch de measten fan syn kollega's as in selsstannige taal beskôge wurdt. Oan 'e oare kant beskôget Maho de folgjende taalfoarmen, dy't ek wol as dialekten fan it Swahily sjoen wurde, as selsstannige talen: