Yn San Francisco siket de farmaseutyskskiekundige William Rodman nei in firaalmedisyn dat de sykte fan Alzheimergenêze kin. Dat is foar him in persoanlike saak om't syn heit Charles Rodman mei dy sykte oanhelle is. De medisinen dêr't Rodman mei op 'e lapen komt, wurde yn it bedriuw fan syn wurkjouwer Gen-Sys test op bisten, om persiis te wêzen op sjimpansees. As it eksperimintele firale medisyn ALZ-112 tatsjinne wurde oan 'e wyfkessjimpansee Bright Eyes, liket dêrtroch har yntelliginsje gâns ta te nimmen. Mar by de presintaasje fan it medisyn troch Rodman wurdt Bright Eyes mei geweld út har koai twongen, mei as gefolch dat it bist yn panyk rekket en amok makket. De befeiligingslju sjitte har dan dea.
Nei dy aaklike blamaazje foar syn bedriuw beslút Steven Jacobs, de baas fan Rodman, om it hiele projekt te eliminearjen. Dêrta jout er opdracht om alle sjimpansees ôf te meitsjen. Robert Franklin, de assistint fan Rodman, ûntdekt lykwols dat de reden foar de panyk fan Bright Eyes wie dat se koartby befallen wie fan in jong, dêr't se net fan skaat wurde woe. Mei wat tsjinnichheid nimt Rodman de soarch foar it sjimpanseejong op him, dat er de namme Caesar jout. As er ûntdekt dat Caesar, dy't foar syn berte fia syn mem bleatsteld is oan ALZ-112, de fergrutte yntelliginsje fan syn mem oerurven hat, beslút Rodman de jonge sjimpansee by him thús grut te bringen. Hy wint dêrfoar ynformaasje yn by primatologe dr. Caroline Aranha.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Trije jier geane foarby. Caesar wurdt njonkelytsen noch yntelliginter as Bright Eyes en kin spultsjes spylje en tekenings meitsje. Rodman leart him Amerikaanske Gebeartetaal sadat se mei-inoar kommunisearje kinne. Hy nimt de sjimpansee ek mei nei it mammoetbeammewâld fan it Nasjonaal Monumint Muir Woods, deunby San Francisco, dêr't Caesar him út en troch in skoftke úttjirgje kin yn 'e frije natoer. Caesar foarmet in bân mei dr. Aranha, dy't úteinlik in relaasje kriget mei Rodman. Underwilens hat Rodman ek syn heit Charles yn 'e hûs nommen, waans demintens hieltyd fierder oanboazet. Wannear't Rodman him lykwols yllegaal it noch altyd net goedkarde ALZ-112 tatsjinnet, giet er der gâns op foarút.
Fiif jier letter begjint Caesar, dy't no in adolesint is, te freegjen wat hysels eins is: in húsdier of wat oars? Rodman leit de sjimpansee dan út wa't Caesar sels is en hoe't er by Rodman yn 'e hûs kommen is. De sitewaasje fan Rodman syn heit Charles begjin wer oan te boazjen mei't it ymmúnstelsel fan 'e âldman resistint wurdt foar ALZ-112. Caesar komt yn 'e swierrichheden as er in agressivebuorman, Douglas Hunsiker, ferwûnet wylst er in geastlikbetize Charles Rodman ferdigenet. Hunsiker skillet de ûngediertebestriding op en fan gefolgen wurdt Caesar, dy't as in gefaarlik eksoatysk húsdier beskôge wurdt, by Rodman út 'e hûs helle en nei in opfangsintrum foar apen brocht.
Fanwegen syn oare uterlike foarkommen en syn gebrek oan eardere ynteraksje mei oare apen wurdt Caesar yn it San Bruno Primate Shelter ferfolge troch de alfasjimpansee Rocket. Ek wurdt er it slachtoffer fan bistemishanneling troch de haadoppasser Dodge Landon, de soan fan John Landon, dy't de eigner fan it opfangsintrum is. Caesar wit lykwols freonskip te sluten mei Maurice, in orang-oetan dy't earder yn in sirkus optrede en dy't ek gebeartetaal ken. Caesar leart hoe't er syn eigen koai ûntslute kin, sadat er tagong kriget ta it mienskiplike hok. Mei help fan Buck, in gorilla, giet er de konfrontaasje oan mei Rocket en nimt er dy syn posysje as lieder fan 'e apetroep oer.
Underwilens ûntwikkelet Rodman by Gen-Sys in krêftigere, gasfoarmige ferzje fan ALZ-112, dy't er ALZ-113 neamt. Nei't er syn baas Steven Jacobs fertelt hat dat dit medisyn in yntelliginsjeferheegjende wurking hat, klearret dy daliks it paad foar fierdere ûntwikkeling fan it middel. Rodman smokkelet der wat fan mei nei hûs mei de bedoeling om it oan syn heit ta te tsjinjen, mar yn in helder momint wiist Charles Rodman fierdere behanneling ôf en de nachts dêrop ferstjert er yn syn sliep. As Rodman syn assistint Robert Franklin om 'e nocht besiket om ALZ-113 ta te tsjinjen oan in mei groeden oerdutsen bonobo (dwerchsjimpansee) dy't Koba hjit, wurdt er sels oan it middel bleatsteld en rekket er siik. Hy giet nei Rodman syn appartemint ta om him te warskôgjen, mar komt foar de tichte doar. Wol treft er Rodman syn buorman Hunsiker, dy't er bloed ta hoastet. Letter wurdt Franklin thús dea weromfûn.
Rodman besiket om Caesar werom te krijen út it opfangsintrum, mar Caesar beslút ynstee om dêr te bliuwen. Wol stelt er it ALZ-113 dat Rodman foar de behanneling fan syn heit mei nei hûs nommen hie. Dat tsjinnet er oan 'e oare apen yn it opfangsintrum ta om harren yntelliginsje te fergrutsjen. As de gemiene haadoppasser Dodge Landon besiket om him wer yn syn koai op te sluten, sprekt Caesar syn earste wurd: "Nee!" Hy fjochtet mei Landon, wêrby't de oppasser by fersin dea rekket.
Caesar befrijt de oare apen, en mei-inoar ûntflechtsje se it opfangsintrum. Se bejouwe har nei Gen-Sys, dêr't Caesar Koba en de oare proefdieren frijlit, en nei de San Francisco Zoo, dêr't er ek alle apen befrijt. Hy liedt syn folgelingen dêrnei yn 'e rjochting fan 'e Golden Gatebrêge om in feilich ûntwyk yn it Nasjonaal Monumint Muir Woods te finen. Op 'e brêge rjochtsje de autoriteiten in blokkade op om 'e apen tsjin te kearen. Der ûntstiet in fjildslach tusken de apen en de plysje. Buck offeret himsels op om in plysjehelikopterdelstoarte te litten dêr't Steven Jacobs yn meifljocht. Dyseld oerlibbet de klap, mar Koba smyt him dêrnei oer de râne fan 'e brêge om te ferdrinken yn 'e Golden Gatestrjitte.
Wylst de apen de oare kant fan 'e brêge berikke en weiwurde yn it wâld, helje Rodman en Aranha harren by yn in stellen plysje-auto. Rodman warskôget Caesar dat de oerheid alle war dwaan sil om him en syn apen op te spoaren en te fangen of mooglik te deadzjen. Hy smeekt him om mei werom nei hûs te gean, mar Caesar krûpt him oan en seit: "Caesar is thús." Rodman akseptearret dan dat Caesar frij is om syn eigen kar te meitsjen en nimt ôfskie fan syn freon. De apen omearmje harren nije, frije libben yn 'e wâlden alhiel. Underwilens arrivearret buorman Hunsiker, dy't no ynfektearre is mei it tige besmetlike ALZ-113, op 'e Ynternasjonale Lofthaven fan San Francisco om nei Parys te fleanen. Dêrby ferspriedt er it firus oer de wrâld, mei it útbrekken fan in deadlike pandemy as gefolch.
Yn 'e postproduksjefaze waarden oan Rise of the Planet of the Apes krapoan 1.500 special effects tafoege. Dy hiene foar it meastepart te krijen mei de werjefte fan 'e apen. Yn 'e foargeande films út 'e Planet of the Apes-franchise wie hieltyd gebrûk makke fan fisazjy om minsklikeakteurs om te toverjen ta apen. Foar Rise of the Planet of the Apes waard foar it earst gebrûk makke fan motion-capturetechnology, wêrmei't de akteurs inkeld de bewegings en lûden fan 'e apen fuortbrochten, wylst it uterlik fan 'e bisten letter folslein troch special effects oan 'e opnamen tafoege waard troch it Nijseelânske bedriuw Weta Digital. It gefjocht op 'e Golden Gatebrêge waard yn 'e studio opnommen op in filmset dy't mar in neiboud diel fan 'e brêge omfette. Mei special effects waarden letter de rest fan 'e brêge en de eftergrûn yn 'e opnamen plakt.
Fan 'e filmkritisy krige Rise of the Planet of the Apes oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 3 fan 4 stjerren. Hy wie fral fol lof oer de rol fan Andy Serkis as Caesar, dy't neffens him de film 'makke' en dy't in "prachtich útfierd personaazje" wie. Yn The New York Times parte Manohla Dargis oan Rise of the Planet of the Apes 31/2 fan 4 stjerren ta. Se kwalifisearre de film as "goed, fernimstich-dom fermaak", dat neffens har "presiis it soarte simmerôflieding" wie "dat de filmstudio's no sa dreech fine om te meitsjen."
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Rise of the Planet of the Apes in heech goedkarringspersintaazje fan 82%, basearre op 272 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei de stylfolle rezjy fan Rupert Wyatt, guon yndrukwekkende special effects en in tûzelsinnich meitsjende aktearprestaasje troch Andy Serkis blaast Rise of the Planet of the Apes in langrinnende mediafranchise ûnwierskynlik nij libben yn." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Rise of the Planet of the Apes in goedkarringspersintaazje fan 68%, basearre op 39 resinsjes.
Yn 2012 waard Rise of the Planet of the Apes sawol by de Oscars as by de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, nominearre foar de priis foar bêste fisuele effekten. By de Saturn Awards waard de film nominearre foar prizen yn fiif kategoryen, wêrûnder bêste regisseur en bêste senario. Rise of the Planet of the Apes wûn de Saturn Awards foar bêste science fiction-film, bêste byrol fan in akteur (Andy Serkis) en bêste special effects. By de Satellite Awards waard de film nominearre yn 'e kategoryen bêste byrol fan in akteur (Andy Serkis) en bêste fisuele effekten. By de Annie Awards, de wichtichste Amerikaanske filmprizen op it mêd fan animaasje, wûn Rise of the Planet of the Apes de priis foar bêste personaazje-animaasje yn in live-actionproduksje. En by de Empire Awards waard de film nominearre foar fjouwer prizen: bêste film, bêste science fiction- of fantasyfilm, bêste regisseur en bêste akteur (Andy Serkis).