Underwilens is Gedren út op 'e oerhearsking fan 'e hiele wrâld. Dêrta siket se de Talisman, in foarwerp fan grutte macht dat oarspronklik troch de oppergod brûkt is by de skepping fan 'e wrâld. Trochdat bleatstelling oan ljocht it almar machtiger makket, sil it no lykwols net lang mear duorje foar't de Talisman mei stoarmen en ierdbevings de wrâld ferneatigje sil. It foarwerp is op 'e noed fan 'e hege hear fan Hyrkania, mar om't inkeld froulju it ding oanreitsje kinne sûnder te ferstjerren, hat dy it lang lyn yn bewarring jûn oan in oarder fan preesteressen.
De hegepreesteresse hat no besletten dat, om 'e wrâld te rêden, de Talisman yn ivich tsjuster opsletten wurde moat. Dat wurdt beävensearre mei in plechtige seremoanje, mar wylst it ritueel noch geande is, wurde de preesteressen oanfallen troch de Gedren en har soldaten. Dy wurde de preesteressen oermânsk. De hegepreesteresse en de measten fan har ûnderhearrigen komme om, en dejingen dy't finzen nommen binne, lit Gedren neitiid yn it ivich tsjuster smite, wylst se har de Talisman ta-eigenet.
De iennichste dy't oan it bloedbad ûntkomme kin, is de preesteresse Varna, dy't lykwols op har flecht yn 'e rêch sketten wurdt mei in pylk. Hja wurdt fûn troch Kalidor fan Hyrkania, dy't te let arrivearret foar it ritueel om't Gedren har trewanten in toubrêge trochsnien hiene sadat er omride moast. Hy weeft handich ôf mei Varna har efterfolgers, wêrnei't er de preesteresse op har fersyk by har suster Sonja bringt. Varna jout har de opdracht om de Talisman werom te winnen en te ferneatigjen, om't oars de wrâld mei koarten ferkomme sil. Kalidor, dy't net fertelt dat er de hege hear fan Hyrkania is, biedt Sonja syn help oan, mar Sonja, dy't nei har ferkrêfting erchtinkend wurden is foar alle manlju oer, slacht dat oanbod ôf en set op eigen manneboet útein op har kweeste.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
In ûnnatuerlike stoarm yn 'e fierte, dy't derop wiist dat immen (d.w.s. Gedren) de macht fan 'e Talisman brûkt, liedt Sonja nei de stêdsteat Habloc, dy't se mei de grûn lyk makke oantreft. Hja moetet dêr de tsienjierrige prins Tarn, de arrogante hearsker fan Habloc, en syn trouwetsjinner en liifwacht Falkon, dy't Gedren op wrede wize efterlitten hat sadat de jonge yn in ûnderierdske lavastream falle sil as Falkon wurch wurdt. Sonja helpt Falkon om 'e prins te rêden, en heart fan harren dat Gedren mei de Talisman de stêd ferwoastge hat. Alle oare bewenners binne omkommen of op 'e flecht slein nei't Tarn wegere syn keninkryk oer te jaan.
Tarn kundiget oan dat er in nij leger gearbringe sil dêr't er Gedren mei ferslaan sil, en biedt Sonja oan om kokkinne yn dat leger te wurden. Dat oanbod slacht se ôf. As se fan Falkon begrypt dat Gedren har machtsbasis Berkubane is, it Keninkryk fan 'e Ivige Nacht, set se ôf dêrhinne. Om dêr te kommen, moat se troch in tolpoarte dy't behearske wurdt troch de rôverhaadman Brytag. Sonja daget him út ta in twakamp, mar as se him ferslein hat, hâlde syn trewanten harren net oan 'e ôfspraak om har gean te litten. Se wurdt rêden troch Kalidor, dy't har temûk folge is. Sa slagget Sonja troch de tolpoarte, wylst Kalidor efterbliuwt om mei de trewanten fan Brytag ôf te weven.
Neitiid moetet Sonja Tarn en de folle pleage Falkon op 'e nij yn in wâld, dêr't strûkrôvers de jonge prins te pakken krigen hawwe en martelje om oan jild te kommen, wylst Falkon fuort is op jacht. Sonja rêdt Tarn fannijs, en neitiid akseptearret se him en Falkon as selskipslju op har reis. Se stekke de grins fan Berkubane oer, dy't foarme wurdt troch in djippe kleau mei in lavastream op 'e boaiem, fia in brêge dy't foarme wurdt troch it skelet fan in reuseftich skepsel út lang ferfleine tiden. Yn har kastiel folgje Gedren en har hofmaster Ikol it neieroankommen fan Sonja, Falkon en Tarn troch de bylden dy't de hoftsjoender foar de keninginne opropt. Hja oarderet dat se troch de macht fan 'e Talisman te brûken nei in grot fol wetter dreaun wurde moatte, dêr't de "ichtyske moardmasine" mei Tarn en Falkon ôfweve kin, hoewol't se Sonja libben yn 'e hannen krije wol.
Troch poermin waar wurde Sonja-en-dy neitiid twongen om beskûl te sykjen yn in grot. Sy is de iennichste dy't it spul net alhiel fertrout. As se djipper de grot yngeane, komme se fêst te sitten yn in fluch fol wetter rinnend diel, dêr't op in stuit in masine opdûkt yn 'e foarm fan in wetterdraak, dy't harren besiket te deadzjen. Op 'e nij dûkt Kalidor op, dy't it fierhinne ûnkwetsbere meganyske meunster mei help fan Sonja wit te ferslaan troch it de eagen út te stekken, sadat it harren net mear sjen kin.
Neitiid akseptearret Sonja Kalidor ek as reismaat, fral as er har einlings fertelt dat er de hege hear fan Hyrkania is en dat de Talisman eins syn ferantwurdlikheid is. Sy beiden hawwe geandewei dúdlik gefoelens foarinoar ûntwikkele, mar Sonja warskôget Kalidor lykwols dat se in eed sward hat dat gjin man har hawwe mei, of it moat wêze dat er har ferslacht yn in swurdgefjocht. Hy nimt dy útdaging oan. Der folget in swurdgefjocht dat enerzjyk begjint, mar neigeraden dat bliken docht dat se folslein oaninoar weage binne, feroaret yn in útputtingsslach. Oeren letter einiget it yn ympasse as se allebeide te wurch binne om it swurd noch op te tillen.
Nei't se Gedren har kastiel berikt hawwe, ynfiltrearje Sonja, Kalidor en Falkon dêre. Om 'e jonge Tarn te beskermjen, manipulearje se him om efter te bliuwen en de tagongspoarte te bewekjen. Underwilens is der ûnienichheid ûntstien tusken Ikol, dy't de Talisman tenei yn it tsjuster bewarje wol om't it ding dúdlik te machtich wurdt, en Gedren, dy't no sljochtsinnigens iepenbieret en seit dat de Talisman noch helte machtiger wurde moat om har oan 'e wrâldhearskippij te helpen. As Ikol mei in sekfol bút fan ruten spilet, treft er Tarn oan 'e poarte, dy't him ferslacht en deadocht as er by fersin de poarte tichtrôlje lit as Ikol der trochgiet, sadat de hofmaster fyndrukt wurdt. Neitiid bejout Tarn him djipper yn it kastiel.
Dêr weve Kalidor en Falkon ôf mei de kastielwachters, wylst Sonja Gedren yn har troanseal oantreft en mei har fjochtet. Har hoftsjoender jout har in ûnearlik foardiel, mar Sonja kriget de man troch en slacht him dea. Dêrnei folget se de flechtsjende Gedren nei de Keamer fan 'e Ljochten, dêr't de keninginne de Talisman middenmank tûzenen baarnende kjersen pleatst hat. Kalidor en Falkon witte tegearre it falstek dat de tagong ta dy romte tichtset, justjes op te tillen, en de flugge Tarn krûpt derûndertroch. De oanhâldende ierdbevings dy't feroarsake wurde troch de te machtich wurden Talisman, soargje lykwols dat Tarn fêst komt te sitten. Dochs spilet er noch in rol fan krúsjaal belang as er Sonja krekt op it juste momint warskôget foar in oanfal fan Gedren yn har rêch. Dêrop wurdt Sonja Gedren oermânsk en deadet har. Mei't de ierdbevings de flier fan 'e keamer midstwa riten hawwe, smyt se de Talisman yn 'e djippe ôfgrûn, dêr't it ding ferswolge wurdt troch de lava.
Sonja helpt Tarn om los te kommen en mei help fan Kalidor en Falkon witte se út 'e Keamer fan 'e Ljochten te kommen. Dêrnei hawwe se der noch klauwen oan om op 'e tiid út it ynstoartende kastiel te ûntsnappen. Earder hie Sonja tsjin Tarn sein dat er nea in echte man wêze soe oant er tankberens en selsopoffering leard hawwe soe, en as se by de poarte fêst komme te sitten, lit Tarn sjen dat er dy eigenskippen yndie oanleard hat, mei't er wer nei binnen dûkt om 'e poarte te iepenjen en syn trije selskipslju te rêden. Uteinlik witte de oaren him lykwols ûnder in delstoart bynt troch te slepen, sadat se fjouweresom ûntkomme kinne. Prins Tarn en Falkon sette ôf om Habloc wer op te bouwen, wylst Sonja en Kalidor inoar op 'e nij mei it swurd te liif geane, foar't harren fjochtsjen oergiet yn tútsjen.
Dino De Laurentiis hie der klauwen oan om in gaadlike aktrise te finen foar de titelrol fan Red Sonja. Sandahl Bergman, dy't yn Conan the Barbarian (1982), in eardere produksje fan Dino De Laurentiis Cinematografica, de rol fan Valeria spile hie (in dievegge op wa't Conan de Barbaarfereale rekket), waard yn earste ynstânsje de rol fan Reade Sonja oanbean. Hja sloech dat oanbod lykwols ôf en keas derfoar om ynstee de rol fan 'e antagoniste, keninginne Gedren, op har te nimmen. Letter beävensearre De Laurentiis in moeting mei Laurene Landon, en stied er op it punt om har de rol fan Reade Sonja oan te bieden, doe't er ûntdiek dat sy earder yn 'e film Hundra in soartgelikense rol spile hie. Hy besleat doe net troch te setten om't er fûn dat de beide rollen tefolle opinoar lieken.
Neitiid wie De Laurentiis der hast in jier mei besteld om in gaadlike haadrolspylster te finen, mei't er in frou socht mei it "uterlik fan in Amazône". Acht wiken foar't de opnamen begjinne soene, hie syn syktocht noch altyd gjin fertuten dien. Doe seach er in foto fan 'e 21-jierrige DeenskemannekênBrigitte Nielsen op 'e omslach fan in moadeblêd. De Laurentiis socht kontakt mei har en liet har nei Rome fleane foar in audysje, wêrnei't er har yn 'e haadrol fan syn film caste, ek al hie se gjin inkele ûnderfining as aktrise.
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Red Sonja in leech goedkarringspersintaazje fan 15%, basearre op 27 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei't er saai, min regissearre en alderraarst miscast is, foarmet [de film] in ûnynspirearre beslút fan Schwarzenegger syn barbaarske trilogy." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Red Sonja in goedkarringspersintaazje fan 35%, basearre op 6 resinsjes. Tsjintwurdich hat de film lykwols gâns oanhing as in cultklassiker.