Conan de Barbaar en syn glûpske selskipsman, de dief Malak, wurde besingele troch de mannen fan keninginne Taramis fan Zamora, dy't Conan syn feardichheid yn 'e striid beproevet troch in stikmannich fan har soldaten op him ôf te stjoeren. As it resultaat har tefreden stelt, fertelt se Conan dat se in opdracht foar him hat. Hy stegeret har ôf oant se ûnthjit dat se him jaan kin wat er it leafst hawwe wol: dat syn ferlerne leafde Valeria út 'e dea opwekke wurdt. Dat is in oanbod dat Conan net ôfslaan kin. Taramis nimt him mei nei har haadstêd Shadizar en wol dat er har jonge muoikesizzer, prinsesse Jehnna, begeliede en beskermje sil. Dyselde is neffens in profesijefoarbestimd om 'e kaai te finen dy't har by steat stelle sil en bring de mei juwiellen ynleine hoarn fan 'e dreamendegod Dagoth werom. It is Taramis har doel om 'e hoarn te werienjen mei it stânbyld fan 'e god.
Op 'e kweeste giet ek Bombaata mei, de kaptein fan Taramis har liifgarde. Hy kriget fan Taramis temûk oarders om Conan te fermoardzjen sadree't se de kaai, dy't de foarm fan in reuseftige ealstien hat, witten hawwe te bemachtigjen. Bombaata moat der ek foar soargje dat Jehnna, dy't noch faam is, yn dyselde steat wer weromkomt by Taramis, want inkeld it offerjen fan in faam sil Dagoth nei de weriening mei syn hoarn ta libben bringe. Taramis sil ek de fjouwer bêsten fan har liifgarde efter it selskip oan stjoere om Bombaata te helpen en weef mei Conan ôf.
Mei't de kaai bewarre wurdt yn it kastiel fan 'e machtige tsjoender Thoth-Amon, siket Conan help by syn freon Akiro, de Tsjoender fan 'e Grêfhichten. Conan-en-dy arrivearje krekt op 'e tiid om Akiro te rêden, mei't er finzen nommen is troch in groep kannibalen dy't it har yn 'e holle helle hawwe dat se syn magyske krêften oernimme sille as se him opite. Nei't Akiro him by it selskip jûn hat, komme Conan-en-dy troch in doarp dat oanfallen is troch in groep rôvers. De doarpelingen hawwe dy allegearre deade op ien nei, de swartekriichster Zula, dy't se oan ien foet mei in keatling fêstset hawwe. Sadree't se har sa útput hawwe dat hja har net mear fersette kin, binne se fan doel har te ûnderwerpen oan in groepsferkrêfting. Op Jehnna har fersyk grypt Conan yn en hout it keatling troch, foar't it selskip trochriidt. No't se net mear fêstsit, kin Zula sûnder swierrichheden de leffe doarpelingen tebekdriuwe, wêrnei't se efter Conan-en-dy oan riidt en har by harren jout.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Op in jûn arrivearje de selskipslju by de mar dêr't it kastiel fan Thoth-Amon middenyn stiet. Se oernachtsje yn in ruïne oan 'e igge, mar yn 'e nacht stjoert Thoth-Amon in reuseftige fûgel fan reek om Jehnna te ûntfieren. De oare moarns, as de oaren wekker wurde, wit Akiro út te finen wat der mei de prinsesse bard is en dat se har no yn it kastiel befynt. De oaren folgje har dêrhinne en kringe binnen troch de wetterpoarte. Wylst se it kastiel trochsykje, rekket Conan by de oaren wei en wurdt er yn in spegelseal oanfallen troch in meunster dat ûnkwetsber liket te wêzen foar syn swurd. As er lykwols by fersin ien fan 'e spegels stikken slacht, kriget it wêzen in bluodderigewûne. Conan slacht dêrop mei sin alle spegels yn, wêrmei't er it meunster deadocht. Neitiid docht bliken dat it meunster Thoth-Amon yn in oare foarm is.
Mei de dea fan 'e tsjoender begjint it kastiel útinoar te fallen. Conan fynt de oaren werom en se befrije Jehnna, dy't it juwiel grypt dat de kaai is. Mei tûzen hasten ferlitte se it ynstoartende kastiel. Underweis by de mar wei wurde se oanfallen troch de fjouwer leden fan 'e liifgarde dy't troch Taramis efter harren oanstjoerd binne, mar mei help fan Zula en Malak wit Conan harren te deadzjen. Bombaata, dy't wol foar it ferstân hat dat er syn kâns mei ferdrach ôfwachtsje moat, beart dat er gjin flau idee hat wêrom't de soldaten fan Taramis it selskip oanfalle soene. Dy jûns jout Jehnna blyk fan romantyske belangstelling foar Conan, mar hy makket har dúdlik dat er folslein tawijd is oan 'e neitins fan Valeria.
Yn Jehnna har hân wiist de kaai de wei nei in oerâlde timpel, dêr't de hoarn fan Dagoth bewarre wurdt. It selskip wit de timpel binnen te kringen, dêr't Jehnna as iennichste de hoarn fan syn plak krije kin. Wylst de oaren dêrmei dwaande binne, ûntsiferet Akiro de ynskipsjes op 'e wanden fan 'e timpel, en wurdt sa gewaar dat Jehnna by weromkomst yn Shadizar offere wurde sil. Dêrtroch sil de god Dagoth ûntwekje út syn slommer en grut ûnk en lijen oer de wrâld bringe. As de leden fan it selskip de timpel wer ferlitte sille, wurdt harren it paad tichtset troch in groep Dagoth-kultisten ûnder lieding fan in preester. Dy hjit harren de hoarn oan him oer te dragen, mar Conan-en-dy wolle dêr neat fan witte en slute harsels ynstee yn it binnenste fan 'e timpel op. Efter it plak dêr't Jehnna de hoarn weinommen hat, fine se in geheime gong dy't lang om let nei bûten ta liedt. Efterfolge troch de Dagoth-kultisten nimme se dy wei, mar Bombaata ferriedt Conan en de oaren troch healwei de gong ynstoarte te litten en dêrnei mei Jehnna en de hoarn út te naaien.
Conan, Akiro, Zula en Malak witte harrensels út te graven en ûntkomme oan 'e Dagoth-kultisten. Conan hat no wol foar it ferstân dat it ûnthjit fan Taramis om Valeria út 'e dea op te wekjen, in leagen wie. Mar hy riidt likegoed werom nei Shadizar om 'e plannen fan 'e keninginne te dwerseidzjen. Malak, fan wa't in famyljelid jierren lyn út 'e tsjerkers fan Taramis ûntsnapt is, liedt harren fia in geheime rûte it paleis yn. Dêr fynt Conan Bombaata werom, dy't er nei in lange krêftmjitting deadet. Underwilens ûnderbrekke de oaren it ritueel wêrmei't Taramis hopet de god Dagoth ta libben te bringen nei't se de hoarn mei it stânbyld weriene hat. Har grutfizier sil Jehnna as ûnderdiel fan dat ritueel offerje, mar dat komt Zula foar troch de man oan har spear te riuwen.
It tsjinkearen fan it minske-offer kin lykwols net it ta libben kommen fan Dagoth tsjinhâlde. It stânbyld fan 'e god, dy't ôfbylde is as in kreaze jongfeint, feroaret lykwols yn 'e wiere foarm fan 'e god: in amfibysk meunster mei alhiel gjin minsklike trekken, dy't keninginne Taramis speetst mei syn hoarn. Conan, Zula en Malak falle it meunster oan, mar it wurdt harren oermânsk. Akiro ropt Conan ta dat al Dagoth syn krêft yn syn hoarn sit en dat er, as er de hoarn ferliest, ek syn nijfûne libben ferlieze sil. Dêrom springt Conan it meunster op 'e rêch en skuort it de hoarn út 'e kop. Dagoth sakket dêrnei yninoar en stjert.
Neitiid folget Jehnna har muoike Taramis op as keninginne fan Zamora. Hja stelt Zula oan as de nije kaptein fan har liifgarde, makket Malak har hofnar en freget Akiro om har riedshear te wurden. Conan wol se mei trouwe, en se biedt him oan om har keninkryk mei har te regearjen, mar hy betanket foar de ear. As er kening wurdt, sil er dat troch syn eigen hân berikke. Hy nimt ôfskied en set ôf om nije aventoeren te sykjen.
Arnold Schwarzenegger en Mako Iwamatsu kearden yn Conan the Destroyer werom yn deselde rollen dy't se ek fertolken yn 'e earste film, te witten: dy fan Conan de Barbaar, resp. de Tsjoender fan 'e Grêfhichten, dy't yn 'e foargeande film nammeleas bleau, mar no Akiro neamd waard. Sven-Ole Thorsen spile ek wer mei, mar om't syn personaazje yn 'e earste film troch Conan ombrocht wie, moast er no in burd stean litte en syn gesicht foar in diel bedekke mei in masker om him ûnwerkenber te meitsjen. De froulikehaadrol wie foar sjongsterGrace Jones, dy't it meastepart fan 'e film fierhinne neaken omrint. Wilt Chamberlain, in mear as twa meter lange basketballer, spile yn Conan the Destroyer syn iennichste filmrol, te witten dy fan Bombaata. David L. Lander soe oarspronklik de dwaze dief Malak spylje, mar doe't syn oanboazjende minnichte fanwegen multiple skleroaze him dat ûnmooglik makke, waard de rol ynstee oan Tracey Walter jûn.
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Conan the Destroyer in leech goedkarringspersintaazje fan 25%, basearre op 24 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] hellet de skerpe kantsjes derôf dy't syn foargonger gewicht joegen, wat resultearret yn in oerdreaun ferfolch, dat yn ferhâlding amper spanning hat." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Conan the Destroyer in goedkarringspersintaazje fan 53%, basearre op 12 resinsjes.
Resultaat
Conan the Destroyer brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten$26,4 miljoen of $31 miljoen op (de boarnen binne it ûniens oer de hichte fan it bedrach). It is ûnbekend wat de opbringst wrâldwiid wie. Mei in budget fan $18 miljoen kaam de film yn elts gefal wol út 'e kosten.
Nea makke ferfolch
Nei Conan the Barbarian en Conan the Destroyer hie noch in trêde film makke wurde sillen om in trilogy kompleet te krijen. Dêrnei wurdt oan 'e ein fan Conan the Destroyer ferwiisd, as de voice-over fertelt dat Conan noch withoefolle oare aventoeren belibbe en heldedieden útfierde, oant er úteinlik troch syn eigen hân in troan ferovere en kening waard. De voice-over einiget dan mei de wurden: "Mar dat is wer in oar ferhaal." It wie de bedoeling fan Dino De Laurentiis-en-dy dat dat ferhaal ferteld wurde soe yn Conan the Conqueror, in film dy't yn 1987 útkomme moast. Dat rûn lykwols op 'e non trochdat Conan the Destroyer it minder goed die as ferwachte. Boppedat rûn it kontrakt fan Arnold Schwarzenegger mei De Laurentiis ôf nei't er yn 1985 meiwurke hie oan in trêde film, Red Sonja, dy't ek yn it Hyboarysk Tiidrek spilet. Conan the Conqueror waard sadwaande op 'e lange baan skood en nea makke. It senario foar de film waard úteinlik yn oanpaste foarm brûkt foar Kull the Conqueror, út 1997, mei Kevin Sorbo yn 'e haadrol.
Yn 2012 waard bekendmakke dat Universal Pictures plannen hie om Schwarzenegger dochs nochris yn 'e rol fan Conan weromkeare te litten. Dêr waard neitiid lang neat fan heard, mar yn oktober2019 befêstige Schwarzenegger dat dy film, dy't Conan the King komme soe te hjitten, noch altyd yn aktive preproduksje wie