Oardel jier letter hat Banning in kantoarbaan yn it gebou fan it Amerikaansk Ministearje fan Finânsjes, dêr't de Secret Service ûnder falt. Hy is net mear belutsen by de deistige beskerming fan 'e presidint en syn soan, om't er foar Asher it ûngemak symbolisearret dêr't syn frou by omkommen is. Hoewol't de presidint him neat ferwyt, om't er rasjoneel wit dat Banning de dea fan Margaret net foarkomme kinnen hie, wol er net dat it ûngemak him eltse dei op 'e nij ûnder de noas wreaun wurdt. Op 'e dei dat Banning oan Lynne Jacobs, de direktrise fan 'e Secret Service, freget om oar wurk foar him te finen, om't er gek wurdt as der noch langer de hiele dei efter in buro sitte moat, ûntfangt presidint Asher yn it Wite Hûs de Súdkoreaanskepremier Lee Tae-Woo foar koartseftich oerlis oer de oanboazjende sitewaasje oan 'e grins tusken Súd-Koreä en it kommunistyskeNoard-Koreä.
Koart nei it begjin fan dy moeting kringt in mei raketten en masinegewearen tarist transportfleantúch it loftrom boppe it Wite Hûs binnen. It tastel sjit twa strieljagers fan 'e Amerikaanske Loftmacht del dy't derop ôf geane, en fljocht dêrnei leech oer de National Mall, fan it Tinkteken foar Lincoln nei it Wite Hûs, wylst de ynsittenden sûnder ûnderskied fan persoan mei harren masinegewearen de minsken op 'e grûn delmeane. Ek de skerpskutters op it dak fan it Wite Hûs wurde op dy wize útskeakele foar't it fleantúch troch in yn tûzen hasten optromme trêde strieljager delsketten wurdt en delstoart op it Sudergazon fan it Wite Hûs, nei't it yn it foarbygean noch it Washington Monumint ferrinnewearre hat. Banning, dy't dit barren sjocht út syn kantoar yn it Ministearje fan Finânsjes, dêr't er útsjoch wei hat op 'e National Mall, hastiget him nei it Wite Hûs ta. Dêrbinnen wurde presidint Asher en syn stêf, de oare Amerikaanske pommeranten en premier Lee ûnderwilens troch de Secret Service evakuëarre nei it Presidential Emergency Operations Center (PEOC), in ûndergrûnske bunker ûnder it Wite Hûs.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
De Amerikaanske autoriteiten miene dat de sitewaasje, nei it delsjitten fan it fijannige fleantúch, wer ûnder kontrôle is, mar neat is minder wier. Inkele tsientallen lju mei in Eastaziatysk uterlik, dy't har middenmank de toeristen en oare lju befine dy't op 'e dyk foar it Wite Hûs gearklofte binne, sette útein mei in grûnoanfal op it Wite Hûs. Understipe troch swiere masinegewearen en raketwerpers weve se handich ôf mei de leden fan 'e Secret Service dy't de residinsje ferdigenje. Tagelyk falt in diel fan 'e liifwachten fan premier Lee harren eigen kollega's en de Secret Service yn 'e rêch oan. Banning smyt him yn 'e striid en wit kontakt te meitsjen mei de Secret Service as dy yn it Wite Hûs tebekdreaun wurdt. De oanfallers kringe de residinsje binnen en meitsje yn 'e gongen fan it Wite Hûs jacht op 'e lêste ferdigeners oant se dyselden allegear deamakke hawwe.
Liedend Secret Service-agint Roma nimt, foar't er ombrocht wurdt, fia syn earke kontakt op mei syn baas Jacobs om te melden dat "de Olympus" (koade foar it Wite Hûs) "fallen" is. Banning is de iennichste dy't yn libben wit te bliuwen. Yn it PEOC falle de liifwachten fan premier Lee, ûnder wa Dave Forbes, in âld-agint fan 'e Secret Service, ûnferwachts de liifwachten fan presidint Asher oan en fermoardzje harren om dêrnei de presidint, premier Lee, fise-presidint Charlie Rodriguez, minister fan Definsje Ruth McMillan en ferskate oare pommeranten yn gizeling te nimmen.
Yn 'e bunker ûnder it Amerikaanske Kapitoal komt in krisisteam gear dat it regear oer de Feriene Steaten oernimme moat. Oan it haad dêrfan stiet Allan Trumbull, de foarsitter fan it Hûs fan Offurdigen, dy't neffens it Amerikaanske steatsbestel no de lieding kriget as waarnimmend presidint, no't sawol de presidint as de fise-presidint gizele wurde. Syn wichtichste adviseurs binne Lynne Jacobs, de direktrise fan 'e Secret Service, en generaal Edward Clegg, de stêfsjef fan it Amerikaanske Leger. De lieder fan 'e terroristen nimt troch byldbeljen kontakt op mei Trumbull en begjint mei it live eksekutearjen fan premier Lee, wêrnei't er easket dat de Feriene Steaten al harren troepen weromlûke sille fan it Koreaansk Skiereilân en de Amerikaanske Sânde Float út 'e Japanske See en de Eastsineeske See, sadat Noard-Koreä de (yn syn wurden) "ûnderbrutsen boargeroarloch" einlings yn syn foardiel besljochtsje kin. As dat net bart, sil er begjinne mei it eksekutearjen fan 'e Amerikaanske gizelders.
De lieder fan 'e terroristen hat ek noch in oar doel: hy is fan doel om in obskuer Amerikaansk militêr softwareprogramma te aktivearjen dat Cerberus hjit. Dêrmei is it foar it Amerikaanske regear mooglik om, yn gefal fan in lansearring by fersin, in Amerikaanske nukleêre raket yn 'e loft ûntploffe te litten, dus foar't er earne ynslaan kin. Om dat programma te aktivearjen hat er ferlet fan trije koades, dy't yn it besit binne fan presidint Asher, minister fan Definsje McMillan en de stêfsjef fan 'e Amerikaanske Striidkrêftenadmiraal Joe Hoenig, dy't alle trije fêstsitte yn 'e presidinsjele bunker. As Noard-Koreä tagong ta Cerberus kriget, kin it alle Amerikaanske nukleêre wapens nei lansearring ferneatigje, wat betsjut dat de Feriene Steaten Noard-Koreä net mear treffe kinne, mar oarsom wol.
Underwilens bliuwt Banning foar de terroristen hinderlik aktyf yn it Wite Hûs. Hy deadet ferskaten fan har en hellet yn it Oval Office de satellyttillefoan fan 'e presidint sels út in klûs dêr't er de kombinaasje noch fan hat, sadat er streekrjocht kontakt lizze kin mei Jacobs en Trumbull. Troch Banning syn aktiviteiten ûntdekke de Amerikaanske autoriteiten dat de lieder fan 'e terroristen in Kang Yeonsak is, de foaroanman fan in pro-Noardkoreaanske paramilitêre organisaasje. Yn 'e presidinsjele bunker ûnderwerpt Kang admiraal Hoenig en minister McMillan oan marteling om efter harren Cerberus-koades te kommen, oant presidint Asher harren befel jout om 'e koade op te jaan en sa it faaie libben derôf te rêden. Hy is nammentlik wisberet om syn eigen koade nea of te ninter op te jaan, en sûnder ien fan 'e trije koades kin Kang dochs neat. Kang hat dêr lykwols wat op betocht en jout syn mannen opdracht om it Wite Hûs te trochsykjen nei Connor Asher, de jonge soan fan 'e presidint. Trumbull, dy't berjocht fan NORAD kriget dat twa fan 'e trije Cerberus-koades yn it systeem ynfierd binne, beseft dat it jonkje it swakke plak is fan 'e presidint. Hy jout dêrom Banning opdracht om Connor te finen en út it Wite Hûs te bringen.
Banning wit Connor op te spoaren foar't Kang syn mannen de jonge fine kinne, en lit him fia in âld fentilaasjekanaal út 'e kelder nei de tún fan it Wite Hûs klimme, dêr't er opwachte wurdt troch Amerikaanske kommando's dy't him yn feilichheid bringe. Nei't Banning noch ferskate Noardkoreänen út 'e ljochten holpen hat, stjoert Kang de ferrieder Forbes efter him oan. Om't Banning syn âld-kollega fertrout, wit dy him op in hier nei oer it mad te kommen, mar yn it dêropfolgjende gefjocht wurdt er Forbes oermânsk. As er him freget wêrom't er syn lân ferret hat, wit de ferbittere, mislearre Forbes inkeld te sizzen dat er earne paadbjuster rekke wêze moat. Banning jout him in kâns om it noch wat goed te meitsjen, troch Kang foar te ligen dat er him (Banning) deamakke hat. Forbes docht dat yn 'e folle wittenskip dat Banning him likegoed net libben efterlitte kin.
Underwilens bepraat generaal Clegg foarsitter Trumbull om in wraam op it Wite Hûs te dwaan troch in ôfdieling Navy SEALs, de kommando's fan 'e Amerikaanske Marine, mei seis Sikorsky UH-60 Black Hawk-helikopters op it dak ôf te setten. Banning warskôget noch dat de Noardkoreänen beskikke oer de Hydra 6, in avansearre foarm fan loftdoelgeskut, mar Clegg wol net nei him harkje. De oanfal fan 'e SEALs rint út op in ramp. Banning wit de Hydra úteinlik te ferneatigjen, mar net foar't Kang-en-dy fiif fan 'e seis helikopters delsjitte. Ien stoart del op it dak fan it Wite Hûs en rjochtet dêrby mear skea oan as de Noardkoreänen oant no ta dien hiene. Banning wit mar nauwerneed oan 'e dea te ûntsnappen. Neitiid eksekutearret Kang by wize fan represaillemaatregel fise-presidint Rodriguez. Dan bynt Trumbull yn en jout er opdracht ta de weromlûking fan 'e Amerikaanske troepen út Súd-Koreä.
Nei't Banning alle kommunikaasje út 'e presidinsjele bunker wei platleit, sadat Kang gjin live eksekúsjes mear útfiere kin, besiket Kang minister fan Definsje Ruth McMillan op it bordes fan it Wite Hûs foar it each fan 'e nijskamera's terjocht te stellen. Yngripen fan Banning, dy't Kang-en-dy ûnder fjoer nimt, komt dat lykwols foar. Yn 'e gaos wit McMillan út te naaien en wurdt yn feilichheid brocht troch Amerikaanske kommando's op it Noardergazon. Kang wit te ûntkommen nei de presidinsjele bunker, mar ferskaten fan syn mannen wurde troch Banning deade. As Trumbull ien fan Kang syn oare easken ynwilliget, om in helikopter te stjoeren dêr't hy en syn gizelders mei ûntkomme kinne, klaaie de terroristen harrensels en de gizelders yn deselde swarte kladen en bivakmûtsen, sadat se net faninoar te ûnderskieden binne. As se sa it Wite Hûs út komme, doare Amerikaanske skerpskutters net te sjitten út eangst dat se ien fan 'e gizelders ombringe sille. Wannear't de helikopter mei terroristen en gizelders deryn opstiget, ûntploft it tastel ynienen, wêrby't alle ynsittenden omkomme. It wurdt al rillegau dúdlik dat de terroristen harsels en har gizelders opblaasd hawwe.
Trumbull, Clegg en Jacobs miene dat Kang en presidint Asher dea binne, mar dat wol Banning net oan, om't it him neat foar Kang taliket. Boppedat, wêrom sa yngeand besykje om Cerberus te aktivearjen om no ynienen op te jaan? It docht bliken dat Banning gelyk hat, want Kang is mei inkeld trije oare terroristen en presidint Asher yn 'e bunker efterbleaun, dêr't er troch hackingstechniken de koade fan Asher brekt en Cerberus aktivearret. Dat soarget foar wat betizing by de Amerikanen, oant se beseffe dat er fan doel is om it hiele Amerikaanske nukleêre wapenarsenaal yn 'e lansearsilo's ta ûntploffing te bringen, wat de Feriene Steaten yn in nukleêre holokaust stoarte soe. As Kang en syn mannen mei Asher de bunker ferlitte om temûk út te piken, wurde se opwachte troch Banning, dy't de lêste trije ûnderhearrigen fan Kang útskeakelet. Asher rekket swierferwûne as er besiket tsjin te kearen dat Kang sels him mei de slaanderij bemuoit. De wurch striden Banning giet dan it gefjocht mei de noch frisse Kang oan en wit him nei in lange wrakseling oermânsk te wurden en te deadzjen.
Mei noch mar sekonden oer foar't de Amerikaanske nukleêre wapens ôfgean sille, wit Banning yn 'e presidinsjele bunker (it iennichste plak dêr't dat mooglik is) Cerberus út te setten mei tillefoanyske ynstruksjes fan Clegg en plakferfangend direkteur fan 'e NSA Ray Monroe. As de dage oan 'e loft is, mankepoatsje Banning en Asher it Wite Hûs út, wêrnei't de presidint fuortendaliks nei it sikehûs brocht wurdt. Banning giet dêr ek hinne, mar benammen om syn frou Leah, dy't ferpleechkundige is, op te sykjen. Letter, as de Feriene Steaten de skok en skea fan 'e terroristyske oanfal te boppen begjinne te kommen, hat Banning syn âlde baan weromkrigen fan haad fan it team liifwachten fan 'e Secret Service dat de presidint en syn soan beskermet.
Fan 'e filmkritisy krige Olympus Has Fallen mingde resinsjes. In protte resinsinten ferlieken de film, faak ûngeunstich, mei soartgelikense aksjefilms út it ferline, lykas Die Hard (1988) en Air Force One (1997). Ek wie der in protte krityk op 'e mjitte fan it geweld yn 'e film. Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times fûn fral de styl en it tempo sterk op Die Hard lykjen. Hy neamde Olympus Has Fallen "gewoan tefolle in bleke Die Hard-kloon" en parte de film in 6 op in skaal fan 1 oant 10 ta.
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Olympus Has Fallen in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 48%, basearre op 186 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is fier fan orizjineel, mar profitearret fan 'e strakke rezjy fan Antoine Fuqua en in sterke aktearprestaasje fan Gerard Butler – en dat is miskien krekt genôch foar aksjefans." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Olympus Has Fallen in goedkarringspersintaazje fan 41%, basearre op 30 resinsjes.
Resultaat
Olympus Has Fallen brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada$98,9 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $70,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $169,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $70 miljoen betsjut dat in winst fan $99,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Olympus Has Fallen ûnderfûn frijwat konkurrinsje fan (en wurdt gauris betize mei) in oare film oer in terroristyske oanfal op it Wite Hûs, White House Down, dy't in fearnsjier letter útkaam.