De Noardwestlike Universiteit hat it Latynskebiedwurd "Quaecumque Sunt Vera", dat safolle betsjut as "Al Wat Wier Is". It is in sitaat út it Brief oan de Filippiërs út it Nije Testamint fan 'e Bibel, dêr't de apostelPaulus (yn Filippiërs 4:8) seit: "By einsluten, bruorren: al wat wier is, al wat earber is, wat rjocht is, wat rein is, wat leaflik is, wat in goede klank hat, alles wat deugd hjit en lof fertsjinnet, jou dêr jim omtinken oan."
Ien fan 'e stifters, John Evans, nei wa't letter de stêdEvanston ferneamd wurde soe, kocht in stik lân ter grutte fan 153 ha oan 'e kust fan 'e Michiganmar fuort benoarden Chicago, en in oaren, Philo Judson, ûntwikkele plannen foar de stifting fan 'e stêd Evanston sels, dy't om 'e Noardwestlike Universiteit hinne groeie soe. It earste gebou, Old College, gie op 5 novimber1855 iepen, en doe waarden ek de earste studinten talitten. Om jild byinoar te bringen foar de fierdere oanlis fan gebouwen, ferkocht de universiteit "ivige stúdzjebeurzen" foar $100 it stik, dy't de keaper en syn neiteam oant yn ivichheid it rjocht op fergees ûnderwiis oan 'e Noardwestlike Universiteit joech. Yn 1869 kaam in oar wichtich gebou ree, University Hall.
Yn 1892 waard pears de offisjele kleur fan 'e Noardwestlike Universiteit, dy't dêrmei swart en goud ferfong nei't in kommisje fan 'e universiteit fêststeld hie dat der fierstente folle oare hegeskoallen en universiteiten wiene dy't swart en goud as offisjele kleuren hiene. Tsjintwurdich is pears noch altyd de offisjele kleur fan 'e Noardwestlike Universiteit, mar ek wyt hat in beskate offisjele status, û.m. om't it as sadanich neamd wurdt yn ferskate universiteitsregels en teffens yn it âldste universiteitsliet, Alma Mater, út 1907 (mei de tekst: "Hail to purple, hail to white").
Nei de gouden tiid fan 'e 1920-er jierren waard de Noardwestlike Universiteit slim rekke troch de Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren. It jierliks ynkommen fan 'e ynstelling sakke mei 25% fan $4,8 miljoen yn 1930-1931 nei $3,6 miljoen yn 1933-1934. Dat kaam om't folle minder minsken it lesjild opbringe koene, sadat it tal studinten tebekrûn, wylst tagelyk ek de ynkomsten út ynvestearrings krompen en skinkings fan âld-studinten en filantropen mear as troch de helte giene. De universiteit reägearre troch alle wurknimmers 10% salaris ynleverje te litten, nimmen mear ekstra oan te nimmen, al it bouwurk stil te lizzen en te besunigjen op útjeften foar ûnderhâld, boeken en wittenskiplik ûndersyk. Trochdat Illinois yn deselde tiid regels opstelde foar de diplomearring fan ûnderwizers, koe de Noardwestlike Universiteit in nije oplieding op dat mêd begjinne, wat nije studinten en it breanedige jild binnenbrocht. Yn 1933 waard in útstel om 'e Noardwestlike Universiteit fúzjearje te litten mei de Universiteit fan Chicago yn omtinken nommen, mar ôfwiisd.
Krekt sa't dat mei oare Amerikaanske universiteiten it gefal wie, makke ek de Noardwestlike Universiteit grutte feroarings troch nei't de Twadde Wrâldoarloch útbrutsen wie en de Feriene Steaten dêr ein 1941 troch de Japanskeoanfal op Pearl Harbor by belutsen rekken. It tal studinten kromp dramatysk yn om't withoefolle jongemannen by de striidkrêften tsjinnen, mar tagelyk waarden der koarte lesprogramma's opset mei in tige hege yntinsiteit dy't folge waarden troch mear as 50.000 man militêr personiel. Yn dy tiid wie Franklyn B. Snyder de presidint fan 'e universiteit, en dyselde hie ek it tafersjoch oer de sitewaasje nei de oarloch, doe't der in tafloed fan nije studinten kaam om't de soldaten, matroazen en mariniers allegear harren útstelde stúdzjes ynhelje woene. Dêrtroch koene sawol de haadfêstiging yn Evanston as de njonkenkampus yn Chicago sterk útwreide wurde.
Yn 1948 rjochte de foaroansteande antropoloochMelville J. Herskovits oan 'e Noardwestlike Universiteit de fakulteit foar Afrikaanske Stúdzjes op, it earste ynstitút fan syn soarte yn 'e hiele Feriene Steaten. Under it presidintskip fan J. Roscoe Miller (1949-1970) waard de kampus yn Evanston fierder útwreide doe't yn 'e 1960-er jierren 30 ha fan 'e Michiganmar ynpoldere waard (de saneamde Lakefill). Yn deselde tiid woeks de universiteit ek op organisatoarysk flak oan troch de oprjochting fan nije lesprogramma's en it oannimmen fan personiel dêrfoar, wylst de Anty-Fjetnamoarlochsbeweging foar polarisaasje soarge. Yn 1978 fûnen twa bomoanslaggen fan 'e Unabomber plak oan 'e Noardwestlike Universiteit. Underwilens kamen de universiteit en de stêd Evanston mei-inoar op spande foet te stean, û.m. troch de fersteuring fan 'e iepenbiere oarder troch studinten yn it ramt fan 'e anty-oarlochsprotesten, it skeel oer it al of net tastean fan 'e ferkeap fan alkohol deunby de kampus en it gebrûk troch de universiteit fan gemeentlikebrânwacht- en ambulânsetsjinsten wylst de ynstelling troch syn hânfêst frijsteld is fan it beteljen fan gemeentlike belestings.
Hoewol't de oerheidsstipe oan universiteiten yn 'e 1970-er en 1980-er jierren ôfboud waard, wist presidint Arnold R. Weber yn dy perioade de finânsjes fan 'e Noardwestlike Universiteit te stabilisearjen, wat late ta in refitalisearring fan 'e beide kampussen. Yn 'e 1990-er en 2000-er jierren fûn der ûnder it presidintskip fan Henry S. Bienen in dúdlike taname plak fan sawol it oantal nije studinten as harren kwaliteit. Underwilens groeiden ek de fasiliteiten en stêf fan 'e Noardwestlike Universiteit mei. Yn 1999 ûntdieken studinten fan 'e fakulteit sjoernalistykynformaasje dy't finzeneAnthony Porter frijpleite, twa dagen foar't er de deastraf krije soe. It Innocence Project fan 'e Noardwestlike Universiteit hat sûnt noch 10 oare lju frij krigen dy't ûnskuldich ta de deastraf feroardiele wiene. Yn 2008 iepene de universiteit in nije njonkenkampus yn Doha, de haadstêd fan Katar. Nei 2010 waarden in nij muzyksintrum en in nij gebou foar de sakeskoalle set, krekt as in sportkompleks fan $270 miljoen.
De Noardwestlike Universiteit hat de op njoggen nei grutste bejeftiging fan 'e alle universiteiten yn 'e Feriene Steaten, ter wearde fan $11,1 miljard yn juny2018.
De ûnderskate teams fan it sportprogramma fan 'e Noardwestlike Universiteit nimme oan kompetysjes diel ûnder de namme fan 'e Northwestern Wildcats.