Meklenburch-Foarpommeren, Dútsk: Mecklenburg-Vorpommern, Nedersaksysk: Mekelnborg-Vörpommern) is in dielsteat yn it noardeasten fan Dútslân. Yn dizze dielsteat wenje net in protte minsken en hy heart ta de tinst befolke dielsteaten. De haadstêd is Schwerin mei yn it slot de Lândei fan de dielsteat. De grutste stêd is de havenstêd Rostock. Meklenburch-Foarpommeren waard yn 1990 oprjochte nei de Dútske Weriening.
Meklenburch-Foarpommeren bestiet út de histoaryske kriten Meklenburch en Foarpommeren, dat it westlike en Dútsk bleaune part fan de foarkriichske Dútske provinsje Pommeren, dy't yn 1945 foar it grutste part troch Poalen anneksearre waard. De rivier de Recknitz foarmet de grins tusken Meklenburch en Foarpommeren. De twa kriten wiene fan 1949 oant 1952 al foar in lyts skoftke feriene yn ien dielsteat dy't doe ta de DDR hearde, dat yn 1952 in bestjoerlike weryndieling en fernijing trochfierde. Yn 1990 waard de dielstyeat fannijs oprjochte as ien fan de nije bûnsteaten.
Bestjoerlike yndieling
Meklenburch-Foarpommeren is sûnt 2011 ûnderferdield yn seis distrikten (Landkreise) en twa stêdsdistrikten (kreisfreie Städte).