Baden-Wuertemberch (Dútsk: Baden-Württemberg) is in dielsteat yn it súdwesten fan Dútslân. De dielsteat beslacht in oerflak fan 35,750 km² en hat 10,692,000 ynwenners. De haadstêd is Stuttgart. Baden-Wuertemberch waard yn 1952 oprjochte troch de fúzje fan 'e eardere dielsteaten Wuertemberch-Baden, Súd-Baden en Wuertenberch-Hohenzollern.
Geografy
Baden-Wuertemberch grinzet oan Switserlân yn it suden, Frankryk yn it westen en oan de Dútske dielsteaten Rynlân-Palts, Hessen en Beieren.
Foar de westlike en in part fan de súdlike grins is de Ryn beskiedend. It Swarte Wâld is it berchlân wat beëasten de Ryn leit. Baden-Wuertemberch dielt de Bodensee en de Alpen mei Switserlân. De Donau rivier begjint yn Baden-Wuertemberch deunby Donaueschingen.
Bestjoerlike yndeling
Baden-Wuertemberch hat fjouwer Regierungsbezirke (bestjoerlike regio's), dy't mei-inoar wer parte binne yn 35 distrikten (Landkreise) en njoggen stedsdistrikten (Kreisfreie Städte).
Regierungsbezirke (bestjoerlike regio's)
Landkreise (distrikten)
Kreisfreie Städte (stêdsdistrikten)
- Baden-Baden
- Freiburg im Breisgau
- Heidelberg
- Heilbronn
- Karlsruhe
- Mannheim
- Pforzheim
- Stuttgart
- Ulm