Brandenburch (Nedersaksysk: Brannenborg, Leechsorbysk: Kraj Bramborska) is in dielsteat yn it easten fan Dútslân, dy't yn 1990 oprjochte waard nei de Dútske Weriening. It is in dielsteat dêr't net in protte minsken wenje en foaral oriïntearre is op de stêd Berlyn, dat histoarysk besjoen by Brandenburch heart, mar dat der sûnt 1920 as in soartemint enklave middenyn leit. De haadstêd is Potsdam. In oare grutte stêd is Cottbus yn it súdeasten, yn it gebiet dêr't de lytske Sorbyskeminderheid him befynt.