De Elbe ûntspringt yn it Reuzeberchtme yn Tsjechje. Oer Pardubytsje en Ústí nad Labem rint de rivier nei it westen en komt súdeastlik fan Dresden, Dútslân (dielsteat Saksen) yn. It berchich gebiet oant Dresden hjit de Sächsische Schweiz. Fan Riesa ôf berikt de Elbe it leechlân en begjint de middenrin fan de rivier.
Oan de ûnderrin oerhearsket de stêd Hamburch, de grutste stêd oan de Elbe. De Elbe dielt har hjir yn twa tûken op: de Noarderelbe en de Suderelbe, dy't letter wer byinoar komme. It part fan de ûnderrin fan Hamburch oant de Noardsee is bekend as de Niederelbe.
De Elbe mûnet by Cuxhaven fia in estuarium út yn 'e Noardsee. It estuarium berikt by Cuxhaven syn grutste breedte: 15 km. De fuortsetting fan de Elbe yn de Waadsee hjit de Bûtenelbe (Außenelbe).
Yn augustus 2002 hienen grutte dielen fan it streamgebiet fan de Elbe as gefolch fan oerfloedige reinfal te krijen mei earnstige oerstreamings.