Eastsee
De Eastsee (hieltyd faker foutyf de Baltyske See neamd, in anglisisme op basis Baltic Sea) is in see, dy't it Skandinavysk Skiereilân skiedt fan it fêstelân fan Jeropa. De Eastsee is brakker as de Noardsee en de tijferskillen binne lytser. De see bestjit sûnt it 6e milennium f.Kr. Wat de foarm oangiet docht de Eastsee wol wat tinken oan in haadrivier mei sydrivieren (de Finske Golf en de Botnyske Golf). Ut geologysk ûndersyk docht bliken dat hjir yn it Pleistoseen in rivier rûn hawwe moat: de Eridanos. BegrinzingMei de wizers fan de klok mei,
Ta de Eastsee yn rommere sin hearre ek de Botnyske Golf, de Finske Golf, de Golf fan Riga en lytsere baaien ('bochten') en haffen de kust fan Dútslân, Poalen, Ruslân en Litouwen bylâns. Ofwettering en rivierenEstlân, Letlân, Litouwen en Poalen wetterje foar 100% ôf yn de Eastsee, de oare lannen mar foar in part. Ek Tsjechje, Slowakije, Oekraïne en Wyt-Ruslân wetterje foar in part harren boppewetter yn de Eastsee ôf. De wichtichste rivieren dy't op de Eastsee ôfwetterje binne de Weichsel yn Poalen, de Oder ticht by de Poolsk-Dútske grins, de Daugava (of Westlike Dwina) yn Letlân en de Neva yn Ruslân. Havens oan de EastseeGruttte havenplakken fuort- of tichtby de Eastsee binne:
Eilannen yn de EastseeDe grutste eilânnen yn de Eastsee binne: Information related to Eastsee |