De lytse mûsgoffer hat trochinoar in kop-romplingte fan 6–9 sm, mei in sturtlingte fan 4,5–10 sm en in gewicht fan trochinoar 20,1 g. De pels is op 'e rêch hiel dûnker, suver wat swartich, mar ljochtet op 'e siden ta en is op 'e bealchwyt oant bêzje.
Ien fan 'e apartste anatomyske nuveraardichheden fan 'e lytse mûsgoffer (en alle oare mûsgoffers) binne har ekterne wangpûden. Dy sitte net yn 'e mûle, mar ynstee oan 'e bûtenkant fan 'e kop, oer de wangen hinne en sa fierder nei efteren rinnend oant de sydkanten fan 'e hals. De iepenings sitte oan 'e foarkant, deunby de bek. De wangpûden binne oan 'e binnenkant begroeid mei hier en kinne binnenstbûtenst keard wurde om se skjin te hâlden.
Biotoop
It biotoop dêr't lytse mûsgoffers foarkomme, bestiet út steppe en iepen, aride kriten mei strewelleguod, dy't eventueel licht beboske wêze kinne. Rivierdellings yn sokke gebieten hawwe ornaris in tichtere konsintraasje fan 'e bistkes as heger leine kriten. Beskuttende begroeiïng dêr't de lytse mûsgoffer him feilich ûnder fielt, binne fral aalst (Artemisia), stikelmelt (Atriplex confertifolia) en pinjonjeneverbeistrûken (Pinus-Juniperus). Yn 'e Cascades en de Sierra Nevada libbet er mank ponderosadinnen (Pinus ponderosa).
Hâlden en dragen
De lytse mûsgoffer libbet relatyf lang foar in kjifdier: trochinoar 5,8 jier. It is in nachtdier dat de dei trochbringt yn syn ûndergrûnske hoale. Dêr ferbliuwt er ek as him yn it winterhealjier in troch kjeld feroarsake ferstiving oermânsk wurdt dy't lykwols gjin echte wintersliep is. Ekstreme hjittens by 't simmer kin itselde gefolch hawwe. De grutte fan it territoarium fan in lytse mûsgoffer rint útinoar fan 650 oant wol 3.125 m², nei alle gedachten ôfhinklik fan it terrein en de beskikberens fan fretten.
Lytse mûsgoffers plantsje har fuort fan 'e ein fan 'e maityd oant de ein fan 'e simmer, mei in perioade fan ynaktiviteit yn 'e midden fan 'e simmer. De draachtiid duorret 24 dagen, wêrnei't it wyfke in nêst fan ornaris 4–5 jongen smyt, dy't mei 100 dagen geslachtsryp binne. It is foar lytse mûsgoffers normaal om twa nêsten jongen yn 't jier fuort te bringen.
Fretten
Lytse mûsgoffers ite benammentlik sied, mar soms ek griene dielen fan planten. Dêrby giet it fral om ferskate gerzen, lykas Yndiaansk riisgers (Oryzopsis hymenoides) en wylde hjouwer (Bromus tectorum), mar ek sêft sâltkrûd (Kali tragus), antilopebitterkwast (Purshia tridentala), amarant (Amaranthus) en mostertplanten (Brassica). Earder yn it jier, foar't planten sied produsearje, meitsje se ek ynsekten lytsman. Syn fretten garret de lytse mûsgoffer op yn syn wangpûden, sadat er it mei weromnimme kin nei syn hoale om der in foarrie fan oan te lizzen foar krappe tiden of min waar.
Status
De lytse mûsgoffer hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Undersoarten
Der binne 11 of 12 erkende ûndersoarten fan 'e lytse mûsgoffer (stân fan saken anno 2023). Dêrfan wurdt de troch George Bird Grinnell beskreaune gielearmûsgoffer út Kalifornje troch guon mammalogen (bgl. Sulentich, en Genoways en Brown) klassifisearre as Perognathus parvus xanthonotus (wat him ta de tolfde ûndersoarte meitsje soe), wylst oaren (bgl. Jones e.o.) him klassifisearje as in selsstannige soarte, Perognathus xanthonotus.
De (oare) ûndersoarten fan 'e lytse mûsgoffer binne: