De Angelsaksen neamden harsels de Engle of Angelcynn, dat oarspronklik nammen west hiene foar de Angelen. Harren lân neamden se Engla land, wat "it lân fan 'e Angelsaksen" betsjutte. Geandewei de Midsiuwen waard Engla landferbastere fia Engle land en Engeland ta England. Dat wie tsjin 'e fjirtjinde iuw de namme fan it keninkryk wurden.
Nei in nije, grutskalige ynvaazje troch de Wytsingen wist de sterke Westsaksyske kening Alfred de Grutte yn 886Londen te weroverjen. Dat wurdt wol beskôge as de stifting fan in feriene Ingelân, mar dat wie it feitliks net. Neitiid waard Noardumbrje ferskate kearen troch de keningen fan Wesseks 'befrijd' en wer beset troch de Noaren, oant it yn 954 foargoed ferovere waard troch kening Edred fan Ingelân. Om dyselde tiid hinne gie Lothian, dat altyd diel útmakke hie fan Noardumbrje, foargoed ferlern oan Skotlân. Op 12 july927 kamen alle Angelsaksyske keningen gear te Eamont, yn Kumbria, dêr't se Atelstan fan Wesseks erkenden as kening fan 'e Ingelsen. Dat wie it slútstik fan in ferieningsproses dat mear as in iuw duorre hie, en it kin beskôge wurde as de wiere stifting fan it Keninkryk Ingelân.
Nei 26 jier makke de dea fan kening Hardeknút yn 1042 in ein oan 'e Deenske oerhearsking. Dat wie de soan fan Knút de Grutte en Emma fan Normanje, de widdo fan Atelred de Unberette. Om't Hardeknút gjin bern hie, waard er opfolge troch syn healbroerEdwert de Belider, de soan fan Atelred, wêrmei't Ingelân wer in selsstannich lân waard. Mar doe't Edwert yn jannewaris1066 ek sûnder bern stoar, ûntstie der in opfolgingskrisis. Syn sweagerHarold Godwins waard ta kening kroane, mar syn neefWillem de Oermasterder, de hartoch fan Normanje, easke de Ingelske kroan ek op. Yn 'e simmer fan datselde jier diene de Noaren in nije ynfal yn noardlik Ingelân. Harold Godwins sette mei syn leger ôf nei Yorkshire, dêr't er op 25 septimber in klinkende oerwinning boekte yn 'e Slach by Stamford Bridge. Underwilens lâne Willem de Oermasterder lykwols op 'e Ingelske súdkust, by wat bekend kaam te stean as de Normandyske Ynvaazje. Nei in forsearre mars werom nei it suden waard it útputte Ingelske leger op 14 oktober yn 'e Slach by Hastings ferslein troch de Normandiërs. Harold Godwins en syn beide bruorren sneuvelen dêrby, mei as gefolch dat mei Willem de Oermasterder de nije kening fan Ingelân waard.
Underwilens wie it Prinsdom Wales altyd noch in ûnôfhinklik gebiet, hoewol't de Welske hearkers út en troch de oerhearskippij fan 'e kening fan Ingelân erkenden. Sûnt de Normandyske Ynvaazje hiene Normandyskeeallju lykwols dielen fan súdlik Wales en de grinsgebieten ferovere, wêrnei't se bekend kamen te stean as de 'markhearen'. De oanhâldende konflikten dy't dêrút fuortkamen, laten yn 'e twadde helte fan 'e trettjinde iuw ta de ûnmeilydsume Ferovering fan Wales troch Edwert I, dy't yn 1282 foltôge waard mei de dea fan 'e Welske foarst Llywelyn ap Gruffudd. Edwert joech yn 1301 de titelprins fan Wales oan syn soan, de lettere Edwert II, en sûnt is dat altyd de titel fan 'e Ingelske (en letter Britske) kroanprins bleaun.
Edwert III, dy't yn 1327 op 'e Ingelske troan kaam, makke nei de dea sûnder manlike neikommelingen fan syn pakeFilips IV fan Frankryk fia syn memIsabella oanspraak op 'e troan fan it Keninkryk Frankryk. Syn neistribjen fan dy oanspraken late yn 1337 ta it útbrekken fan 'e Hûndertjierrige Oarloch tusken Ingelân en Frankryk, wêrfoar't fiif keningen fan Ingelân efterinoar in grut diel fan harren eigen enerzjy en tiid, en fan it jild en de mankrêft fan harren lân opbrûke soene ear't Ingelân úteinlik yn 1453 einlings en te'n lêsten de striid opjoech. Hoewol't de Ingelsen yn dy snuorje ferskate grutte oerwinnings boekten, koene se úteinlik net tsjin 'e nûmerike oermacht fan 'e Frânsen op. Akwitaanje gie yn dizze oarloch ferlern, en Ingelân behold op 'e kust fan it Jeropeeskefêstelân mar ien inkeld brêgehaad, besteande út 'e stêd Kalês.
It wie ûnder de Hûndertjierrige Oarloch dat der foar it earst in feriene Ingelske identiteit ûntstie dy't sawol de Anglo-Normandyske adel as it Angelsaksyske sljochtwei folk omfieme. Dat wie it gefolch fan 'e oanhâldende fijânskip mei de almar mear nasjonalistysker Frânsen, fan wa't de lieders de eigen ûntjouwing fan 'e Frânske identiteit brûkten om it lân te ferienjen yn 'e striid tsjin 'e Ingelsen. Sadwaande waarden de Anglo-Normandiërs, dy't har oarspronklik mear identifisearre hiene mei de Frânsen as mei harren eigen Angelsaksyske ûnderdienen, bûtensletten troch de Frânsen. It wie dan ek gjin tafal dat it Ingelsk yn dizze selde tiid yn Ingelân ynfierd waard as taal fan 'e rjochterlike macht.
Ingelân wie noch net iens útpûst nei de ein fan 'e Hûndertjierrige Oarloch doe't yn 1455 in boargeroarloch útbriek tusken de HuzenYork en Lancaster, dy't beide ôfstammen fan Edwert III. Dat konflikt kaam (folle letter) bekend te stean as de Roaze-oarloggen, om't it wapen fan it Hûs York in wite roas wie, en dat fan it Hûs Lancaster in reade roas. Hjirby tsierden de beide dynastyen oanhâldend om it besit fan 'e Ingelske troan, wat oanlieding joech ta in rige bloedige konflikten dy't mei tuskenskoften oanholden oant 1487. Uteinlik kaam yn 1485 it Hûs Tudor op 'e troan yn 'e persoan fan Hindrik VII, in ôfstammeling fan in oerwûn lid fan it Hûs Lancaster, dy't troud wie mei Elizabeth fan York, in lid fan it Hûs York.
Hindrik VIII wie ek ferantwurdlik foar oare wichtige feroarings. Nei de ferovering troch Edwert I hie Wales syn eigen wetten en bestjoer beholden, mar ûnder Hindrik VIII waarden mei de Wetten op de Welske Wetjouwing tusken 1535 en 1542 it Welsk rjocht ôfskaft. Neitiid waard de Ingelske wetjouwing yn Wales fan krêft, en teffens waard Wales yn Ingelân ynkorporearre, sadat it neitiid fertsjintwurdige wie yn Parlemint fan Ingelân. Fierders rôp Hindrik himsels yn 1541 út ta kening fan Ierlân, wêrmei't dat keninkryk yn in personele uny mei Ingelân ferbûn waard.
Nei Hindrik syn dea, yn 1547, waard er opfolge troch syn syklikesoanEdwert VI, dy't yn 1553 ek stoar. Dêrnei kaam Hindrik syn dochterMarije de Bloedige op 'e troan, in roomse dy't fel op 'e Reformaasje tsjin wie en besocht om dy werom te draaien, mei in bloedige godstsjinststriid ta gefolch. Under Marije har regear gie yn 1558 fierders Kalês ferlern oan Frankryk. Nei har dea, yn 1558, waard se opfolge troch har healsusterElizabeth I, byneamd de Virgin Queen, om't hja nea troude. Under har bewâld, dat bekend kaam te stean as de Elizabetaanske Tiid, kaam de Ingelske kultuer ta grutte bloei, mei as wichtichste fertsjintwurdiger de wiidferneamde toanielskriuwer en dichterWilliam Shakespeare. Elizabeth wie fan betinken dat Ingelân, as eilânnaasje, in sterke marine hawwe moast, en yn 1588 wie dy sa mânsk groeid dat er mei help fan 'e Steatskefloat ôfweve koe mei de Spaanske Armada, dy't troch de roomske Filips II fan Spanje stjoerd wie om 'e protestantske Elizabeth fan 'e troan te stjitten.
It tiidrek fan 'e Stuarts
It Hûs Tudor stoar yn 1603 út mei de dea fan Elizabeth I. Der ûntstie lykwols gjin opfolgingskrisis, mei't hja foartiid har efterneef, de Skotske kening Jakobus VI, al oanwiisd hie as har erfgenamt. Sadwaande waard dy doe ek kening fan Ingelân ûnder de namme Jakobus I. Dêrmei kaam it Hûs Stuart op 'e Ingelske troan, en teffens ûntstie der sa in personele uny tusken Ingelân en Skotlân, de Uny fan de Kroanen, hoewol't dy beide keninkriken fierders folslein apart faninoar bestjoerd waarden.
Karel II waard yn 1685 opfolge troch syn jongere broer Jakobus II, dy't roomske sympatyen hie, en inkeld dulde waard om't er sels opfolge wurde soe troch syn protestantsksinnige dochter Marije II. Doe't Jakobus lykwols op syn âlde dei noch in manlike kroanprins produsearre (Jakobus III), dy't sûnder mis roomsk grutbrocht wurde soe, kaam it folk yn opstân. Marije en har man, de HollânskesteedhâlderWillem III fan Oranje-Nassau, waarden útnûge om oer te kommen, en lânen mei in ynvaazjeleger op 'e Súdingelske kust. Dêrnei waard Jakobus II by de Glorieuze Revolúsje troch syn dochter en skoansoan oan 'e kant set en yn ballingskip jage. Neitiid regearren Willem en Marije tegearre oer Ingelân oant har dea 1694, wêrnei't hy allinnich kening waard. Doe't er yn 1702 sûnder bern ferstoar, waard er opfolge troch syn skoansusterAnne, Marije har suster.
Anne wie de lêste monarch fan Ingelân, mei't dat lân yn 1707 ophold te bestean doe't mei it Ferdrach fan de Uny en de beide (Ingelske en Skotske) Wetten op de Uny it feriene Keninkryk Grut-Brittanje skepen waard, mei ien parlemint en ien regear (allebeide yn Londen). Dat barde nei it jammerdearlik ferrûne besykjen om in Skotske koloanje te stiftsjen yn wat no Panama is, dêr't nei't sein wurdt frijwol alle grûnbesitters yn Skotlân jild yn stutsen hiene. It bankrot fan 'e Skotske elite, dat dêr it gefolch fan wie, die in protte om sokken derfan te oertsjûgjen dat de uny mei Ingelân in goed ding wie (foar de miening fan it gewoane folk hie doedestiden nimmen belangstelling), en Ingelske drigeminten dat der oarloch komme soe as de Skotten net omlyk woene, beklonken de kwestje. It Keninkryk Grut-Brittanje bestie oant 1801, doe't troch de tafoeging fan it Keninkryk Ierlân it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Ierlân ûntstie. Yn 1922 waard dat lân fanwegen de ôfskieding fan 'e Ierske Frijsteat omneamd ta it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân, dat anno 2017 noch bestiet.
It Keninkryk Ingelân hie omtrint 1283 nei skatting sa'n 500.000 ynwenners, wat delkaam op in befolkingstichtens fan 3,4 minsken de km². Yn dy tiid moat de befolking fluch oanwoeksen wêze, mar de Swarte Dea, de pestepidemy dy't it lân yn 1349 trof, makke dêr in ein oan. Sadwaande hie Ingelân yn 1542 noch mar sa'n 3 miljoen ynwenners, mei in befolkingstichtens fan 20,7 minsken de km². Yn 1707, it lêste jier fan it bestean fan it Keninkryk Ingelân, waard de befolking rûsd op sa'n 5.750.000 lju, sadat de befolkingstichtens 38,1 minsken de km² bedroech.