Doe't Coleman yn 2005 op audysje gie by ferskate toanielskoallen, waard har de rol fan Jasmine Thomas oanbean yn 'e BritskesoapsearjeEmmerdale. Se gie dêr op yn en spile dy rol 168 ôfleverings lang, fan 2005 oant 2009. Yn 2006 waard se nominearre foar de National Television Award yn de kategory populêrste nijynkommeling, en yn 2007 waard se by de útrikking fan 'e British Soap Awards útroppen ta bêste nijynkommeling. Yn 2009 waard se fierders nominearre foar de British Soap Awards yn de kategoryen bêste aktrise, meast seksyfrou en bêste aktearprestaasje.
Yn 2009 hie Coleman in haadrol yn 'e Britske jongereinsearjeWaterloo Road, as de ûnmeilydsume tiner Lindsay James. Mei't se doedestiden 23 jier wie, fertelde Coleman letter dat se it spyljen fan in skoalfamke "surreälistysk" fûn hie. Yn desimber2010 waard bekendmakke dat Coleman de rol fan Susan Brown spylje soe yn 'e BBC-tillefyzjesearjeRoom at the Top, nei in roman fan John Braine. It wie oarspronklik de bedoeling dat dy rige yn april2011 útstjoerd wurde soe, mar dat stûke doe't der in skeel oer de auteursrjochten ûntstie tusken de makkers en de erven Braine. Nei't de ûnienichheid yn 2012 bylein waard, koe de twadielige minysearje yn septimber fan dat jier dochs noch útstjoerd wurde.
Yn maart2012 waard Coleman yn ien fan har bekendste rollen cast as Clara Oswald, de selskipsfrou fan 'e Alfde Dokter (spile troch Matt Smith) en de Tolfde Dokter (spile troch Peter Capaldi), yn 'e populêre science fiction-searje Doctor Who. Coleman spile dy rol oant en mei 2015, yn 'e sânde oant en mei de njoggende searje fan Doctor Who, hoewol't se yn 2017 noch foar in kameo weromkearde yn Twice Upon a Time, de krystôflevering fan 2017. Foar de rol fan Clara Oswald waard Coleman yn 2015 nominearre foar in Saturn Award yn 'e kategory bêste byrol fan in aktrise op 'e tillefyzje. Dêrnjonken wie Coleman yn 2013 ek te sjen yn 'e tillefyzjesearjesDeath Comes to Pemberley, in moardmystearje nei de roman mei deselde namme fan P.D. James, en Dancing on the Edge, oer it wol en wee fan in swartejazz-band yn 'e 1930-er jierren. Datselde jiers begûn Coleman, dy't har oant doe ta 'Jenna-Louise Coleman' neamd hie, as artystenamme de ferkoarte foarm 'Jenna Coleman' te brûken.
Yn 2016 wie Coleman op 'e tillefyzje te sjen as de njoggentjinde-iuwske Britske keninginneFiktoaria yn 'e biografyskekostúmdramarigeVictoria. Yn in fraachpetear joech Coleman letter ta dat se net alhiel op 'e hichte wie mei it Fiktoriaanske Tiidrek doe't se yn 'e rol fan 'e foarstinne cast waard, en dat se harsels by de tiid bringe moatten hie troch har yn 'e rol yn te lêzen. Ek sei se dat de rol fan Fiktoaria har einlik útbriek út it fakje fan "fanke út 'e arbeidersklasse út Noard-Ingelân" dêr't se troch har rol yn Emmerdale yn bedarre wie. Victoria waard in grut súkses, net inkeld yn it Feriene Keninkryk, mar ek dêrbûten. Coleman wûn der sadwaande ynternasjonale bekendheid mei. ProdusintITV besleat yn 2016 om in twadde seizoen fan Victoria te meitsjen, en yn desimber2017 waard besletten ta in trêde seizoen. Foar har rol as keninginne Fiktoaria wûn Coleman yn 2017 in Golden Nymph Award foar bêste aktrise yn in dramasearje, en waard se yn 2017 en 2018 nominearre foar in National Television Award foar bêste optreden yn in dramasearje.