It wurd 'indigo' komt fan it Aldgrykske Ἰνδικὸν φάρμακον, Indikon farmakon, dat safolle betsjut as "Yndyske ferve". De namme waard yn it Latyn oernommen as indicum en belâne dêrwei yn it Portegeesk as indigo. Yn dy foarm waard it yn 'e measte oare talen opnommen.
Yn 'e santjinde iuw yntrodusearre de IngelskenatuerkundigesirIsaac Newton indigo as ien fan 'e sân basiskleuren, dy't tagelyk ek de kleuren fan 'e reinbôge wiene: read, oranje, giel, grien, blau, indigo en fiolet. Hjirby moat oantekene wurde dat it bûten de natuerkunde gebrûkliker is om 'e kleuren fan 'e reinbôge te beneamen as: read, oranje, giel, grien, blau en pears. Newton brûkte it spesifikere fiolet ynstee fan pears en foege indigo as in sânde kleur ta tusken blau en fiolet yn.
Dat lêste hat ta frijwat hollebrekken laat. It minsklikeach hat nammentlik muoite om tinten útinoar te hâlden dy't lizze yn 'e weachlingten tusken blau en fiolet. As Newton dêr in ekstra kleur tafoege, soene de measte lju dy net fan blau en/of fiolet ûnderskiede kinne. Isaac Asimov sei dêroer: "It is wizânsje om indigo te neamen as kleur dy't tusken blau en fiolet yn leit, mar it hat my nea talike dat indigo de weardichheid wurdich is om as aparte kleur beskôge te wurden. Yn myn eagen liket it inkeld djip blau."
Hjoeddeistige natuerkundigen binne mei dêrom fan betinken dat de kleuren fan Newton net de kleuren binne sa't men dy tsjintwurdich omskriuwe soe. Gary Waldman woe hawwe: "in soarchfâldige lêzing fan Newtons wurk jout oan dat de kleur dy't hy beneamde as indigo, troch ús ornaris blau neamd wurde soe; syn blau is dan wat wy grienblau, syaan of ljochtblau neame soene." As dat wier is, soene Newton syn sân kleuren fan 'e reinbôge west hawwe:
De measte moderne kolorimetristen (of kleurwittenskippers) sette de skieding tusken blau en fiolet yn it spektrum op likernôch 450 nm. Dêrby wurdt dan dus gjin romte oerlitten foar in aparte kleur indigo, wat betsjut dat indigo weromset wurdt ta in tint fan blau.
Foarkommen
It Frânske Leger naam om 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje hinne (1789) indigo oan as kleur fan 'e militêre unifoarmen. Dêrmei waarden de wite unifoarmen ferfongen dy't earder troch de ynfanteryrezjiminten fan it Keninkryk Frankryk droegen wiene, mei't wyt de kleur fan it monargisme wie ûnder it regear fan it Hûs Boerbon. Yn 1806 besleat Napoleon om syn soldaten wer yn wite jassen te klaaien om't troch de Britskeblokkade de ynfier fan indigokleurstof stil kommen wie te lizzen. Underwilens wie de blauwe kleur fan indigo lykwols sa ynboargere rekke en wiene de soldaten sa wend rekke oan 'e gruttere praktyske wearde fan 'e nije kleur, dat dat plan in stille dea stoar. Indigoblau soe de Frânske unifoarmkleur bliuwe oant fier yn 'e Earste Wrâldoarloch, doe't lang om let de legerlieding oerstaach gie en unifoarmen yn in grienekamûflaazjekleur ynfierde.
Yn 2008 ûntdieken wittenskippers dat bananen ûnder in blacklight fel indigo opljochtsje as se ryp binne en ree om opiten te wurden. Guon ynsekten, en teffens beskate soartenflearmûzen en fûgels, kinnen yn it ultrafiolette diel fan it spektrum sjen om't se tetragromatyskgesichtsfermogen hawwe. (Dat betsjut letterlik dat se "fjouwer kleuren ljocht" sjogge: read, grien, blau en ultrafiolet.) Sadwaande kinne dy bisten oan 'e indigoglâns fan fierrens al sjen oft bananen ytber binne. De glâns is it resultaat fan in gemyske stof dy't ûntstiet as it griene glorofyl yn 'e skyl fan 'e banaan ôfbrutsen wurdt en de banaan dêrmei (foar minsklike eagen) syn giele kleur kriget.
Indigotinten
Hjirûnder inkele kleurtinten dy't wol omskreaun wurde as 'indigo':