Neitiid ropt Kommodus himsels út ta de nije keizer en freget Maksimus om syn trou. De generaal wegeret lykwols, en wurdt dêrop finzennommen troch de Pretoriaanske Garde. Hy freget om genede foar syn frou en jonge soan, mar wurdt ferteld dat er harren wersjen sil yn it hjirneimels. Fjouwer Pretorianen nimme him mei nei in ôfhandich plak yn 'e bosk, dêr't se him op befel fan Kommodus om hals bringe wolle. Maksimus wit lykwols ynstee de fjouwer mannen te deadzjen en te ûntsnappen, hoewol't er dêrby in djippe wûne oan it skouder oprint. Mei de hynders fan 'e Pretorianen hastiget er him dwers troch it Romeinske Ryk nei hûs yn Hispanje om wiif en bern te rêden, mar troch bloedferlies en koartsigens ferswakke, arrivearret er te let en treft by syn filla by Trujillo de krusige en libben ferbrândestoflike omskotten fan syn frou en soan oan.
Neitiid rekket Maksimus troch de ynfeksje dy't er oan it skouder oprûn hat, alhiel út 'e tiid. As er wer bykomt, docht bliken dat er finzennommen is troch in slavekeapman. Hy wurdt fersoarge om him der wer boppe-op te helpen, mar inkeld sadat de slavekeapman oan him fertsjinje kin troch him te ferkeapjen. Maksimus bedarret yn 'e stêd Zûkkabar, dêr't er kocht wurdt troch in Proksimo, de eigner fan in gladiatorskoalle. Yn 't earstoan wegeret Maksimus as gladiator te fjochtsjen. Nei't er lykwols mei in keatling oan 'e Numidyskeslaaf Djûba fêstklonken is, deselde dy't him fersoarge hat doe't er heal dea wie, wurdt er wol twongen om te fjochtsjen, om't in wegering betsjutte soe dat net inkeld hysels, mar ek Djûba troch harren tsjinstanners deade wurdt. Yn 'e gladiatorskoalle slút Maksimus freonskip mei Djûba en mei Hagen, in Germaan. Troch syn ûnderfinings op it slachfjild binne de gefjochten yn 'e arena mar bernespul foar Maksimus, en troch syn súksessen wint er it respekt fan 'e oare gladiators en de bewûndering fan it publyk.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Proksimo, dy't foarhinne sels ek gladiator west hat en yn it Kolosseum yn Rome fochten hat, nimt syn gladiators mei nei Rome as Kommodus dêr 150 dagen fan feest en spullen organisearret om 'e Romeinske befolking foar syn regear te winnen. Maksimus, dy't hopet op in kâns om wraak te nimmen en Kommodus te deadzjen, fynt yn 'e ferhuzing nei Rome in nije reden om te libjen. Mei in gesichtsbedekkendehelm op nimt er diel oan in gladiatorgefjocht wêrby't de histoaryske oerwinning fan 'e Romeinen op 'e Kartagers yn 'e Slach by Sama neispile wurde moat. Maksimus-en-dy wurde yn 'e rol fan 'e Kartagers twongen en it is de bedoeling dat se ôfslachte wurde sille. As Maksimus syn 'troepen' ûnferwachts nei de oerwinning liedt, komt keizer Kommodus fan syn hege sit del nei de arenaflier om him te moetsjen. Dan kin Maksimus net oars as syn identiteit bekend meitsje, en dêrmei ek syn lust foar wraak. Om't it publyk lykwols lôgjende entûsjast is oer Maksimus, is Kommodus twongen om him libje te litten as er net alle goede wil dy't er mei syn feesten opboud hat, ferspylje wol.
Neitiid wurdt Maksimus yn 'e slavebarakken fan Proksimo opsocht troch prinsesseLusilla, de suster fan Kommodus. Hja is in widdo mei in jonge soan, dy't lang lyn in relaasje mei Maksimus hân hat, en se besiket syn help te winnen foar in gearspanning om har broer ôf te setten. Maksimus hat dêr lykwols gjin boadskip oan. Syn folgjende gefjocht is tsjin 'e legindaryske ûnfersleine (en al jierren pinsjonearre) gladiator Tigris fan Galje, dy't troch Kommodus weromhelle is nei de arena om mei Maksimus ôf te weven. De keizer hat beävensearre dat ûnder it twagefjocht in stikmannich tigers op Maksimus loslitten wurde sille, mar Maksimus wit de bisten te ûntwiken en wint it gefjocht. It publyk raast om 'e dea fan Tigris, en Kommodus oarderet Maksimus mei de tomme omleech om 'e eardere kampioen de genedeklap ta te bringen, mar Maksimus wegeret en rint fuort.
Kommodus soe tocht hawwe dat it publyk him dan wol tsjin Maskimus keare soe, mar neat is minder wier, en de generaal wurdt no priizge as 'Maksimus de Genedige'. Kommodus siket Maksimus jitris op 'e arenaflier op en besiket him mei manipulaasje ta in oanfal op himsels te bringen troch pynlike opmerkings oer syn frou en soan te meitsjen. Mar Maksimus wit dat er, omjûn troch leden fan 'e Pretoriaanske Garde, gjin skyn fan kâns hat om 'e keizer te deadzjen, en keart Kommodus de rêch ta. Hy beseft dat er miskien te hastich west hat troch de foarstellen fan Lusilla ôf te wizen. As er fan Sisero, syn eardere oppasser út 'e tiid doe't er noch ofsier wie, fernimt dat syn legioenen him noch altyd trou binne en fuortby Rome yn Ostia legere binne, stjoert er Sisero mei in boadskip nei Lusilla ta. Dyselde besiket Maksimus op 'e nij op, en bringt diskear senator Grachus mei, de lieder fan 'e opposysje tsjin Kommodus yn 'e Romeinske Senaat. Se prate ôf dat Grachus Maksimus frijkeapje sil, wêrnei't Maksimus út Rome ûntsnappe, nei Ostia ride en syn legioenen ophelje sil om Kommodus ôf te setten. Dêrnei sil er de macht oerdrage oan 'e Senaat.
Kommodus, dy't net fan juster is, wit dat der wat geande is. Troch syn omkesizzer Lusius Fearus, de jonge soan fan Lusilla, út te kloarkjen, bewissiget er him fan syn fermoeden dat Lusilla tsjin him gearspant. Letter kriget er Lusilla, troch Lusius te bedriigjen, safier dat se al har bûnsgenoaten ferriedt. Fan no ôf oan, sa fertelt Kommodus oan syn suster, sil er har soan as gizelder foar har goed gedrach brûke. Ek sille se libje sa't er altyd al wollen hat, as man en frou, sadat se him in opfolger skinke kin dy't fan nommel bloed is. De Pretoriaanske Garde nimt Grachus yn 'e hechten en komt ek by de slavebarakken dêr't Maksimus en syn maten sliepe. Proksimo wegeret lykwols iepen te dwaan en jout syn slaven ynstee de kaaien fan it koaiwurk dêr't de barakken mei ôfsletten binne. Wylst de oare gladiators it opnimme tsjin 'e binnenbrekkende Pretoriaanske Garde, naait Maksimus út fia in tunnel dy't tagong jout ta de Romeinske katakomben. By it gefjocht komme Hagen en ferskate oare gladiators om. Proksimo wurdt letter yn syn keamer troch leden fan 'e Pretoriaanske Garde fermoarde. Maksimus berikt it ôfsprutsen plak dêr't Sisero op him wachtet, mar it blykt in falstrik te wêzen: Sisero wurdt deade en Maksimus wurdt finzennommen.
Kommodus sjocht no in kâns om 'e goedkarring fan it miene folk te winnen troch Maksimus yn in gefjocht yn 'e arena fan it Kolosseum te ferslaan en te deadzjen. Om't er der wol wis fan wêze wol dat er winne sil, stekt er de generaal foarôf ferriedlik mei in dagge djip yn 'e side, sadat er stadichoan deabliedt. Nettsjinsteande syn fatale ferwûnings wit Maksimus de keizer by harren swurdgefjocht lykwols te ûntwapenjen. Kommodus ropt dêrop de Pretoriaanske Garde te help, mar de kommandant, generaal Kwintus, wegeret yn te gripen. Dêrop hellet Kommodus deselde dagge wer foar it ljocht dêr't er Maksimus earder mei ferwûne hat, mar as er syn fijân dêrmei te liif giet, driuwt Maksimus it wapen by de keizer sels yn 'e kiel en deadet him. Nei't er opdracht jûn hat om Grachus en de oerlibjende gladiators fan Proksimo frij te litten en politike herfoarmings troch te fieren, beswykt Maksimus oan 'e wûne dy't Kommodus him tabrocht hat. Op Lusilla har fersyk drage de gladiators, Grachus, Kwintus en Lusius Fearus syn stoflik omskot mei eare út 'e arena wei, mar it lyk fan Kommodus litte se lizze.
Neitiid keart de befrijde Djûba nachts werom nei it Kolosseum om 'e byldsjes fan 'e frou en soan fan Maksimus, dy't ûnderdiel útmakken fan 'e heidenskeleauwenspraktyk fan 'e generaal, te begraven op it plak yn 'e arena dêr't er stoarn is. Hy ûnthjit Maksimus dat hysels him yn it hjirneimels weromsjen sil, "mar no noch net".
Gladiator krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes. CNN neamde de fjildslach tsjin 'e Germanen as ien fan 'e "favorite slachsênes op it wite doek", wylst Marc Bernadin fan it tydskriftEntertainment Weekly Maksimus útrôp ta syn "op fiif nei favorite aksjeheld" omreden fan "Crowe syn hurde, op it moed kommende optreden." Yn itselde blêd neamde Gary Susman Gladiator syn op twa nei favorite wraakfilm. Yn desimber2000 waard Gladiator troch de sjoggers fan 'e BritsketillefyzjefilmrubrykFilm 2000 útroppen ta de bêste film fan it jier (mei 40% fan 'e stimmen), en by in opinypeiling troch de Britske tillefyzjestjoerderChannel 4, yn 2002, kaam Gladiator út 'e bus as de op fiif nei bêste film aller tiden.
Net eltsenien wie it dêrmei iens. De foaroansteande Amerikaanske resinsint Roger Ebert joech Gladiator yn 'e Chicago Sun-Times mar 2 fan 4 stjerren en omskreau it oansjen fan 'e film as "troebel, dizenich en ûndúdlik". Hy hie ek gjin goed wurd oer foar it senario, dat neffens him "depressiviteit brûkt as ferfanging foar persoanlikheid, en mient dat as personaazjes mar bitter en somber genôch binne, it ús net opfalle sil hoe saai oft se eins wol net binne." Camille Paglia wie it mei him iens en neamde Gladiator "saai, min yn byld brocht en grôtfol sentimintelepolityk korrekte flauwekul."
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Gladiator in goedkarringspersintaazje fan 77%, basearre op 189 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Ridley Scott en in treflike cast bringe mei súkses de yntinsiteit fan 'e Romeinskegladiatorgefjochten oer en teffens de politike yntriizjes dy't ûnder it oerflak broeie." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Gladiator in goedkarringspersintaazje fan 67%, basearre op 46 resinsjes.
Historisiteit
Gladiator is hiel loskes basearre op echte foarfallen út it Romeinske Ryk yn 'e twadde helte fan 'e twadde iuw. RegisseurRidley Scott woe de kultuer fan 'e Romeinen sa akkuraat mooglik yn byld bringe, en sette dêrom ferskate histoarisy yn as adviseurs. Nettsjinsteande dat wykt de film op in hiele rige plakken ôf fan 'e skiednis. Dy feroarings waarden makke om it ferhaal ynteressant te hâlden, om 'e plot te skewielen en om praktyske of feilichheidstechnyske redens. Sa makket de Romeinske kavalery yn 'e film gebrûk fan stiichbûgels, dy't doe noch net útfûn wiene. Yn 'e Romeinske Tiid hynsteried men mei in twahoarnich seal sûnder stiichbûgels, wat folle mear feardichheid en ûnderfining fereaske as it hynsteriden fan hjoed de dei.
Scott fertelde letter yn in fraachpetear dat er guon histoaryske eleminten út it senario skrast hie, om't dy neffens him foar it hjoeddeistige filmpublyk te ûnoannimlik west hawwe soene. Bioskoopgongers hawwe harren kennis oer it Romeinske Ryk, neffens him, nammentlik fral fan eardere films. Sa woe in iere ferzje fan it senario de gladiators yn 'e arena reklame meitsje litte foar produkten fan sponsors. Dat wie histoarysk akkuraat, mar Scott ornearre dat it filmpublyk it nea leaud hawwe soe en it beskôge hawwe soe as in anagronisme.
Wat de histoaryske figueren yn 'e film oangiet, moat men Gladiator beslist net as in wier ferhaal oannimme. Keizer Markus Aurelius waard net fermoarde troch syn soan Kommodus, mar stoar yn 180 yn Vindobona (Wenen) oan 'e Antonynske pest, in goarre dy't wierskynlik in epidemy fan 'e pokken of de mûzels wie. Der bestiet gjin inkele oanwizing dat Markus Aurelius fan Rome wer in republyk meitsje woe. Ynstee hearske er de lêste trije jier tegearre mei Kommodus, dy't nei syn dea allinnich trochregearre.
Yn it begjin fan 'e film besljochtet Markus Aurelius (troch de ynset fan Maksimus) de Markomanne-oarloch yn it foardiel fan it Romeinske Ryk, wylst dy eins noch yn folle gong wie doe't er stoar. Nei syn dea makke Kommodus der in ein oan troch mei de Markomannen en de Kwaden in fredesferdrach te sluten. Markus Aurelius lei ek net it near op 'e gladiatorgefjochten yn Rome (sa't de film hawwe wol), mar inkeld yn Antiochië, as straf foar de stipe fan dy stêd oan 'e usurpatorAvidius Kassius. Wol ronsele er de gladiators fan Rome foar syn legioenen, wat resultearre yn in tekoart oan gladiators foar de gladiatorgefjochten, in ûntefreden befolking en in bûtenkâns foar eigners fan gladiatorskoallen (lykas de Proksimo yn 'e film) om mei ûnûnderfûne of net bot talintearre gladiators gâns jild te fertsjinjen.
It personaazje fan Maksimus is net histoarysk, mar liket eleminten te ferienjen fan ferskate histoaryske figueren:
en Sinsinnatus, in boer dy't yn 'e fyfde iuw f.Kr. ta diktator beneamd waard, Rome rêde fan in ynvaazje en dêrnei syn oanstelling fan seis moannen al nei fyftjin dagen opsei.
Hoewol't keizer Kommodus wol deeglik meidie oan gefjochten yn it Kolosseum, kaam er net om yn 'e arena, mar waard er nei in reger fan tolve jier yn syn badsmoard troch de wrakselder Nasissus. Syn suster Lusilla wurdt yn 'e film ôfskildere as de widdo fan Lusius Fearus mei ien soan dy't ek fan Lusius Fearus hjit. Yn it echt wie se yndie de widdo fan Lusius Fearus, mar stoar har soan jong, lang foar't Kommodus oan it bewâld kaam, en ek hie se út har houlik mei Lusius Fearus noch twa dochters, Lusilla Plautia en Aurelia Lusilla. Boppedat wie se fuort nei de dea fan earste man wertroud mei Klaudius Pompejanus. Yn 'e mande mei har twadde man en ferskate oaren waard se yn 182 skuldich befûn oan in gearspanning tsjin Kommodus, wêrnei't se ferballe waard nei it eilân Capri. Dêre waard se letter datselde jiers op syn befel fermoarde.
Fierders waard Gladiator nominearre foar fiif Golden Globes, wêrûnder de prizen foar bêste regisseur, bêste akteur yn in dramafilm (Crowe) en bêste byrol fan in akteur (Phoenix). De film wûn de Golden Globes foar bêste dramafilm en bêste orizjinele filmmuzyk. By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Gladiator nominearre yn fjirtjin kategoryen. Dêrfan wûn er de BAFTA's foar bêste film, bêste kamerarezjy, bêste produksje-ûntwerp (Arthur Max) en bêste special effects. Gladiator waard ek nominearre foar seis Saturn Awards, mar wûn net ien.