Eric Clapton, folút Eric Patrick Clapton, berne te Ripley yn Ingelân op 30 maart1945, is in Ingelske gitarist, mei as bynamme Slowhand. Hy learde al op jonge leeftyd gitaar spyljen en yn syn jonge jierren lústere hy in soad nei bluesartysten wêrfan Robert Johnson him it leafst wie.
Libben
Clapton makke foar it earst namme as lid fan in troch pop beynfloede rock and rol band mei de namme Yardbirds dat yn 1064 mei "For your Love" in hit skoarde. Hy woe lykwols werom nei de blues. Mei de Yardbirds sette hy de earste stap troch yn 1965 opnames te meitsjen mei Sonny Boy Williams. Yn datselde jier waard hy tegearre mei John Mayall lid fan de Bluesbreakers.
Yn 1966 ferliet hy de band om't Clapton it tradisjonele blueskonsept fan Mayall te benearjend fûn. De band Cream wie syn nije muzikale ûnderkommen. Alhoewol Jack Bruce dêr de measte sjongpartijen foar syn rekken naam, ûntwikkele Clapton him dêr ek as sjonger. Op it lêste album fan Cream, "Goodbye" dat yn 1968 útkaam, stiet it nûmer "Badge" dat Clapton tegearre mei George Harrison fan The Beatles makke hie. De freonskip tusken dy twa makke dat Clapton syn gitaarspul te hearren is yn it nûmer "While my guitar gently weeps" op it "White Album" fan de The Beatles. De freonskip tusken de twa bekuolle doe't Harrison syn frou, Pattie Boyd, him ferliet foar Clapton. Yn de maaitiid fan 2005 kamen de âlde leden fan Cream, Clapton, Bruce en Ginger Baker wer byinoar foar in searje optredens yn de Feriene Steaten.
Nei spile te hawwen yn ûnder oaren Blind Faith en Delaney & Bonnie & Friends, naam Clapton in solo-album op. Mei de studio-artysten fan dat solo album en firtuoas op de slidegitaar Duanne Allman brocht er as "Derek and the Dominos" it album Layla and Other Assorted Love Songs út. It titelnûmer fan it album is noch altyd ien de meast spile rocknûmers. Op it sterk troch blues beynfloede album foel benammen de gouden kombinaasje fan it gitaarspul fan Allman en Clapton op.
Clapton hie al muzikaal sukses, mar syn persoanlike libben wie in gaos. Hy gie heroïne-ferslave troch it libben. It soe oant 1974 duorje foar't Clapton, wer suver frij fan syn ferslaving, in nij album, 461 Ocean Boulevard, útbrocht. De hit "I Shot the Sheriff" makke reggae populêr by in grutter publyk.
Oan it ein fan 70-er jierren hie Clapton muoite om oansluting te finen by de destiidse popmuzyk. Hy rekke oan de drank en moast dêrfoar opnommen wurde. Hy pakt it meitsjen fan albums wer op, wêrby't Clapton muzikaal sjoen geandewei wer tichter by de blues komt.
Yn it begjin fan de 90-er jierren slacht it needlot ta. Op 27 augustus1990 komt, tusken twa konserten gitarist Stevie Ray Vaughan tegearre mei twa leden fan syn 'crew' om by in helikopter-ûngemak. Op 20 maart1991 komt Clapton syn 4-jierrich soantsje Conor om troch in fal út in raam. Yn "Tears In Heaven" klinkt it fertriet fan Clapton oer dizze foarfallen troch.
Clapton wûn ferskate kearen in Grammy Award, û.o. mei it album "Unplugged". Yn de lette 90-er jierren wurke Clapton fierder noch mei mannen as Carlos Santana en B.B. King. Yn 2004 brocht Eric Clapton mei it album "Me and Mr. Johnson" in oade oan syn âlde ynspirator Robert Johnson.