Ein 1875 of begjin 1876 waard troch de goudsikers in delsetting oan 'e noardkant fan 'e Black Hills stifte, dy't nei in stikmannich deade beammen, dy't dêr yn in ravyn oantroffen waarden, de namme Deadwood krige. Deadwood wie yn 't earstoan in yllegaal en wetteleas plak, dêr't it rjocht fan 'e sterkste gou. De befolking woeks yn minder as in jier tiid oan ta likernôch 5.000 minsken. Dat wiene net inkeld goudsikers, mar ek slûchslimme ûndernimmers, lykas salooneigners en bordeelhâlders, dy't net foar it goud kamen, mar foar de goudsikers sels, dy't in folle betrouberder boarne fan ynkomsten foarmen. Ferskate madammen út Deadwood waarden by namme bekend, ûnder wa Dora DuFran, de rykstefrou fan 'e stêd, en Mollie Johnson.
De moardner fan Hickok, in Jack McCall, waard foar de moard yn Deadwood berjochte en frijsprutsen, mar letter waard er op 'e nij foar de rjochter brocht. Hoewol't men yn it Amerikaanske strafrjocht net twaris foar itselde fergryp (double jeopardy) berjochte wurde kin, lei dat yn dit gefal oars, om't Deadwood in yllegaal plak wie, en de dêr holden rjochtsaak dus net erkend waard troch de Amerikaanske autoriteiten. McCall koe dêrom op 'e nij berjochte wurde, en diskear waard er skuldich befûn oan moard en neitiid ophongen.
Geandewei 1876 waard foar it goudsykjen oerstapt fan goudpanjen op wiere mynbou. Dat wie mear wat foar bedriuwen, dat de measte yndividuële goudsikers sochten har heil doe earne oars yn 'e Black Hills of teagen hielendal út 'e krite fuort. Dêrmei ferlear Deadwood stadichoan wat fan syn rûgens, en begûn it út te groeien ta in wolfarrend mynstedsje. Op 12 augustus1876 briek der in epidemy fan 'e pokken út, dêr't safolle lju siik fan rekken, dat der karantênetinten opset waarden 'e siken fan 'e sûnen te skieden. Yn dyselde snuorje late generaalGeorge Crook syn troepen yn it ramt fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876 fanôf de rivier de Rosebud yn Montana nei it easten ta op in fjildtocht dy't bekend kaam te stean as de Hynstefleismars, om't de soldaten úteinlik inkeld noch harren eigen hynders hiene om op te iten. Dy fjildtocht einige mids septimber yn Deadwood.
In brân wêrby't yn desimber1987 it histoaryske Syndicate Building yn flammen opgie, late ta nije belangstelling foar Deadwood. Der ûntstiene plannen om gokken yn it stedsje te legalisearjen om 'e fertuteaze pleatslike ekonomy te stypjen. Deadwood wie de earste lytse mienskip yn 'e Feriene Steaten bûten de Yndianereservaten dy't gokken legaal meitsje woe. It Steatskongres fan Súd-Dakota stimde yn 1989 mei it plan yn. Neitiid brochten gokkers yn Deadwood yndie in protte nij jild yn 't laadsje, mar de oantallen wêrmei't se op it stedsje ta kamen, hiene ek negative effekten op 'e histoaryske yntegriteit fan wat ommers eins in monumint wie.
Fan in hichtepunt fan likernôch 5.000 minsken yn 1876 gie de befolking fan Deadwood omleech nei 3.800 yn 1880 en 2.400 yn 1890. Yn 1900 wiene der wer 3.400 ynwenners en yn 1910 wie de befolking fierder oanwoeksen ta 3.600 minsken, mar dêrnei gie it ynwennertal wer omleech nei 2.400 yn 1920. Under de Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren teagen der noch mear lju fuort, mar tsjin 1940 wie de befolking wer oanwoeksen ta 4.100 minsken.
Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Deadwood 17,8% âlder as 65 jier en 15,0% jonger as 18 jier. Fierders bestie 44,6% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 10,8% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe, ynkl. 19,4% fan 'e leeftydskategory fan ûnder de 18 jier. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 91,5% blanken; 3,4% Latino's; 1,8% Yndianen; 0,5% Aziaten; 0,2% swarten; 0,6% oaren; en 2,0% fan mingd etnysk komôf.