In bordeel, huorrehûs of huorrekast, is in gebou of bedriuw dêr't klanten komme om seksuële omgong te hawwen mei in prostituee. Ornaris wurkje der ferskate prostituees yn ien bordeel. Faak wurdt it bordeel rund troch in poaier of troch in madam dy't sels net (mear) as prostituee aktyf is, mar yn ruil foar betelling fasiliteiten beskikber steld foar de aktive prostituees. Dy binne faak ree om foar sokke fasiliteiten te beteljen om't wurkjen yn in bordeel in stik feiliger is as strjitteprostitúsje. Foar bordelen wurde faak eufemismen of skûlnammen brûkt, lykas massaazjesalon, skientmesalon, sauna, bar, stripklub of callgirlservice. Yn in protte lannen is prostitúsje, en dêrmei dus ek it runnen fan in bordeel, by wet ferbean. Yn lannen dêr't it bestean fan bordelen legaal is, of dêr't it yllegaal is mar dulde wurdt, meie bordelen yn 'e regel inkeld bestean yn saneamde rôze buerten fan gruttere plakken.
Etymology
It wurd 'bordeel' komt fan it Aldfrânskebordel, dat omtrint 1200 yn 'e measte oare Westjeropeesketalen oernommen waard. Bordel kaam sels wer fan it AldheechdútskeBord, dat "boerd" betsjut. Dat wurd waard brûkt om 'e út buorden geartimmere hokjes te omskriuwen wêryn't yn 'e Iere Midsiuwen yn súdlik Dútslân prostitúsje bedreaun waard.
Foarmen
Bordelen nimme tsjintwurdich ferskate foarmen oan. De tradisjonele foarm is in fysyk gebou dêr't klanten delkomme om seksuële omgong mei ien of mear prostituees te hawwen. Yn sokke gefallen kin it wêze dat de prostituees wurknimmers binne fan it bordeel, dy't in fêst arbeidskontrakt ôfsletten hawwe. Hja krije dan in fêst salaris, mooglik oanfolle mei in foai, en de rest fan 'e betelling troch de klant giet nei it bordeel. Ek is it mooglik dat de prostituees as lytse selsstannigen fungearje, dy't in fêst bedrach oan it bordeel ôfdrage foar it gebrûk fan 'e fasiliteiten, en de rest fan 'e betelling troch de klant sels hâlde. Tsjintwurdich komt it ek foar dat it bordeel inkeld as in online-bedriuw bestiet, en dat de prostituees, dy't yn sokke gefallen almeast callgirls neamd wurde, troch in sjauffeur (dy't teffens tsjinstdocht as liifwacht) by de klanten thús brocht wurde.
Wetlike status
Yn in protte lannen is prostitúsje, en dêrmei dus ek it runnen fan in bordeel, by wet ferbean. Yn lannen dêr't it bestean fan bordelen legaal is, of dêr't it yllegaal is mar dulde wurdt, meie bordelen yn 'e regel inkeld bestean yn 'e stêd, en dan noch allinne yn saneamde rôze buerten. It komt foar dat de prostituees troch de poaier of madam finansjeelútrûpele wurde. Ek kin yn bordelen twongen prostitúsje en/of berneprostitúsje foarkomme. Dat is benammen it gefal yn lannen dêr't de oerheid gjin tafersjoch hâldt op bordelen om't prostitúsje der yllegaal is.
Yn 'e Jeropeeske Uny bestiet gjin unifoarm belied en gjin konsensus oer hoe't der mei prostitúsje en bordelen omgien wurde moat. Yn Nederlân en Dútslân binne beide legaal, mar wol bûn oan regulearring troch de oerheid. Yn Sweden, en teffens yn Noarwegen en Iislân, dat gjin leden binne fan 'e Jeropeeske Uny, is it keapjen fan seks (d.w.s. de klanten) strafber, mar net it ferkeapjen fan seks (d.w.s. de prostituees). Yn 'e measte Eastjeropeeske lannen is it krekt oarsom en wurde hast útslutend de prostituees ferfolge. Yn it Feriene Keninkryk, Frankryk en Ierlân is prostitúsje legaal, mar it jinsels of oaren oanbieden foar prostitúsje en it runnen fan bordelen binne der yllegaal, wat it yn 'e praktyk suver ûnmooglik makket om oan prostitúsje te dwaan sûnder de wet te brekken. De European Women's Lobby feroardielet prostitúsje as "in ûnferdraagbere foarm fan geweld troch manlju" en stipet it "Sweedske model".