It Britsk Filmynstitút waard yn 1933 oprjochte as in private ynstelling, dy't lykwols oant 1965subsidiëarre waard troch de Privy Council en it Britsk Ministearje fan Finânsjes en sûnt 1965 troch de ferskate ministearjes dy't yn it Feriene Keninkryk foech oer kultuer hân hawwe. Yn 1948 waard it ynstitút yngeand herfoarme, nei't it Radcliffe Rapport oanrikkemandearre hie dat it him tenei talizze moast op 'e wurdearring fan filmkeunst ynstee fan him sels mei de produksje te bemuoien. Sadwaande waard it tafersjoch oer de produksje fan edukative films oernommen troch it Nasjonaal Komitee foar Fisuele Helpmiddels (NCVA), wylst de Britske Filmakademy (BFA) it tafersjoch oer de kommersjele filmproduksje yn it Feriene Keninkryk krige.
It Britsk Filmynstitút besit wrâlds grutste filmargyf, it Nasjonaal Argyf fan it BFI, dat foarhinne de Nasjonale Filmbibleteek (1935-1955), it Nasjonaal Filmargyf (1955-1992) en it Nasjonaal Film- en Tillefyzje-argyf (1993-2006) hiet. It omfettet mear as 50.000 fiksjefilms, mear as 100.000 dokumintêres en oare non-fiksjefilms, en likernôch 625.000 tillefyzjeprogramma's. Foar it meastepart is dy kolleksje fan Britske makkelei, mar der sitte ek wichtige bûtenlânske wurken fan 'e oer de hiele wrâld tusken.
Bioskopen
It Britsk Filmynstitút eksploitearret de BFI Southbank-bioskoop (foarhinne it National Film Theatre) en de London IMAX-bioskoop, dy't beide oan 'e súdlike igge fan 'e rivier de Teems yn Londen steane. BFI Southbank funksjonearret as it grutste filmhûs fan it Feriene Keninkryk, mei't der films fan oer de hiele wrâld fertoand wurde dy't net yn kommersjele bioskopen draaie. Yn London IMAX, dat it grutste bioskoopskerm fan it Feriene Keninkryk hat, wurde resinte populêre lange en koarte films fertoand mei gebrûk fan 'e nijste bioskooptechnology.
It Britsk Filmynstitút biedt in breed skala fan edukative inisjativen oan, yn 't bysûnder om film- en mediastúdzjes yn it ûnderwiis te ûnderstypjen. Ein 2012 krige it ynstitút fan it Britsk Ministearje fan Underwiis jild om it BFI Film Academy Network op te setten, dat rjochte is op lju út 'e leeftydskategory tusken de 16 en 25 jier.
Oare aktiviteiten
It Britsk Filmynstitút publisearret in eigen orgaan, it moanneblêdSight & Sound. It ynstitút bringt fierders sels films út op dvd en blu-ray, en ek jout it boeken oer films en tillefyzje út. It beheart de Nasjonale Bibleteek fan it BFI mei útjeften oer film en tillefyzje, dy't fungearret as in analoge database, en teffens de digitaleBFI Film & TV Database en Summary of Information on Film and Television (SIFT), dy't fia it ynternet tagonklik binne. SIFT is byldbibleteek mei sa'n 7 miljoen foto's fan films en tillefyzje. Fierders is it Britsk Filmynstitút ek aktyf as ko-produsint fan nije films, dokumintêres en tillefyzjeprogramma's dy't byldmateriaal út it Nasjonaal Argyf fan it BFI brûke.