It twadde seizoen fan Baywatch kaam sadwaande yn septimber1991 op 'e Amerikaanske tillefyzje, dêr't it yn syndikaasje útstjoerd waard. De searje bliek ûnbidige populêr te wêzen, net inkeld yn 'e Feriene Steaten, mar fral ek yn it bûtenlân. Baywatch hie it imago fral op in manlikpublyk rjochte te wêzen, om't de searje in heech 'wibelgehalte' hie mei al dy kreaze froulju mei faak grutte boarsten dy't yn lytse badpakjes omdraafden. Mar eins bestie 65% fan it sjoggerspublyk út froulju, benammen yn 'e leeftydskategory tusken 18 en 34 jier. Produsint Douglas Schwartz fertelde yn 2001 yn in fraachpetear dat de makkers fan 'e searje dêr ûndersyk nei dwaan litten hiene, en sa útfûn hiene dat de searje froulju fan dy jierren oanspriek "om't de measte froulike haadpersoanen sterke, ûnôfhinklike froulju wiene, dy't heldhaftich wiene, dy't libbens rêden, dy't gelyk wiene oan manlju."
Yn 1999, doe't de kosten fan it meitsjen fan 'e searje yn 'e omkriten fan Los Angeles hieltyd fierder oprûnen en de merk foar yn syndikaasje útbrochte tillefyzjeprogramma's kromp, besleaten de produsinten om 'e produksje te ferhúzjen nei in oare lokaasje. Yn 't earstoan wiene se fan doel om yn Austraalje op 'e nij te begjinnen, en se namen in pilotôflevering op mei de titelBaywatch: Down Under. Yn it plak dêr't dy searje opnommen wurde moast, Avalon, yn Nij-Súd-Wales, bestie der lykwols ûnder de pleatslike befolking sa'n wjerstân tsjin 'e komst fan Baywatch, dat de gemeenteried dêre it near op 'e plannen lei.
As alternatyf waard doe besletten en wyk út nei Hawaï, wêrfan't it regear de produsinten in subsydzje fan $870.000 tasei. As ûnderdiel fan dy oerienkomst moast foar de produksje in pleatslike crew oannommen wurde en foar in diel ek in pleatslike cast. Der moasten teminsten 44 ôfleverings makke wurde, dy't op Hawaï (en nearne oars) opnommen waarden. Fan 'e subsydzje moast teminsten 60% yn Hawaï útjûn wurde, sadat it jild foar in grut part weromfloeie soe nei de pleatslike ekonomy. En ta einbeslút moast de namme fan 'e steat yn 'e titel fan 'e searje komme. Baywatch kaam sadwaande Baywatch: Hawaii te hjitten. It tsiende en it alfde seizoen fan 'e searje (1999-2001) spile yn 'e neite fan Honolulu op it strân fan Oähû. Tsjin 'e tiid dat nei dy beide seizoenen de oerienkomst mei it regear fan Hawaï ôfrûn, wie Baywatch fier oer syn hichtepunt hinne. De sjochsifers giene omleech, en de produsinten besleaten de stekker derút te lûken.
1) ôfl. 19 en 20 fan seizoen 6, útstjoerd op 22 en 29 april 1996, foarmen de tillefyzjefilm Baywatch: Forbidden Paradise 2) ôfl. 21 en 22 fan seizoen 8, útstjoerd op 11 en 18 maaie 1998, foarmen de tillefyzjefilm Baywatch: White Thunder at Glacier Bay 3) ûnder de titel Baywatch: Hawaii
Pacific Blue wie in Amerikaanske plysjesearje oer in team fan 'e plysje fan Santa Monica, wêrfan't de leden har op 'e fyts fuortbeweegden. De searje waard geregeldwei omskreaun as "Baywatch op 'e fyts", en rûn fiif seizoenen, fan 1996 oant 2000. Carmen Electra hie yn in ôflevering fan Pacific Blue in crossover yn har Baywatch-rol fan Lani McKenzie.
Baywatch wie it ûnderwerp fan in weromkearende grap yn 'e Amerikaanske komeedzjesearjeFriends, dêr't freonen en hûsgenoaten Joey Tribbiani en Chandler Bing de searje suver op religieuze wize tegearre folgen. Ien kear diene se dat sels oer de tillefoan, doe't Joey tydlik yn in oar appartemint wenne. Chandler wie fereale op aktrise Yasmine Bleeth yn har rol fan Caroline Holden, en ferneamde op in stuit de hinnepyk dy't er as húsdier hold nei har, hoewol't it letter in hoanne bliek te wêzen.