Nei eigen sizzen is Applegate fan doel om sa lang mooglik yn 'e pornoyndustry aktyf te bliuwen en úteinlik milfpornografy te meitsjen. Yn 2015 wûn se in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory bêste groepsekssêne, en dêropta hat se noch foar in stik as tsien oare AVN Awards nominearre west. Fierders wûn se yn 2014 en 2016 in XRCO Award. Njonken har aktearwurk hat Applegate yn 2016 foar de studio Girlfriends Films ek in pornofilmregissearre, mei as titel AJ's Angels. Hja hat oanjûn dat hja hopet yn 'e takomst in eigen produksjestudio begjinne te kinnen. Fierders folge se fan 2013 ôf in oplieding ta fitnesstrener, dy't se yn 2014 mei goed gefolch ôfrûne.
Lichemsskaaimerken
A.J. Applegate is blank, mei blauwe eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 54 kg, en in natuerlike kupmaat 34B. Behalven trije piercings troch elts fan har earen hat se ek in nâlpiercing. Fierders hat se op har rjochterheup in tatoeaazje besteande út in pear reade roazen mei de tekst Ballo D'Amore, wat yn it Italjaansk "Leafde foar de Dûns" betsjut.