Sophie Dee waard berne yn it Súdwelske Llanelli, mar ferfear yn har iere tinerjierren mei har heit en mem nei Ingelân. Letter ferhuze it gesin werom nei Wales, dêr't se de middelbere skoalle ôfmakke. Dêrnei hie se in ferskaat oan banen, dy't útinoar rûnen fan servearster yn in kafee oant kolporteur dy't mei keapwaar by de doarren lâns gie. Nei ferrin fan tiid naam Dee in baan oan yn in stripklub yn Birmingham, dêr't se ek lapdances joech. Troch har wurk yn dy klub krige se in oanbod om topless te posearjen yn The Daily Sport, in Britsk bûlevaarblêd. Dêr hie hja sa'n súkses mei dat se oardel jier lang trochgean koe mei posearjen foar in ferskaat oan bûlevaar- en neakenblêden.
Yn jannewaris 2005 ferfear Sophie Dee nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles, yn 'e steatKalifornje. Se liet har búste fergrutsje fan in C-kup oant in DD-kup, en spile noch datselde jiers yn har earste pornografyske film. Sûnt hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn likernôch 410 pornofilms spile. Troch de jierren hinne hat se acht nominaasjes foar in AVN Award (de Oskars fan 'e pornowrâld) yn 'e wacht sleept, en yn 2011 wûn se twa Urban X Awards. Njonken har pornokarriêre spile Dee ek yn twa mainstream-horrorfilms (allebeide ûnôfhinklike produksjes): Theater of Derange en Unmimely Demise. Yn 2011 rjochte se in eigen webside op dêr't mainstream-films op resinsearre wurde, ûnder de namme ToplessMovieReviews.com. Datselde jiers regissearre hja har earste pornofilm: Sophie Dee's My Point of View, foar de studio Pules Pictures.