It departemint is ien fan de 83 departeminten dy't op 4 maart 1790 oprjochte binne yn de tiid fan de Frânske Revolúsje troch de útfiering fan de wet fan 22 desimber 1789. Dêrby waard útgien fan in diel fan de provinsje Île-de-France.
In lyts diel fan it departemint is tsjintwurdich oan de stêdekloft Parys fêstgroeid, lykas de stêden Chelles en Villeparisis. It eastlike diel fan it departemint is noch foar in grut part lannelik.
De belangrykste rivieren van it departemint binne de Marne en de Seine, dy't yn it noarden resp. yn it suden nei westlike rjochting troch it gebiet streame, en de Yonne, dy't fanút it súdeasten yn Montereau-Fault-Yonne yn de Seine mûnet.
Yn it súdwesten fan it departemint lizze it Bois du Fontainebleau en it Parc naturel régional du Gâtinais français, dy't tegearre in grut natoergebiet foarmje.
Demografy
Oarspronklik wie Seine-et-Marne hiel lanlik en tinbefolke. Troch útwreiding fan de stêdekloft Parys en de oanlis fan nije stêden is de befolking lykwols yn in heale iuw tiid trijeris oer de kop gien. Fan allinne doarpkes is in diel fan de regio feroare yn de agglomeraasje fan Parys.
De bewenners fan it departemint wurde Seine-et-Marnais neamd.
Befolkingsûntwikkeling sûnt 1960
Jier
1962
1968
1975
1982
1990
1999
2008
2015
2018
Ynwenners
524.486
604.340
755.762
887.112
1.078.166
1.193.767
1.303.702
1.390.121
1.412.516
Boarnen: Cassini en INSEE
Stêden
Neffens ynwennertal binne de grutste stêden fan it departemint: