Marne is ien fan de 83 departeminten, dy't op 4 maart 1790 oprjochte waarden yn de tiid fan de Frânske Revolúsje en foarme is út de eardere provinsje Champagne. Oarspronklik bestie it út de seis distrikten Châlons-sur-Marne, Épernay, Reims, Sainte-Menehould, Sézanne en Vitry-le-François.YN 1800 waarden fan de seis distrikten de fiif arrondisseminten Châlons-sur-Marne, Épernay, Reims, Sainte-Menehould en Vitry-le-François foarme. It arrondissemint Sainte-Menehould waard yn 2017 weryndield by it arrondissemint Châlons-en-Champagne.
Fan 1960 oant 2015 makke Marne diel út fan de regio Sjampanje-Ardinnen, dy't yn 2016 yn de regio Grutte Easten opgyng.
Geografy
It departemint grinzget yn it noarden oan it departemint Ardennes, yn it easten oan it departemint Meuse, yn it súdeasten oan it departemint Haute-Marne, yn it suden oan it departemint Aube, yn it súdwesten oan it departemint Seine-et-Marne en yn it noardwesten oan it departemint Aisne.
Yn it departemint Marne leit de streek Champagne, dy't oer de hiele wrâld bekend is fanwegen de dêr produsearre sjampanje.
Stêden
Neffens ynwennertal binne de grutste stêden fan it departemint: