Nord is in Frânskdepartemint yn 'e regio Opper-Frankryk (Hauts-de-France). De namme fan it departemint is ûntliend oan 'e lokaasje yn it lân; it is it meast noardlike departemint fan Frankryk.
Skiednis
Nord is ien fan 'e 83 departeminten, dy't oprjochte waarden yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje. It departemint waard út it Frânske diel fan Flaanderen, it Frânske diel fan Henegouwen en de Cambrésis (it gebiet fan 'e biskop fan Cambrai) gearstald.
De Yndustriële Revolúsje fan 'e 19e iuw fûn al ier plak. Yn 'e Earste Wrâldkriich waard der slim en lang fochten yn 'e streek. Nei de Twadde Wrâldkriich waard it gebiet op 'e nij in wichtich ekonomysk sintrum. Tsjintwurdich hat de regio folgjend op it sluten fan minen en de tekstylfabriken te lijen ûnder sosjale, ekonomyske, kulturele en miljeu problematyk.
Fan 1960 oant 2015 hearde it departemint Nord by de regio Nord-Pas-de-Calais, dy't yn 2016 yn 'e regio Opper-Frankryk opgyng.
Geografy
It departemint Nord dielt yn it noardeasten de súdlike grins fan Belgje. Yn it westen grinzget it departemint oan Pas-de-Calais, Aisne en in pear kilometer oan it departemint Somme. It Kanaal grinzget oan it noardwestlike diel fan Nord.
It is in lang en smel departemint en hat as haadstêd Lille, dy't tegearre mei Roubaix, Tourcoing en Villeneuve-d’Ascq mei mear as in miljoen ynwenners it yndustriële hert fan it departemint foarmet. De gemeenten Boursies, Doignies en Mœuvres foarmje in eksklave fan it departemint en lizze geografysk yn it departemint Pas-de-Calais.
De wichtichste rivieren fan it departemint binne de Lys, de Sambre, de Scarpe, de Skelde en de Izer.
Stêden
De grutste gemeenten yn it departemint neffens ynwennertal binne: