Eure is ien fan de fiif Normandyskedeparteminten yn it noarden fan Frankryk. De namme is ûntliend oan de rivier de Eure, dy't troch it departemint streamt.
Skiednis
Eure is ien fan de 83 departeminten dy't op 4 maart 1790 yn de tiid fan de Frânske Revolúsje stifte binne. Foarhinne hearde Eure by de provinsje Normandje.
Eure wie ien fan de departeminten, wêr't nei de steatsgreep fan Karel Loadewyk Napoleon de needtastân ôfkundige waard om ferset tsjin it post-republikeinske rezjym tefoarren te kommen.
It departemint bestiet út seis mei in soad bosk oerdutsen heechflaktes, dy't trochsnien wurde troch de delte fan de Seine en in stikmannich sydrivieren.
De hichte fan it gebiet ferskilt fan om en de by it seenivo yn it noarden oant 248 boppe seenivo yn it suden.
Bestjoerlike yndieling
It departemint Eure is te ferdielen yn 3 arrondisseminten. De arrondisseminten binne ûnder te ferdielen yn meiïnoar 23 kantons en 585 gemeenten.