Harmsen hie har earste rol as aktrise yn 'e tillefyzjesearjeSnacken, yn 2004, doe't se fyftjin jier wie. It jiers dêrop wie se te sjen yn trije films: Guernsey, Het Paard van Sinterklaas en Brommermeisjes. De rol fan Sofie, yn Het Paard van Sinterklaas, spile se nochris yn Waar is het Paard van Sinterklaas?, út 2007. Ek hie se dat jiers in rol yn 'e film De Muze. Yn har tuskenjier 2008 spile se har earste haadrol as Simone yn 'e film Het Echte Leven, fan regisseurRobert Jan Westdijk. Foar dy rol waard se nominearre foar in Gouden Keal yn 'e kategory bêste aktrise.
Yn 2008 hie Harmsen in gastrol yn in ôflevering fan 'e súksesfolle plysjesearjeFlikken Maastricht. Op 'e tillefyzje wie se ek te sjen as Manon de Vries yn 'e foar in part yn it FryskedoarpEasterlittens opnommen searje De Geheimen van Barslet (2012), en fierders yn Hart tegen Hard (2011), De Jacht (2016) en Voetbalmaffia (2017). Yn 2012 spile se Sophie yn 'e tillefyzjefilmOom Henk. Yn 2010 wûn Harmsen de CosmoGirl! Born to Lead Award yn 'e kategory opkommende stjer.