Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Werom yn Haarlim hearre Kenau en Kathelijne it nijs dat de Spaanske fjildhear don Freark, de soan fan 'e hartoch fan Alva (de Spaanske lânfâd fan 'e Nederlannen), optsjocht yn 'e rjochting fan harren stêd mei it leger dat earder it Bloedbad fan Naarden oanrjochte hat. Kenau, dy't har bekommerje moat om har werf, en dy't boppedat rout om 'e dea fan har dochter, hat gjin belangstelling foar de oarloch. Dat bliuwt sa, ek as it leger fan don Freark begjin desimber wier belis foar Haarlim slacht. Nei it ferrie fan 'e regint Cornelis Duyff giet se lykwols oerstaach, en jout se it timmerhout fan har werf foar it fersterkjen fan 'e stedspoarten.
Under it Belis fan Haarlim giet Kenau de striid mei de Spanjerts oan en kriget se de lieding oer in groepke Haarlimmer froulju dy't aktyf oan 'e ferdigening fan 'e stêd dielnimme. Underwilens besiket se har iennichst oerbleaune dochter Kathelijne sa fier mooglik fan it striidgewoel te hâlden, en ek út 'e earmen fan 'e sjarmantehierling dêr't it fanke it mei oanleit. Mei har frouljuskompanjy wit Kenau in bestoarming fan 'e Spanjerts op 'e Sint-Janspoarte ôf te slaan troch de oanfallers mei siedende pik te oerjitten.
Ek liedt se in oanfal fan in groep froulju op redens tsjin in Spaanske befoarriedingstroep op 'e Haarlimmermar. En fierders wit se de Spaanske oanfalplannen bút te meitsjen troch it Spaanske kamp yn te kringen wylst de belegerjende soldaten ôflaat wurde troch in stikmannich froulju dy't op 'e stedswâlenharren boarsten ûntbleatsje. Wigbolt Ripperda jout ta dat Kenau in grutte oanwinst is foar de ferdigening fan 'e stêd, mar ûnderwilens rekket it mei de bân tusken de dominante Kenau en har dochter Kathelijne yn it neigean fanwegen de oerbeskermjendheid fan 'e mem. It belis moat úteinlik beteare yn 'e nederlaach fan 'e dappere Haarlimmers en de ynname fan 'e stêd troch de Spanjerts, dy't neitiid bloedich wraak nimme op 'e ferdigeners. Kenau-en-dy witte lykwols te ûntkommen.
De makkers fan 'e film keazen nei alle gedachten Kenau Simonsdochter Hasselaer as haadpersoan út om't fan har in oansprekkend feministysk figuer avant la lettre makke wurde koe. Histoarysk sjoen is der net safolle oer har bekend: se wenne yn Haarlim; se hie fjouwer (en net twa) dochters (fan wa't net ien op 'e brânsteapel einige); se wie yn 1572 al jierrenlang widdo; en se droech op 'e iene of oare manear by oan 'e ferdigening fan 'e stêd ûnder it Belis fan Haarlim. Histoaryske boarnen út dy tiid fermelde lykwols nearne dat se aktyf oan 'e striid dielnaam, dat dat is wierskynlik in betinksel út letter tiid, krekt as it ferhaal dat se in legerke fan trijehûndert lyksinnige froulju oanfierd hawwe soe. It liket folle wierskynliker dat Kenau yn wurklikheid inkeld oan 'e ferdigening meidie troch finansjele of materiële (hout) bydragen te leverjen en troch aktyf diel te nimmen oan graafwurk om 'e stedswâlen te fersterkjen.
Untfangst
De resinsjes foar Kenau wiene fan in mingd karakter. ResinsintThierry Verhoeven beskreau de film as in "histoarysk spektakel fan heitelânske boaiem" dat "mei flagge en wimpel" slagge wie, wylst it titelpersonaazje yn syn eagen delset waard as "in pragmatyske heldinne". Hy ferliek Kenau sels mei de Amerikaanske film The Patriot (mei Mel Gibson) oer de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch. Hy besleat mei de fêststelling dat "de froulik ynfalshoeke yn in histoarysk spektakel as Kenau tige ferfrissend" is "yn in filmlânskip dêr't sterke frouljusrollen tin siedde binne."[1] Ek De Telegraaf wie frijwat loovjend oer Kenau, in film dy't yn dy krante omskreaun waard as "Braveheart mei froulju".[2] Neffens Trouw, dêr't Kenau twa fan fiif stjerren krige, bedarre de film "earne tusken ferantwurde-Thea Beckman en soppich-Hollywood yn."[2]
FilmkritikusJeroen van Bree fûn dat regisseur Maarten Treurniet "sjen lit wat er wurdich is troch mei in beheind budget in fisueel oertsjûgjend histoarysk drama del te setten oer de heldedieden fan it titelpersonaazje ûnder de belegering fan Haarlim troch de Spanjerts." Mar hy gie fierder mei de fêststelling: "it ferhaal ferliest lykwols geandewei oan krêft en sakket úteinlik wei yn in wurchmeitsjende foarsisberens." Hy kaam sterke sênes tsjin "dy't bêst wat langer duorje meien hiene", wylst "wankele sênes" foar syn gefoel te lang rutsen waarden. Dat wiet er benammen oan it senario fan Blok en Van Holst Pellekaan, dat averij oprûn troch de (yn Van Bree syn eagen oerstallige) tafoeging fan 'e ferhaalline oer de relaasje fan Kenau mei har dochters. It momint dat de film definityf te sink gie, wie foar Van Bree de sêne wêryn't de folgelingen fan Kenau "boppe-op de stedsmuorren in striptease útfiere om 'e Spanjerts ôf te lieden."[3]
Op it blôchCinema.nl, fan 'e VPRO, gie Kenau troch foar "in midsmjittich histoarysk drama", dat "forsearre en obligaat" oerkomt en "inkeld rêden wurdt fan teannekromming" troch it sterke aktearjen fan 'e aktrises.[2] Yn 'e resinsje yn it Het Parool stie oer Kenau: "it fersetsdrama is oppept mei Pietje Bell-eftige wa't-net-sterk-is-moat-snoad-wêze-sênes, en in mem-dochterdrame dat mear op in moderne soap liket as op 'e Midsiuwen." En oer de ôfliedingsmaneuver mei de bleate boarsten skreau Het Parool dat it "frjemd" is dat de makkers net beseften dat dy "ridikule sêne" de film "as serieus histoarysk drama folslein ûnderút skoffelet."[2]
Wa't neat fan Kenau hawwe moast wie Bor Beekman, dy't de film yn syn resinsje yn De Volkskrant omskreau as in "ûnbeholpen en ynfantyl drama". It dekôr neamde er "lytsskalich", de "bombastyske" filmmuzyk "twaddehâns", en de digitale effekten "midsmjittich ynpast". Hoewol't haadrolspylster Monic Hendrickx "oprjocht tormintearre" liek, wie de rol fan Sallie Harmsen as dochter Kathelijne "funest". Ek fûn er dat de makkers fan 'e film de Spanjerts te maklik weisetten as karikaturalesmjunten, of, yn syn eigen wurden: "steand neukende glûperts, dy't harren de oanfalplannen ûntfytmanje litte troch it earste it bêste neakene Hollânske ljidske." Beekman frege him ôf "hoe't dy oarloch dochs tachtich jier duorje koe" as de Spanjerts sokke omkoalen wiene.[4]