De earste lange tekenfilm dy't Pixar hielendal sels produsearre, wie Toy Story, dat yn 1995 útkaam en de earste kompjûter-animearre film ea wie. It waard in ûnbidich súkses, en neitiid soene noch mear as tweintich oare bekende lange animaasjefilms folgje, wêrûnder Toy Story 2 (1999), Monsters, Inc. (2001), Finding Nemo (2003), The Incredibles (2004), Cars (2006), Ratatouille (2007), WALL-E (2008), Up (2009), Toy Story 3 (2010), Cars 2 (2011), Brave (2012), Monsters University (2013), Inside Out (2015), The Good Dinosaur (2015), Finding Dory (2016), Cars 3 (2017), Coco (2017), Incredibles 2 (2018), Toy Story 4 (2019), Onward (2020), Soul (2020), Luca (2021), Turning Red (2022), Lightyear (2022), en Elemental (2023). Dêrnjonken hat Pixar ek tsientallen koarte tekenfilms makke.
Anno augustus2018 hiene de lange films fan Pixar allinnich al wrâldwiid mei-inoar likernôch $13 miljard opbrocht, wat delkaam op trochinoar $634 miljoen de film. De films Finding Nemo en it ferfolch dêrop, Finding Dory, hearre yn 'e mande mei Toy Story 3 en Incredibles 2 ta de top 50 meast opbringende films aller tiden. Incredibles 2 stiet (anno 2018) sels op it twadde plak op dy list, mei in bruto-opbringst fan $1.117.000.000. Yn 'e top 50 meast opbringende tekenfilms aller tiden steane (anno 2018) 15 fan 'e produksjes fan Pixar.