De start fan de Omgong fan Frankryk wie earst foar 2021 pland yn Keappenhaven. Troch it ferpleatste Europeesk kampioenskip fuotbal dat ek yn 2021 foar in part yn Keappenhaven plak hie, waard besletten om de Grand Départ yn Denemark te ferskowen nei 2022.
It wie de earste kear dat Keappenhaven as startplak fan de Omgong fan Frankryk fungearre; tagelyk wie it it noardlikste plak dêr 't de Omgong ea úteinset is. De earste trije etappes fûnen plak yn Denemarken; nei in tiidrit yn Keappenhaven folgje der noch in rit op de eilannen Seelân en Fún en in rit yn Jutlân op it Deenske fêstelân.
↑De griene trui waard yn de twadde etappe droegen troch Wout van Aert, twadde yn it punteklassemint nei gieletruidrager Yves Lampaert.
↑De wite trui waard yn de sânde o/m de alfde etappe droegen troch Tom Pidcock, twadde yn it jongereinklassemint nei gieletruidrager Tadej Pogačar.
↑De griene trui waard yn de tredde o/m de sechsde etappe droegen troch Fabio Jakobsen, twadde yn it punteklassemint nei gieletruidrager Wout van Aert.
↑De boltsjestrui waard yn de njoggentjinde o/m de ienentweintichste etappe droegen troch Simon Geschke, twadde yn it berchklassemint nei gieletruidrager Jonas Vingegaard.