De 80ste edysje fan de Omgong fan Frankryk waard hâlden fan 4 oant en mei 26 july 1993.
De start hie plak yn Puy du Fou, in skiedkundich temapark yn it plak Les Epesses yn it Frânske departemint Vendée. It park wie it twadde atraksjepark yn de skiednis dêr't de Omgong fan start gie, it earste park wie Futuroscope yn Poitiers yn 1990.