De 5e edysje fan de Omgong fan Frankryk waard hâlden fan 18 july oant en mei 4 augustus 1907.
Ferin fan 'e koers
Yn de twadde etappe by de einspurt yn Metz fochten Emile Georget en Louis Trousselier om de deipriis. Georget like it te heljen, mar de sjuery besliste, dat beide hurdfytsers gelyk einige wiene. Yn de sânde etappe kaam Marcel Cadolle, winner fan de fjirde etappe, slim te fallen. By it oansetten ta de einsprint botste er op in karre dy't oan de dyk stie. It hânfet fan syn stjoer hie by de fal syn knibbel trochboarre. Dat betsjutte it ein fan Cadolle karriêre as hurdfytser. Yn de njoggende etappe fan Toulouse nei Bayonne bruts it frame fan de fyts fan klassemintslieder Émile Georget, neffens de regleminten moast er de skea eigenhannich reparearje. Georget wist dat soks teminsten in efterstân fan 5 oeren opsmite soe en wiksele dêrom fan fyts wat yn striid mei de regleminten wie. Hy waard dêrnei fanwegen klachten fan oare hurdfytsers nei it lêste plak fan de ritútslach weromset. Hy wûn letter noch al wat etappen, mar dizze omgong winne wie net mear mooglik. Guon hurdfytsers wiene it net iens mei dit beslút en stapten út protest út de koers. Lucien Petit-Breton naam de lieding yn it klassemint en waard fierder net mear bedrige.
Etappe-oersjoch
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- ↑ Georget en Trousselier waarden tegearre útroppen ta winner fan de 2e etappe
|