De stêdekloft Dúntsjerk hearre ek de gemeenten Grut-Sinten (Grande-Synthe), Sint-Pols (Saint-Pol-sur-Mer), Nij-Kâldtsjerk (Coudekerque-Branche), Leffrinkhoeke (Leffrinckoucke), Kapelle (Cappelle-la-Grande) en Fort-Mardyk (Fort-Mardyck) ta. Dúntsjerk is in sintrum fan belang foar de regio, oant yn Belgje ta.
Namme en taal
De namme Dúntsjerk komt fan it West-Flaamske "dun(e)" (dún) en "kerke" (tsjerke). Oant de midden fan de 20e iuw foel de stêd ûnder it Frânsk-Flaamske taalgebiet; hjoeddeis wurdt der noch wol in Flaamskdialekt praat, mar it dialekt hat in soad terrein ferlern en wurdt stadichoan ferfongen troch it Frânsk.
Skiednis
De namme Dúntsjerk wurdt foar it earst neamd yn 1067.
Begjin Twadde Wrâldkriich, yn 1940, waard de stêd ferneamd troch de evakuaasje fan it Britske ekspedysjeleger dat op de rin wie foar de Dútsers. Dy flecht makke dúdlik dat it leger ferbettere wurde moast. De kaam dêrnei in goede oplieding fan ofsieren en soldaten en in wichtige ferbettering fan oarlochsmateriaal. Dat hat sines dien foar de striid fan it Feriene Keninkryk tsjin Nazi-Dútslân. Nei de ynvaazje yn Normandje yn 1944 waard Dútsjerk net befrijd. Dútske troepen hâlden de stêd beset oant de algemiene oerjefte op 8 maaie1945. De festing waard út IJmuiden wei oant maaie 1945 befoarriede troch Dútske ûnderseeërs (type Seehund).
Ferkear en ferfier
Dúntsjerk hat in fearboatferbining mei Dover yn Ingelân. It spoarstasjon (Gare de Dunkerque) biedt ferbinings mei Kales, Lille (TGV), Arras, Parys (TGV) en ferskate plakken yn de regio.
De stêd leit fierders oan de snelwei E40, dy't sa'n 40 kilometer bewesten Kales begjint. Yn súdeastlike rjochting is der de E42/A25, dy't Frânsk-Flaanderen trochkrúst rjochting Rysel en by Bergen op de E19 útkomt.
Teffens komme fiiftal kanalen by Dúntsjerk út.
It stedsbegraafplak fan Dúntsjerk mei mear as 1.800 Frânske oarlochsgrêven út de Earste Wrâldkriich en mei goed 1.000 Britske grêven út beide wrâldkrigen. Teffens stiet dêr it Dunkirk Memorial, in Britsk monumint foar de goed 4.500 sneuvelen út WKII dêr't gjin grêf fan bekend is.