Yn 2002 makke Ephraim har debút op Broadway, as Readkapke yn 'e revival fan Into the Woods. Foar dy rol waard se nominearre foar in Drama League Award. Yn 2004 spile se wer op Broadway, diskear yn in revival fan Fiddler on the Roof, as Bielke. Off-Broadway spile Ephraim û.o. Rachel Stein in End Days en Olive yn The 25th Annual Putnam County Spelling Bee. Ek hat se Anne Frank spile yn it stik The Diary of Anne Frank, yn it Westport Country Playhouse yn Westport yn 'e steat Connecticut. Yn Los Angeles stie se yn 2015 yn it Geffen Playhouse op 'e planken as Daphna Feygenbaum yn it toanielstikBad Jews fan Joshua Harmon.
Ephraim spile har earste filmrol yn 2008 yn College Road Trip, as Wendy Greenhut. Datselde jiers wie se ek foar it earst op 'e tillefyzje te sjen, mei in gastrol yn in ôflevering fan 'e plysjesearjeLaw & Order. Fierders spile hja Ali Rey yn 'e films Paranormal Activity 2 (2010) en Paranormal Activity: The Marked Ones (2014), en yn 2009 wie hja te sjen yn 'e ôflevering It's Like Jamais Vu All Over Again fan 'e rige Royal Pains.
Neitiid hie Ephraim weromkearende rollen yn 'e tillefyzjesearjes Brockmire, Halt and Catch Fire en Casual en in gastrol yn in ôflevering fan 'e komeedzjesearje Modern Family. Yn 2018 fertolke se in byrol yn 'e politikebiografyske filmThe Frontrunner, wêryn't se op 'e nij gearwurke mei Kaitlyn Dever, dy't de jongste dochter spile yn Last Man Standing. Fierders hie Ephraim yn 2019 in gastrol as de abbekate fan Gypsy Rose Blanchard yn 'e rige The Act, op Hulu. Yn 2020 spile se Hazel Prystock, de lesbyskeminneresse fan sekretaresse Della Street yn 'e remake fan 'e rjochtbankdramasearjePerry Mason.