Mollie Jensen, in accountant yn New York, is de mêtresse fan ien fan har kliïnten, de rikesakeman Albert. Hy is troud en hat twa jonge dochters, mar hy bewissiget har der hieltyd fan dat er by de frou wei gean sil sadree't syn frou, Beth, dy't oan bûlimia lijt, dêrfan opbetteret. It is foar Mollie har freondinne en kollega Rona sa klear as in klûntsje dat Albert Mollie oan it lyntsje hâldt en hielendal net fan doel is om by de frou wei, mar Mollie is sa fan Albert besleifere dat se dy reäliteit net sjen kin. As se by in saaklike moeting ûnbeskerme seks hawwe, rekket Mollie swier. Albert seit dat er dat prachtich fynt en dat se grif in geweldige mem wêze sil. Mar hy kin net by Beth wei.
As Mollie har búk almar grutter wurdt, begjint se minsken te fertellen dat se har nocht hie fan it wachtsjen op 'e perfekte man, en dat se dêrom keunstmjittige ynseminaasje ûndergien hat. Har mem Rosie is yn alle steaten as se dat heart, mar Mollie bliuwt derby dat dàt is hoe't se swier rekke is. Tsjin 'e tiid dat se op alle dagen rint, fertelt Albert har dat it wat better giet mei Beth, en dat er no wier risselwearret om by har wei. Hy hat al in appartemint foar himsels hiert. Mollie is tige optein oer dat nijs. As se lykwols mei Rona te winkeljen giet, trappearret se yn in kleanwinkel Albert wylst er seks hat mei syn binnendoararsjitekte Melissa. Dan komt de moard út: Albert is al by de frou wei, mar hy wennet no gear mei Melissa.
Danich oerstjoer ferlit Mollie de winkel, en dat bringt de befalling op gong. Se hâldt in taksy oan en lit har troch de sympatiketaksysjauffeur James Ubriacco mei drystefaasje nei it sikehûs ride. Dêr oankommen helpt er har nei binnen en wurdt troch it ferpleegjende personiel oansjoen foar de oansteande heit. Sadwaande wurdt er behelle yn 'e befalling en is er tsjûge fan 'e berte fan Mollie har soan Mikey. Dyselde hie al in protte praatsjes doe't er noch yn syn memmelimoer siet, en dat wurdt no noch helte minder. Hy begjint kommentaar te jaan op alles dat er sjocht (en faak misbegrypt), allinnich kinne de folwoeksenen syn poppich geëamel net ferstean.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Nei de befalling sjocht Mollie de reäliteit ûnder eagen dat se no in allinnichsteande mem is. Se moetet James wer as dy har har hântaske bringt, dat se yn syn taksy lizze litten hie. Letter ûntdekt se dat er begûn is har adres te brûken as postbus foar syn briefkerij mei in heech oanskreaun steand fersoargingstehûs, dêr't er syn demintearjendepake Vincent ûnderbringe wol. Om dêr kâns op te meitsjen, moat men yn 'e stêd wenje, en hy wennet no krekt yn in foarstêd. Mollie stimt dermei yn om him yn dy kwestje te helpen, op betingst dat er foar har oppast op Mikey. Dat soed er mar trije kear dwaan, mar hy hat wol niget oan it jonkje, en ûngemurken slûpt syn oppassen der as gewoante yn. Mollie giet mei him nei it fersoargingstehûs as er syn pake dêrhinne ferhuzet, mei't er ferlet hat fan har hantekening om it ûnderbringen fan syn pake dêre rjochtsjildich te meitsjen.
Underwilens giet Mollie, holpen troch har mem Rosie, op 'e siik nei in gaadlike heit foar Mikey en man foar harsels. Se wegeret om oerflakkich te wêzen oer gadingmakkers, dat se hoege net knap te wêzen. Oan 'e oare kant is se sinnich wat harren persoanlikheid oanbelanget, want se meie gjin nuvere oanwensten hawwe dêr't Mikey lêst fan krije of dy't er oernimme kin. Ien man falt sadwaande ôf om't er neuroatyskenetsjes is, in oaren om't er de ober yn it restaurant dêr't se ite skandalich behannelet en wer in oarenien om't er in sinnige iter is. Meitiid begjint James fereale op Mollie te reitsjen, mar sy sjocht him net stean. Hoewol't se him graach lije mei en goed mei him laitsje kin, is er yn 'e freonesône bedarre. James set útein mei it sabotearjen fan Mollie har ôfspraakjes, troch de mannen te fertellen dat se sa feministysk is dat se it as in mislediging opfetsje sil as se besykje de doar foar har iepen te hâlden of it iten foar har te beteljen.
Sa giet der in jier foarby. Op 't langelêst kringt by Mollie it besef troch dat Mikey al in heit hat: James. Se beslút him in kâns te jaan, dat hy nimt har mei yn 'e loft yn in fleanmasine dêr't er fljochoeren mei opbout om úteinlik beropspiloat te wurden. Dy jûns reitsje se mei-inoar op bêd, mar op it lêste momint betinkt Mollie har as se har in libben mei James besiket foar te stellen. Hy fertelt har dat er fan har hâldt, mar sy seit dat se om Mikey tinke moat en dat oerhastige beslissings no krekt binne hoe't se yn 'e swierrichheden bedarre is, dat ta syn ferbjustering set se him út 'e hûs.
Op har wurk blykt de baas fan Mollie gjin begryp te hawwen foar har persoanlike omstannichheden. Se hie regele dat in kollega fan har de boekhâlding fan Albert beävensearje koe, mar har baas giet dêr net yn mei. Hy stelt har foar de kar: òf se docht gewoan har wurk lykfolwa't har kliïnten binne, of se kriget dien. Dat, Mollie is twongen om wer mei Albert om te gean. Dyselde set fuortendaliks útein mei te besykjen om har wer te ferlieden en fertelt har dat hy en Melissa útinoar binne. Hy liket wier belangstelling foar Mikey te hawwen, dat Mollie stimt deryn ta dat er ris delkomme kin om it jonkje te sjen. Dat fertelt se lykwols net oan James, en as Albert delkomt op in jûn dat James oppast, liedt ien en oar ta slaanderij tusken de beiden mannen wêrby't James Albert derút smyt.
As Mollie letter thús komt, wol James witte oft it wier is dat Albert de biologyske heit fan Mikey is en dat Mollie net keunstmjittich ynseminearre is, en dat moat se tajaan. Dan freget er oft se fan Albert hâldt, en dat wit se net, antwurdet se. As er derop wiist dat hysels eins yn alles útsein namme Mikey syn heit is, seit se dat er sels suver noch in lyts bern is en lang net ferantwurdlik genôch om in heit te wêzen. James merkt op dat se manlju dy't te deunby komme, by har wei triuwt troch Mikey te brûken, en dat se dat no by him docht. Underwilens kriget Mikey fan 'e oare bern yn 'e boarterstún te hearren wat in "heit" is. Hy beseft dat er wol dat James syn heit wurdt, dat hy set útein mei in wisberette mar net bot effektive kampanje om syn mem romantysk oan James te keppeljen.
Mollie nimt Mikey mei nei it kantoar fan Albert, om heit en soan mei-inoar yn 'e kunde te bringen. Se ferwachtet dat Albert no einlings en te'n lêsten foar har kieze sil en sjocht in roaskleurige takomst foar harren trijen weilein. Mar Albert fertelt har dealeuk dat er op it stuit troch in "egoïstyske faze" giet, en "no ris foar himsels" kieze moat. Hy wennet no allinne en is frijfeint, en dat wol er foarearst sa hâlde. Boppedat, hy hat al ris bêrn grutbrocht (syn dochters Astrid en Priscilla, dy't njoggen en alve binne), dat dêr is er klear mei. Mollie kriget dan einlings foar it ferstân hoe'n weardeleaze fint oft dy Albert eins is en dat er har altyd al oan it lyntsje holden hat. Se fertelt him dat sysels troch in "fandalistyske faze" giet en slacht in pear fan 'e keunstwurken yn syn kantoar koart en klien foar't se fuortgiet.
As se thúskomt, kriget Mollie tillefoan fan it fersoargingstehûs dat der swierrichheden mei pake Vincent binne. Se hastiget har mei Mikey nei it tehûs, dêr't bliken docht dat de âldman yn syn deminte riten it ferpleegjende personiel útskelt en sels ien fan harren fysykbiten hat. Se wit de opsternate âldman del te bêdzjen, dy't har fertelt dat se syn favorite skoandochter is. Yn in freonlik petear wit se de direkteur fan it fersoargingstehûs te bepraten om Vincent syn hâlden en dragen troch de fingers te sjen, mei't it feroarsake is troch in oerdied oan sûkelarje. James hie in stikmannich grutte repen oan in ferpleger jûn en ôfpraat dat pake ien stikje deis hawwe mocht, wylst de rest efter slot en skoattel opburgen wurde moast, oars soed er it yn ien kear opfrette en dêr wurdt er opsternaat fan. No docht lykwols bliken dat de ferpleger mei wa't James dat ôfsprutsen tocht te hawwen, gjin Ingelsk sprekt. James fangt it sturtsje fan it petear fan Mollie mei de direkteur op en betanket har foar har ynset foar ien dy't úteinlik net hàr pake is.
Underwilens is Mikey efterbleaun by pake Vincent mei ien fan 'e ferplegers as tafersjochhâlder. Dyselde wurdt lykwols fuortroppen en as Vincent eefkes ôflaat wurdt, pykt Mikey út. Hy bedarret bûten it tehûs en yn in fout parkearreauto dy't krekt op dat stuit fuortsleept wurdt. Sadree't se foar it ferstân krije dat it jonkje poater is, begjinne Mollie en James in panikerige syktocht nei him. As se de auto mei him deryn fuortsleept wurden sjogge, sette se yn James syn taksy de efterfolging yn. James wit úteinlik de sleepauto klem te riden, mar de fuortsleepte auto is leech. Mikey is nammentlik al útstapt en kuieret deakalm in drok krúspunt op, dêr't er sûnder euvelmoed in keatlingbotsing feroarsaket. James en Mollie fleane efter him oan en skuorre him fan 'e dyk ôf, mar it jonkje sels is ûnskansearre. Hy kiest dat stuit út om syn earste wurdsje te sizzen: "Hei-ty". Mollie beseft dat Mikey James al as syn heit beskôget en beslút dêrom einlings en jou in relaasje mei James in kâns. Wylst Mollie James hertstochtlik begjint te tútsjen, nimt Mikey yn omtinken om derop te wizen dat er ferlet hat fan in skjin ruft, mar hy beslút it momint net te bedjerren.
Njoggen moanne letter befalt Mollie fan Mikey syn suske Julie. As Mikey syn healsusterbegroetet, fertelt se him dat se in alderaaklikste dei hân hat en freget him oft se him eefkes te wurd kin.
Fan 'e filmkritisy krige Look Who's Talking mingde resinsjes. Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Look Who's Talking in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 57%, basearre op 37 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is wol aardich tanksij de sympatike stjerren en de enerzjikerezjy fan Amy Heckerling, mar it ûnnoazele skript stiet net ta dat der wier humor oan te pas komt." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Look Who's Talking in goedkarringspersintaazje fan 51%, basearre op 15 resinsjes.