Collins har aktearkarriêre begûn doe't se in pjut fan twa jier wie, yn 'e BBC-searje Growing Pains (net te betiizjen mei de Amerikaanske komeedzjesearje mei deselde namme). As tiner skreau Collins in kollumn mei as titel NY Confidential foar it Britske tydskriftElle Girl. Ek hat se stikken skreaun foar Seventeen, Teen Vogue en de Los Angeles Times. Yn 2007 waard se útkard troch it moademerkChanel om ien fan syn baljûpen te dragen op it Bal des Débutantes. It tydskrift Glamour keas har út as it ynternasjonale model fan it jier yn 2008, en yn 2009 stie se op 'e omslach fan dat blêd.
Yn 2008 fersloech Collins de Amerikaanske presidintsferkiezings fan dat jier as presintatrise fan it Nickelodeon-programma Kids Pick the President, en datselde jiers wûn se ek de Young Hollywood Award for Newest Red Carpet Correspondent foar har ferslachjouwing by filmpremiêres. Dêrnei begûn se har mear op aktearjen ta te lizzen. Sa hie se in gastrol yn twa ôfleverings fan 'e soapsearje foar jongerein 90210 en spile se yn 2009 de byrol fan Collins Tuohy, de dochter fan haadpersoan Leigh Anne Tuohy (Sandra Bullock) yn it bekroande wierbarde drama The Blind Side.
Yn 2011 spile Collins yn 'e aksjefilmAbduction, en yn 2012 fertolke se de rol fan Sniewytsje yn 'e mearke-adaptaasje Mirror Mirror, mei Julia Roberts as har boaze styfmem. Yn dy film makke Collins har sjongdebút troch it lietI Believe (in Love) te'n gehoare te bringen. Fierders spile se yn 2012 ek yn 'e film Stuck in Love, en fertolke se yn 2013 de rol fan Clary Fray yn The Mortal Instruments: City of Bones, nei it lyknammige boek fan skriuwsterCassandra Clare. Yn oktober2013 wurke Collins mei oan 'e fideoklip fan it nûmer City of Angels fan 'e band Thirty Seconds to Mars, en yn 2014 spile se noch yn 'e romantyske komeedzje Love, Rosie.
Priveelibben
Collins hat sein dat se in hekel hat oan 'e belangstelling dy't de media blike litte foar har privee-relaasjes, mei't se fan deunby meimakke hat wat sokke bemuoienissen mei it houlik fan har âlden dien hat. Tusken july2012 en augustus2013 gie se om mei Jamie Campbell Bower, har tsjinspiler út The Mortal Instruments: City of Bones. Yn maaie2015 waard bekend dat se op 'e nij byinoar wiene. As aktiviste set Collins har yn foar de Amerikaanske kampanje tsjin narjen op skoallen. Hja is ambassadrise foar de anty-nardersorganisaasje Bystander Revolution.