Maltin skreau en publisearre ek Leonard Maltin's Movie Guide, in gearstalling fan plotbeskriuwings en resinsjes fan klassike en nij útkommen films. Dat wurk ferskynde foar it earst yn 1969 en waard fan 1987 oant en mei 2014 elts jier by de tiid brocht. Yn 2005 waarden alle films fan foàr 1960 ferpleatst nei Leonard Maltin's Classic Movie Guide, sadat er yn 'e nije edysjes fan 'e Movie Guide mear romte frijkaam foar nije films. Maltin publisearre ek ferskate oare non-fiksjewurken oer films en de filmyndustry, mei titels as The Whole Film Sourcebook, Leonard Maltin's Movie Encyclopedia, Our Gang: the Life and Times of the Little Rascals en Of Mice and Magic: A History of American Animated Cartoons.
Op 'e tillefyzje hie Maltin fan 1982 ôf tritich jier lang in filmrubryk yn it yn syndikaasje útstjoerde tillefyzjeprogrammaEntertainment Tonight. Tegearre mei filmkritika Joyce Kulhawik út Boston makke er de filmrubryk Hot Ticket, dy't ek yn syndikaasje op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd waard. Op it keabelnetwurkReelzChannel presintearre er syn eigen filmrubryk dy't Secret's Out hiet. Ek ferskynde er yn programma's op it tillefyzjenetwurkStarz en hied er in eigen radioprogramma, mei as namme Leonard Maltin on Video.
1977 – Our Gang: The Life and Times of the Little Rascals (mei Richard W. Bann; yn 1992 werútjûn as The Little Rascals: The Life and Times of Our Gang)
1978 – The Great Movie Comedians
1980 – Of Mice and Magic: A History of American Animated Cartoons
1981 – The Complete Guide to Home Video (mei oaren)
1994 – Leonard Maltin's Movie Encyclopedia
1997 – The Great American Broadcast: A Celebration of Radio's Golden Age
2008 – Leonard Maltin's Movie Crazy
2010 – Leonard Maltin's 151 Best Movies You've Never Seen
2018 – Hooked on Hollywood: Discoveries from a Lifetime of Film Fandom
2021 – Star Struck: My Unlikely Road to Hollywood (autobiografy)
As redakteur
1969 – Leonard Maltin's Movie Guide (oarspronklik publisearre as TV Movies, dêrnei as Leonard Maltin's Movie & Video Guide; werútjeften yn 1974, 1978, 1980, 1982, 1984, 1986, 1987, dêrnei jierliks werútjûn oant en mei 2014; der is ek in Nederlânsktalige ferzje, de Speelfilm Encyclopedie)