Krolhier waard omtrint 1856 berne yn it Montana-territoarium as de soan fan 'e Krieske kriger Sterke Bear (ek wol bekend as Yn-'e-Mûle) en dy syn frou Slacht-Ta-by-de-Wetterkant. Syn lânseigen namme, dy't yn 'e regel werjûn wurdt as Ashishishe, mar ek wol as Shishi’esh, betsjut letterlik 'de Krie'. As jongeman wenne Krolhier yn it Krieë Yndianereservaat fan súdlik Montana, yn 'e omkriten fan Pryor, en troude er mei in frou dy't fan Fûgel hiet.
Op 'e iere moarn fan 25 juny1876 beselskippen de seis ferkenners Varnum en Custer nei in hichte dy't fan Crow's Nest ("Kraaienêst") neamd waard. Dêrwei koe men frij útsjen oer de Delling fan 'e Little Bighorn. De ferkenners waarden oanwizings foar de oanwêzigens fan in grutte keppel hynders yn 'e delling gewaar, en seagen de reek fan in grut tal kampfjurren, hoewol't it kamp sels net sichtber wie. Op grûn dêrfan en fan spoaren fan grutte groepen Yndianen dy't se yn 'e direkte omkriten fûn hiene, warskôgen se Custer dat it om in útsûnderlik grut kamp gie. Dyselde besleat likegoed om daliks oan te fallen, mei't er bang wie dat de oanwêzigens fan syn rezjimint al opmurken wie, en dat de Lakota en Sjajinnen alle kanten útspatte soene as er se net fluch ta in fjildslach twong.
Om't se derfan oertsjûge wiene dat de slach net te winnen wie, begûnen de seis ferkenners harren legerunifoarmen út te dwaan. Doe't Custer witte woe wat dat moast, fertelden se him dat se as krigers stjerre woene en net as soldaten. Dat antwurd skeat Custer yn it ferkearde kielsgat, mei't er it as fatalisme beskôge. Sadwaande ûnthefte er likernôch in oere foar it begjin fan 'e Slach oan 'e Little Bighorn Krolhier en de oare fiif ferkenners út harren tsjinst.
Custer ferdielde syn rezjimint yn fjouwer ûnderskate detasjeminten, wêrfan't er it grutste by him hold. De oare fiif ferkenners loeken har nei it begjin fan 'e slach by de heuvelrêch lâns werom en joegen har by it detasjemint fan majoarMarcus Reno, wêrmei't se oan 'e slach dielnamen, mar Krolhier bleau allinnich efter op in hichte, dêr't er wei taseach hoe't Custer syn fiif kompanjyen troch in oermacht oan Lakota, Sjajinnen en Arapaho op in heuvel besingele en oan 'e lêste man ta útrûge waarden. Nei't er sa tsjûge west hie fan 'e finale nederlaach fan Custer, ried Krolhier fuort om ferslach út te bringen oan Custer syn superieuren.
Legindefoarming
In dei, oardel, nei de slach kaam Krolhier oan by de Far West, in steamskip en legerbefoarriedingsfartúch dat de rivier de Bighorn opfearn wie. Dêr wied er de earste dy't it berjocht fan 'e nederlaach oerbrocht. Om't er sels it Ingelsk net machtich wie, brûkte er dêrfoar in kombinaasje fan gebeartetaal, tekenings en in tolk. Dêrby bewearde er net dat er sels yn 'e slach meifochten hie, mar inkeld dat er it barren fan in ôfstân ôf waarnommen hie. Ynsafier't tsjintwurdich nei te gean is, wie Krolhier syn ferslach fan it ferrin fan 'e fjildslach akkuraat. Twa fan de ynfloedrykste histoarisy op it mêd fan 'e Slach oan de Little Bighorn, Walter Mason Camp en John S. Gray, akseptearren it ek as sadanich.
Nei't de kranten mei it ferslach oan 'e haal giene, ûntstie om Krolhier hinne lykwols de leginde dat er aktyf mei it detasjemint fan Custer meifochten hie yn 'e slach, en dat er as iennichste oan 'e totale útrûging fan Custer en syn mannen witten hie te ûntkommen. Hoe't er him dat lapt hie, dêr bestiene ferskate ferhalen oer. Sa soed er himsels foardien hawwe as in Lakota-kriger en gewoan troch de rangen fan syn fijannen hinne fuortriden wêze, of oars soed er in deasketten hynder fan it yngewant ûntdien hawwe en himsels yn it útholle kadaver ferskûle hawwe oant de Lakota en Sjajinnen har ôfjoegen.