De Kaapske hazze foarmet in soartekompleks. De Tolaihazze (Lepus tolai), de woastynhazze (Lepus tibetanus) en ferskate oare soarten hearden dêr oarspronklik ek ta, mar waarden dêr letter fan losmakke op basis fan geografyskefersprieding en molekulêre skaaimerken. De Kaapske hazze sa't dy hjoed de dei bestiet, is parafyletysk. Dat betsjut dat der, om in jildige taksonomyske ienheid te krijen, noch mear soarten fan losmakke wurde moatte.
De Kaapske hazze hat trochinoar in kop-romplingte fan 50–55 sm, in sturtlingte fan 7–15 sm en in gewicht fan 11/2–21/2kg. Dêrmei is er in slach lytser as de (gewoane) hazze (Lepus europaeus). De pels is op 'e rêchgrizichbrún mei swartehierren dertrochhinne, wylst de bealchwitich is. Om 'e eagen hinne sitte wite rânen. De boppekant fan 'e pluzige sturt is swart en de ûnderkant wyt. De earen binne lang en hawwe swarte puntsjes. By it útnaaien fan dit bist falle de lange earen en de swart-wite sturt tige op. Der bestiet by de Kaapske hazze in beskate seksuele dimorfy yn 'e sin dat de moerhazzen sichtber grutter binne as de rammen.
De Kaapske hazze is in nachtdier, dat him oerdeis ornaris om te rêsten weromlûkt yn in leger, in ûndjip dobke yn 'e grûn, dat er tusken opgeande begroeiïng makket. Wannear't er in rôfdier gewaar wurdt, fertrout de Kaapske hazze ynearsten op syn skutkleur, dy't him dreech waar te nimmen makket. Hy leit de earen plat yn 'e nekke en bliuwt sa stil mooglik sitten. Komt it rôfdier dochs tichterby, sij it by tafal of trochdat it de hazze op 'e iene of oare manear dochs opmurken hat, dan springt er ynienen op en naait sa fluch mooglik út.
Kaapske hazzen kinne in faasje fan 60 km/h berikke, sadat inkeld it jachtloaihoars (Acinonyx jubatus) ek mar in kâns hat om se by te heljen. Alle oare natuerlike fijannen fan dit bist meitsje by de jacht gebrûk fan in mûklaach om 'e Kaapske hazze oer it mad te kommen, of binne opportunistyske jagers dy't it hawwe moatte fan tafalstreffers. Men kin dan tinke oan it loaihoars (Panthera pardus), de karakal (Caracal caracal), de bûnte hyena (Crocuta crocuta), de sealjakhals (Lupulella mesomelas), de goudjakhals (Canis aureus) en de wolf (Canis lupus). Behalven dat Kaapske hazzen hiel hurd drave, kinne se ek goed klimme en swimme.
Kaapske hazzen hawwe gjin fêste peartiid mar kinne har yn prinsipe it hiele jier troch fuortplantsje. De draachtiid duorret 42 dagen, wêrnei't de moerhazze in nêst fan 1–3 jongen smyt. Ien moerhazze kin wol 6–8 kear yn 't jier smite. It tal jongen is seizoenaal bûn en bedraacht yn septimber yn trochsneed 1,0 en yn jannewaris trochinoar 1,9. Ek de hichte fan it wengebiet hat dêr ynfloed op: yn heger leine kriten is de smeetgrutte oer it algemien wat lytser as yn leger leine kontreien. Yn trochsneed smyt ien moerhazze 11,6 jongen yn 't jier. De haskes weagje by de berte 80–130 g. Se hawwe al hier en de eachjes binne iepen, sadat se frijwol daliks mobyl binne. Nei 3 wiken begjinne se foar it earst fêst iten te fretten en nei 4 wiken wurde se ôfwûn. Mei 4–5 moannen binne se folwoeksen en mei 7–9 moannen berikke se geslachtsrypheid. Kaapske hazzen libje maksimaal 5–6 jier, mar in protte eksimplaren oerlibje it earste libbensjier net iens.
Fretten
It dieet fan 'e Kaapske hazze is herbivoar en bestiet út gerzen, krûden en de blêden, twigen en beien fan ferskate strewellen. It is bekend dat dizze soarte, krekt as bgl. de wylde knyn (Oryctolagus cuniculus), oan kropofagy docht, wêrby't (in diel fan) de eigen kjitte wer opfretten wurdt om 'e maksimale hoemannichte fiedingsstoffen út it fretten te heljen.
Status
De Kaapske hazze hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Undersoarten
Der binne 12 (stân fan saken yn 2023) erkende ûndersoarten fan 'e Kaapske hazze (Lepus capensis):