It gebiet wurdt al bewenne sûnt de 8e iuw troch de Fenda- en Sesotofolken. Fan 1817 ôf wiene der ynfallen troch ferskate Ngunifolken, lykas de Matabele dy't út Natal ferdreaun wiene. Letter waard it gebiet kolonisearre troch de Boeren.
Tusken de jierren 1830 en 1850 trieken de Boeren, ôfstammelingen fan Nederlânske kolonisten, it gebiet binnen yn harren Grutte Trek. Dy Foartrekkers flechten foar it Britsk bewâld fan de Kaapkoloanje. Hja oermasteren de lokale stammen sûnder muoite te dwaan, om't hja bettere wapens hienen. De Boeren stiften yn dit gebiet ferskillende Boererepubliken.
Yn 1877 hie de republyk te kampen mei ekonomyske problemen en oanfallen fan Soeloes. Grut-Brittanje anneksearre Transfaal, sabeare om de Boeren te "rêden". De Boeren seagen de ynfal lykwols terjochte as in oarlochsferklearring, wat late ta de Earste Boere-oarloch. De Pretoriakonvinsje fan 1881 joech it gebiet it rjocht om himsels te regearen, ûnder de Britske flagge. Yn 1884 krige de republyk syn ûnôfhinklikheid werom. Al rillegau waard lykwols goud ûntdekt yn Wytwettersrâne (1885), wêrtroch't ôfgryslike protten nije kolonisten, de útlanners, it gebiet binnentrutsen. Yn 1895 besocht de premier fan de Kaapkoloanje, Cecil Rhodes, in steatsgreep tsjin it Transfaalske regear. Mar dizze Jameson Oerfal waard in fiasko. Der ûntstienen al gau geroften dat Dútslân de Boere-republyk stypje soe, wat de Britten ferûntrêste. Ut eangst foar Britske anneksaasje foelen de Boeren de Britten oan yn 1899. Sa begûn de Twadde Boere-oarloch, dy't de Boeren úteinlik ferlieze soenen.