Jerry Stiller (folút: Gerald Isaac Stiller ; New York , 8 juny 1927 – dêre, 11 maaie 2020 ) wie in Amerikaansk komyk en akteur , dy't it earste diel fan syn karriêre wurke as de iene helte fan it duo Stiller en Meara . De oare helte wie syn frou , Anne Meara , mei wa't er mear as sechstich jier troud wie en mei wa't er twa bern krige, ûnder wa de akteur Ben Stiller . Doe't er al op jierren begûn te reitsjen, makke Stiller in comeback dy't yn 1993 begûn mei syn weromkearende rol as Frank, de heit fan George Costanza yn 'e komeedzjesearje Seinfeld . Neitiid krige er ien fan 'e haadrollen as de eksintrike Arthur Spooner yn 'e komeedzjesearje King of Queens .
Libben en karriêre
Jonkheid en oplieding
Stiller waard yn 1927 berne yn it Unity Hospital yn 'e New Yorkske borough Brooklyn , as de âldste fan fjouwer bern yn 'e húshâlding fan William Stiller (1896 -1999 ), in bussjauffeur , en dy syn frou Bella Citron (1902 -1954 ). Hy wie fan etnysk Joadsk komôf ; syn pake en beppe oan heitekant wiene Joadske ymmigranten út Galysje (doe ûnderdiel fan Eastenryk-Hongarije , no yn 'e westlike Oekraïne ), wylst syn mem sels yn Poalen berne wie.
Stiller groeide op yn 'e wiken Williamsburg en East New York , foar't syn âlden har nei wenjen setten yn 'e Lower East Side fan Manhattan , dêr't Stiller fuortset ûnderwiis folge oan 'e Seward Park High School. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch tsjinne Stiller as soldaat yn it Amerikaanske Leger . Nei syn weromkear yn 'e Feriene Steaten studearre er oan 'e Universiteit fan Syracuse yn Syracuse (New York) , dêr't er yn 1950 in bachelortitel behelle yn spraak en drama . Yn 1953 kaam Stiller yn 'e kunde mei de aktrise en komediënne Anne Meara , mei wa't er yn 1954 troude .
Karriêre
Stiller makke yn 1953 syn debút as akteur yn in opfiering fan it toanielstik Coriolanus fan Shakespeare yn it Phoenix Theater op Broadway . Hy spile yn 'e 1950-er jierren yn ferskate oare foarstellings op Broadway, wêrûnder The Golden Apple ((1954 ), Diary of a Scoundrel (1956 ), The Power and the Glory (1958 ) en twa oare stikken fan Shakespeare: Measure for Measure en The Taming of the Shrew (beide yn 1957 ). Yn 1956 makke Stiller syn debút op 'e tillefyzje yn 'e searje Studio One in Hollywood , en yn 1970 wied er foar it earst op it wite doek te sjen yn 'e film Lovers and Other Strangers .
Ein jierren '50 stelde Stiller oan syn frou Anne Meara foar om komeedzje te dwaan. Se joegen har earst by it toanielselskip The Compass Players , mar giene al rillegau tegearre fierder as it komysk duo Stiller en Meara . Yn 1961 spilen se yn 'e meast foaroansteande nachtklubs yn New York, en in jier letter waarden se troch The New York Times omskreaun as "in nasjonaal fenomeen". Se hiene de hiele 1960-er jierren troch grut súkses, wêrby't se ek in soad te gast wiene yn tillefyzjeprogramma's , benammen The Ed Sullivan Show .
Yn 1970 holden Stiller en Meara op mei live optredens doe't harren gearwurking sa stroef waard dat harren houlik yn gefaar kaam. Neitiid begûnen se in nije karriêre mei it meitsjen fan reklamespotsjes foar de radio , wêrûnder in kampanje foar wyn fan it merk Blue Nun . Fan 1977 oant 1978 hiene se ek in eigen, yn syndikaasje útstjoerd radioprogramma mei sketchen fan fiif minuten, dat Take Five with Stiller and Meara hiet. Fan 1979 oant 1982 presintearren se ien kear yn 'e moanne op 'e tillefyzje HBO Sneak Previews , wêryn't se nije tillefyzjeprogramma's en films oankundigen. Yn 1986 hiene se fierders in eigen komeedzjesearje , The Stiller and Meara Show , dy't lykwols mar in koart libben beskern wie.
Jerry Stiller mei Anne Meara .
Yn 1993 makke Stiller mei 66 jier in comeback yn 'e útsûnderlik populêre komeedzjesearje Seinfeld , mei in weromkearende rol as de opljeppende driftkikkert Frank Costanza, de heit fan ien fan 'e haadpersoanen , George Costanza (spile troch Jason Alexander ). Hy spile dy rol yn 26 ôfleverings , oant de searje yn 1998 úteinlik stopsetten waard. Stiller krige rûnom lof taswaaid foar syn aktearjen, en waard yn 1997 nominearre foar in Emmy Award foar bêste gastrol yn in komeedzjesearje. Hy wûn der yn 1998 in American Comedy Award foar. Itselde jiers dat der in ein kaam oan Seinfeld , waard Stiller troch Kevin James frege foar in fêste rol yn syn nije komeedzjesearje King of Queens . Hy woe dat Stiller, dy't eins oan pinsjonearring tocht, de rol fan Arthur Spooner op him naam, de eksintrike skoanheit fan syn eigen personaazje Doug Heffernan. Stiller biet ta en spile tsien seizoenen lang yn King of Queens , oant de searje yn 2007 einige.
Stiller wurke ek gauris gear mei syn soan Ben, û.m. yn 'e films Zoolander , Hot Pursuit , The Heartbreak Kid en Zoolander 2 . Hy hie in cameo yn 'e komeedzjefilm Anchorman: The Legend of Ron Burgundy (2004 ), en gastrollen yn tillefyzjesearjes as L.A. Law (1993 ), In the Heat of the Night (1994 ), The Larry Sanders Show (1998 ), Sex and the City (2003 ) en The Good Wife (2011 ). Fierders wurke Stiller ek as stimakteur , lykas yn The Lion King 1½ (2004 ) en Planes: Fire and Rescue (2014 ), en fersoarge er voice-overs . Hy waard yn 2007 nominearre foar in Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn 'e film Hairspray .
Priveelibben
Stiller wie mear as sechstich jier troud mei Anne Meara , dy't er foar it earst mette yn it kantoar fan in casting director . Harren houlik duorre fan 1954 oant it ferstjerren fan Meara op 23 maaie 2015 . Mei har krige Stiller twa bern : in dochter , aktrise Amy Stiller (1961 ) en in soan , akteur Ben Stiller (1965 ). Yn 2001 skreau Stiller in autobiografy mei de titel Married to Laughter: A Love Story Featuring Anne Meara . Dêrfoar waard er yn 2001 nominearre foar in Grammy Award foar it bêste lústerboek . Hy skreau yn 2005 ek it wurd foarôf fan it boek Festivus: The Holiday for the Rest of Us , fan Allen Salkin , oer de fiktive hjeldei Festivus, dy't syn personaazje Frank Costanza yn Seinfeld betocht hie. Yn 2007 ûntfongen Stiller en Meara tegearre in stjer op 'e Hollywood Walk of Fame .
Ferstjerren
Jerry Stiller kaam op 11 maaie 2020 thús yn 'e Upper West Side fan Manhattan yn 'e âlderdom fan 92 jier te ferstjerren oan natuerlike deadsoarsaken.
Filmografy
Filmografy as akteur
jier
titel
rol of funksje
opmerkings
tillefyzje
1956
Studio One in Hollywood
sersjant Joe Capriotti
gastrol ; 1 ôfl.
1957
Studio One in Hollywood
Hugh
gastrol; 1 ôfl.
1957
The Big Story
Tyler
gastrol; ôfl. The Hoax
1959
Armstrong Circle Theatre
soldaat Elwood Johnson
gastrol; ôfl. Thunder Over Berlin
1962
The Defenders
sersjant Wysenski
gastrol; ôfl. The Empty Chute
1962
General Electric Theater
Harold
gastrol; ôfl. Acres and Pains
1964
Brenner
Chris Zelco
gastrol; ôfl. The Plain Truth
1964–1965
Linus the Lionhearted
?
weromkearende rol ; 3 ôfl.
1966–1978
The Mike Douglas Show
n.f.t.
as komyk ; 40 ôfl.
1967–1973
The Tonight Show Starring Johnny Carson
n.f.t.
as komyk; 14 ôfl.
1969
That's Life
himsels
gastrol; ôfl. Our First Fight
1971
The Courtship of Eddie's Father
dhr. Landon
gastrol; 1 ôfl.
1971
Love, American Style
Leonard Ferguson
gastrol; 1 ôfl.
1972
The Courtship of Eddie's Father
Paul Sterling
gastrol; 1 ôfl.
1972
The Carol Burnett Show
himsels
gastrol; ôfl. #6.8
1972–1973
The Paul Lynde Show
Barney Dickerson
weromkearende rol; 4 ôfl.
1973
Love, American Style
Harry
gastrol; 1 ôfl.
1975–1976
Joe and Sons
Gus Duzik
weromkearende rol; 14 ôfl.
1976
Phyllis
Burt Hillman
gastrol; ôfl. Phyllis and the Jumper
1976
Rhoda
Lloyd Zimmer
gastrol; ôfl. A Touch of Classy
1979
Time Express
Edward Chernoff
gastrol; ôfl. Garbage Man/Doctor's Wife
1979
The Love Boat
Harlan Weatherly
gastrol; 1 ôfl.
1981
The Love Boat
Tony Vitelli
gastrol; 1 ôfl.
1983
The Love Boat
Bud Hanrahan
gastrol; 1 ôfl.
1980–1982
Archie Bunker's Place
Carmine
weromkearende rol; 2 ôfl.
1981
Madame X
Burt Orland
tillefyzjefilm
1981
Hart to Hart
Myron Finkle
gastrol; ôfl. Murder Takes a Bow
1981
Private Benjamin
sersjant Muldoon
gastrol; ôfl. So Long, Sergeant Ross
1982
Simon & Simon
Harold Traxler
gastrol; ôfl. The Uncivil Servant
1982
Alice
Gordy
gastrol; ôfl. Do You Take This Waitress
1983
Reading Rainbow
Dinosaur Comic
gastrol; ôfl. Digging Up Dinosaurs
1983
Amanda's
Sal
gastrol; ôfl. You Were Meant for Me
1983
The Other Woman
Mel Binns
tillefyzjefilm
1984
Trapper John, M.D.
Artie Merrow
gastrol; ôfl. Where There's a Will
1985
The Equalizer
Brahms
gastrol; ôfl. Pilot
1985
Tales from the Darkside
Luther Mandrake
gastrol; ôfl. The Devil's Advocate
1986
Screen Two
Marty de Reske
gastrol; ôfl. The McGuffin
1987
Saturday Night Live
Stu
tillefyzjeprogramma mei komyske sketches ; ôfl. Charlton Heston/Wynton Marsalis
1988–1989
Tattingers
Sid Wilbur
weromkearende rol; 14 ôfl.
1989
Murder, She Wrote
resjersjeur Birnbaum
gastrol; ôfl. When The Fat Lady Sings
1990
Monsters
Victor
gastrol; ôfl. One Wolf's Family
1990
Sweet 15
Waterman
tillefyzjefilm
1991
American Playhouse
Sam
gastrol; 1 ôfl.
1991
Women & Men 2
Irving
tillefyzjefilm
1991
American Playhouse
Seymour Shapir
gastrol; 1 ôfl.
1992
Law & Order
Michael Tobis
gastrol; 1 ôfl.
1993–1998
Seinfeld
Frank Costanza
weromkearende rol; 26 ôfl. nom. Emmy Award foar treflike gastrol yn in komeedzjesearje
1993
L.A. Law
Nat Pincus
gastrol; ôfl. Rhyme and Punishment
1994
In the Heat of the Night
rabbyn Feldman
gastrol; ôfl. The Rabbi
1995
Homicide: Life on the Street
McGonnigal
gastrol; ôfl. In Search of Crimes Past
1996
Deadly Games
Phil Cullen
gastrol; ôfl. Dr. Kramer
1996
Law & Order
Sam Pokras
gastrol; 1 ôfl.
1997
Subway Stories
âldman
tillefyzjefilm
1998
Touched by an Angel
Maury Salt
gastrol; ôfl. Cry and You Cry Alone
1998
The Larry Sanders Show
himsels
gastrol; ôfl. I Buried Sid
1998
Hercules
earn
as stimakteur ; gastrol; ôfl. Hercules and the Promethus Affair
1998–2007
The King of Queens
Arthur Spooner
fêste rol ; 195 ôfl.
2000–2002
Teacher's Pet
Pretty Boy
as stimakteur; weromkearende rol; 11 ôfl.
2003
Odd Job Jack
Jim McDonald
gastrol; ôfl. A Candidacy of Dunces
2003
Sex and the City
dhr. Brady
gastrol; ôfl. One
2009
Wonder Pets!
âlde wite mûs
as stimakteur; weromkearende rol; 2 ôfl.
2009
Mercy
Joe Thalberg
gastrol; ôfl. The Last Thing I Said Was
2010
Ice Dreams
Skipper
tillefyzjefilm
2010–2011
Fish Hooks
rektor Stickler
as stimakteur; weromkearende rol; 21 ôfl.
2011
The Good Wife
rjochter Felix Afterman
gastrol; ôfl. Silver Bullet
2014
How Murray Saved Christmas
Murray Weiner
as stimakteur; tillefyzjefilm
2016
Zoolander: Super Model
Maury Ballstein
as stimakteur; tillefyzjefilm
films
1970
Lovers and Other Strangers
Jim
net fermeld op ôftiteling
1974
The Taking of Pelham One Two Three
resjersjeur Rico Patrone
1974
Airport 1975
Sam
1976
The Ritz
Carmine Vespucci
1977
Nasty Habits
P.R. Priest
1980
Those Lips, Those Eyes
dhr. Shoemaker
1986
Seize the Day
dokter Tamkin
1987
Hot Pursuit
Victor Honeywell
1987
Nadine
Raymond Escobar
1988
Hairspray
Wilbur Turnblad
1989
That's Adequate
Sid Lane
1990
Little Vegas
Sam
1992
Highway to Hell
plysjeman oan buro
1992
Freefall
Emily har heit
koarte film
1993
The Pickle
Phil Hirsch
1995
Heavyweights
Harvey Bushkin
1997
Die Story von Monty Spinnerratz
professor Plumpingham
1997
Camp Stories
Schlomo
1997
Stag
Ted
1997
The Deli
Petey Cheesecake
1999
A Fish in the Bathtub
Sam Kaplan
1999
Secret of the Andes
dr. Golfisch
1999
The Suburbans
Speedo Silverburg
2000
The Independent
Monty Fineman
2000
My 5 Wives
Don Giovani
2000
Chump Change
kolonel
2001
Zoolander
Maury Ballstein
2001
On the Line
Nathan
2002
Serving Sara
Milton de plysjeman
2004
Teacher's Pet
Pretty Boy
as stimakteur
2004
The Lion King 1½
omke Max
as stimakteur
2004
Anchorman: The Legend of Ron Burgundy
man yn kafee
cameo ; net fermeld op ôftiteling
2005
R30: 30th Anniversary World Tour
himsels
2007
Hairspray
dhr. Pinky
nom. Screen Actors Guild Award foar treflike cast yn in film
2007
The Heartbreak Kid
Doc
2008
Snakes & Arrows Live
Heidi
2011
Swinging with the Finkels
dhr. Winters
2012
Foodfight!
generaal X
as stimakteur
2012
Excuse Me for Living
Morty
2014
Planes: Fire & Rescue
Harvey
as stimakteur
2016
Zoolander 2
Maury Ballstein
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes