De Jeropeeske wegen binne diken dy't troch de letter E en guon sifers oantsjutten wurde. It nûmeringsysteem waard troch de Jeropeeske Ekonomyske Kommisje fan de Feriene Naasjes (UNECE) ûntwikkele. It netwurk wurdt nûmere fan E1 ôf en heger en de diken dêrfan rinne oer nasjonale grinzen hinne. It netwurk rint oant yn Sintraal-Aazje en Lyts-Aazje ta, om't dy lannen lid fan de UNECE binne. De rûte wurdt almeast oer autodiken en guon gefallen oer autowegen laat.
Yn de measte lannen, binne de diken mei de Jeropeeske nûmers nûmere, njonken de nasjonale nûmers. Yn Belgje, Noarwegen en Sweden hawwe de diken allinnich de Jeropeeske nûmers (bygelyks E18 en E6). It Feriene Keninkryk brûkt allinnich syn eigen nûmers, en net de Jeropeeske. Yn Denemark wurde allinnich de Jeropeeske nûmers brûkt, mar dêr binne ek offisjele nammen foar de autodiken, dy't bygelyks yn it nijs en de waarberjochten brûkt wurde. Yn Nederlân en Dútslân ferskine de Jeropeeske nûmers njonken de eigen nasjonale nûmers.
It earste netwurk fan E-diken komt fan de 1950-er jierren. Op 16 septimber1950 waard der yn Genève in ferdrach ûndertekene dêr't in ferklearring foar it bouwen fan haadwegen yn fêststeld waard. Oant hjoed-de-dei hawwe 27 lannen dat ferdrach ûndertekene.
Yn 1975 waard der i nij ferdrach sletten. Mei útsûndering fan Spanje en Ierlân, trêden de 27 lannen, dy't by it âlde ferdrach oansletten wiene, ek ta ta it nije ferdrach.
De wichtichste E-diken krigen de nûmers fan E1 oant en mei E22, letter útwreide oant en mei E27. De E28, E29 en E30 wiene reservenûmers en waarden nea takend. De bywegen krigen in nûmer fan E31 oant E92, en letter noch útwreide oant en mei E126. Yn de rin fan de jierren, waarden der likernôch 27 kear oanpassings dien yn it netwurk.