It Heechgerjochtshôf fan de Feriene Steaten waard yn 1789 oprjochte neffens kêst III fan 'e Amerikaanske Grûnwet. It is it iennichste diel fan 'e Amerikaanske rjochterlike macht dat weromgiet op 'e Grûnwet; alle oare gerjochtshôven en rjochtbanken binne ynsteld troch it Amerikaanske Kongres. It Heechgerjochtshôf fan de Feriene Steaten is de hoeder en hanthavener fan 'e Amerikaanske Grûnwet en fan 'e Amerikaanske federale wetjouwing, hoewol't de ynfloed derfan beheind is ta rjochtsaken dêr't it jurisdiksje oer hat. It is it ultime hôf fan berop yn 'e Feriene Steaten, ferlykber mei de Ried fan Steat yn Nederlân. Sadwaande binne de útspraken fan it Heechgerjochtshôf finaal, wat betsjut dat der net fierder tsjin yn heger berop gien wurde kin. It hôf kin der trouwens ek foar kieze om oan te jaan dat it fynt dat it sels yn in beskate saak gjin foech hat; dêrmei wurdt sa'n saak weromferwiisd nei it fûnis fan in legere rjochtbank.
Hjoed oan 'e dei wurde de leden fan it Heechgerjochtshôf fan de Feriene Steaten ornaris klassifisearre as konservatyf, moderaat of progressyf (yn 'e Feriene Steaten liberal neamd) yn harren politike en maatskiplike opfettings en juridyske ynterpretaasje. By eltse rjochtsaak dy't it Heechgerjochtshôf oanheart, hat elts fan 'e leden ien stim, en hoewol't in protte saken mei unanime stimmen beslist wurde, komt út 'e wichtichste en/of kontroversjeelste saken gauris in dúdlik ferskil yn ideologyske opfettings nei foarren tusken benammen de konservative en de progressive leden. Dêrby kin yn 'e regel de miening fan 'e konservative leden lykslein wurde mei dy fan 'e Republikeinske Partij, wylst de miening fan 'e progressive leden oerienkomt mei dy fan 'e Demokratyske Partij.
Utspraken fan it Heechgerjochtshôf fan de Feriene Steaten kinne mei opsetsin troch it Amerikaanske Kongres weromdraaid wurde troch in amendemint oan 'e grûnwet ta te foegjen. Dat is yn 'e Amerikaanske skiednis fiif kear bard:
Dred Scott v. Sandford (1857), oer de fraach oft in neger, oft dy no frij of slaaf wie, mar waans foarâlden as slaven nei de Feriene Steaten ta brocht wiene, in Amerikaansk steatsboarger wêze koe (it Heechgerjochtshôf fûn fan net), weromdraaid troch tafoeging fan it Trettjinde Amendemint (1865)