Grutte see-ein

Grutte see-ein

Jerk

Wyfke.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai see-einen (Melanitta)
soarte
Melanitta fusca
Linnaeus, 1758
IUCN-status: gefoelich
ferspriedingsgebiet
     simmerfûgel
     wintergast

De grutte see-ein (Melanitta fusca) is in einfûgel út it skaai see-einen (Melanitta).

Beskriuwing

De grutte see-ein is 51 oant 56 sm lang mei in spanwiidte fan 90 oant 99 sm. It is in relatyf grutte see-ein mei in dikke nekke, in lange brede snaffel en in puntige sturt.

It jerkje is glânzgjend swart mei in wite plak by it each en in wite wjukspegel. Syn snaffel is foar in part oranje. It wyfke is bruner, net glânzgjend en hat ek in wite spegel. Fierder hat it wyfke op 'e wangen twa ljochte plakken.

Fersprieding

De fûgels briede yn it noarden fan Europa fan Noarwegen oant de Jenisej yn Sintraal-Sibearje en fan dêr nei it suden oant it noardeasten fan Kazachstan. Grutte see-einen brieden ek yn Armeenje, Georgje, Turkije en Turkmenistan, mar dêr is de fûgel as briedfûgel ferdwûn. Allinne Georgje hat noch in ôfnimmende briedende populaasje mei yn 2017-2018 noch mar 25 oant 35 pearkes by de Tabatskoerimar.

Foar de winter trekt de soarte nei súdliker gebieten mei in minder kâld klimaat oant it noarden fan Spanje, dielen fan Súdeast-Europa, de Swarte en de Kaspyske See. It grutste oerwinteringsgebiet foarmet de Eastsee. Se swimme winterdeis yn grutte groepen, deun op inoar en se fleane faak ek ei inoar op.

Ek Nederlân heart ta it oerwinteringsgebiet fan 'e fûgel. Se binne fral op 'e westlike Waadsee en de Noardseekust fan 'e eastlike Waadsee-eilannen te finen. Oant de jierren 1990 gie dat om oantallen tusken 1.000 oant 13.000 eksimplaren. Hjoed-de-dei (2024) binne dat noch mar 200 oant 800 eksimplaren en dêrmei hat de fûgel foar wat Nederlân oanbelanget it nivo werom fan healwei de jierren 1970. It tebekrinnen hâldt nei alle gedachten ferbân mei de ôfnimmende populaasje op 'e Eastsee. As briedfûgel komt de soarte yn Nederlân net foar.

Nêst

De fûgels begjinne yn 'e âldens fan twa jier mei it brieden. De nêsten wurde op 'e grûn boud, meast tichteby de see, marren of rivieren yn bosken of op 'e tûndra. It nêst leit goed ferside tusken tichte begroeiïng en bestiet trochstrings út 7 oant 9 rjemmewite aaien. Nei 27 oant 28 dagen brieden troch it wyfke komme de aaien út. De piken wurde troch it wyfke fersoarge en binne nei 30 oant 40 dagen selsstannich.

Status

Yn 'e jierren 1992-1993 waard de oerwinterjende populaasje yn Noardwest-Europa op likernôch 1 miljoen fûgels rûsd. Dêrnei sette in flugge delgong yn. De oerwinterjende populaasje op 'e Eastsee sakke fan likernôch 933.000 (1992-1993) oant likernôch 373.000 (2007-2009). Foaral yn 'e wintergebieten foarmje de fisknetten by it sykjen nei iten in bedriging foar de fûgels. De yntroduksje fan 'e Amerikaanske nerts kin de Skandinavyske populaasje oantaaste en in oare ynvasive eksoat, de swartbekgrondel (Neogobius melanostomus) yt wringelreaze dierkes fan 'e boaiem en kin dêrom de fiedselfoarried fan 'e see-einen yn 'e Baltyske See beynfloedzje. Oaljeloazingen op see kinne grutte ynfloed op 'e populaasje, om't de bisten yn grutte kloften by inoar libje. Oare redenen fan 'e tebekgong fan 'e fûgels foarmje de fûgelgryp, degradaasje fan it biotoop en de oanlis fan wynmûneparken op see. Ek klimaatferoaring kin foar de takomst gefolgen foar de fûgelsoarte ha. De IUCN klassifisearret de fûgel dêrom as gefoelich op 'e Reade list.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: